Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 5 - Presidint Nixon kûndiget de ûntwikkeling fan in romtefear oan dat hieltyd wer brûkt wurde kin: it Spaceshuttleprogramma. 12 - De Amerikaanske tillefyzjesearje All in the Family ferskynt op de Nederlânske tillefyzje. 21 - Joegoslaavje ûnderdrukt in demokratisearringsbeweging yn 'e dielrepublyk Kroaasje, dy't bekend stiet as de Kroätyske Maityd. 25 - It eardere molkfabryk fan Wiuwert baarnt ôf. 30 - Bloedige Snein: yn it Noardierske Londonderry iepenet it Britske Leger it fjoer op freedsume roomske demonstranten. Dêrby komme 13 ûnwapene boargers om.
febrewaris 3-13 - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Sapporo, Japan. 21 - De Amerikaanske presidint Richard Nixon bringt in steatsbesyk oan 'e Folksrepublyk Sina. Nettsjinsteande alle ûnderlinge ferskillen wurde de relaasjes tusken de Feriene Steaten en Sina oanhelle, om't se in fijân gemien hawwe yn 'e Sovjet-Uny.
maart 5 - Atje Keulen- Deelstra wurdt op It Hearrenfean foar de twadde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles. 30 - It selsbestjoer fan Noard-Ierlân wurdt troch it Britske regear ynlutsen.
maaie 15 - Arthur Bremer docht in moardoanslach op 'e rasistyske Amerikaanske gûverneur fan Alabama George Wallace. Dy oerlibbet it, mar rekket bliuwend ynfalide. 26 - De Amerikaanske presidint Richard Nixon en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev ûndertekenje it SALT I-ferdrach, dat it tal atoomwapens fan 'e beide supermachten beheine moat.
juny 17 - De Amerikaanske plysje arrestearret 5 ynbrekkers yn it Watergate-gebou, yn Washington, D.C., dêr't it haadkantoar fan 'e Demokratyske Partij fêstige is. Begjin fan it Watergate-skandaal, wêryn't oan it ljocht komt dat de ynbrekkers yn opdracht wurken fan 'e (Republikeinske) presidint Richard Nixon. 24 - Yn Fryslân fynt it earste optreden fan 'e Blauhúster Dakkapel plak.
july 1 - Oan de ein fan 30 juny (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege.
augustus 2-11 augustus - De Paralympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Heidelberch. 2 - Piet de Jong, Bert Rinia en André Roosenburg winne yn Frjentsjer de 119e PC. Bert Rinia wurdt útroppen ta kening. 5 - De Ugandeeske diktator Idi Amin wiist alle Ynjers yn syn lân út. 25 - Yn Noard-Brabân hat op de Rykswei 16 de ferkearsramp by Prinsenbeek werby 13 minsken om it libben komme. 26-11 septimber - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn München.
septimber 5 - By it Bloedbad fan München gizelje en deadzje leden fan 'e ekstremistyske Palestynske groep Swarte Septimber 9 leden fan it Israelysk Olympysk team op 'e Olympyske Spullen yn München.
novimber 13 - In tige swiere stoarm waait oer Nederlân. Op Skylge wurdt in wynstjit fan 151 km yn it oere metten.
desimber 23 - By de swiere ierdbeving fan Nikaragûa komme yn dat lân 11.000 minsken om.
Berne jannewaris 7 - Svetlana Zjoerova, Russysk reedrydster 15 - Kobe Tai, Amerikaansk pornoaktrise febrewaris 7 - Stephanie Swift, Amerikaansk pornoaktrise 11 - Marisa Petroro, Amerikaansk model 17 - Ralphie May, Amerikaansk akteur en stand-up comedian († 2017) 17 - Taylor Hawkins, Amerikaansk drummer († 2023) 17 - Jean Johnson, Amerikaansk skriuwster 17 - SaRenna Lee, Amerikaansk neakenmodel 20 - Tjitske Reidinga, Frysk aktrise 22 - Claudia Pechstein, Dútsk reedrider maart 3 - Jissy de Wolf, Frysk roeister 25 - Erna Brinkman, Frysk follybalster april 3 - MoniKat, Hongaarsk pornoaktrise 4 - Nico Outhuijse, Frysk muzikant 4 - Isabelle Brinkman, Nederlânsk televyzjepresintatrise en radio dj. 10 - Frank Lammers, Nederlânsk akteur 20 - Carmen Electra, Amerikaansk model, aktrise en sjongster 25 - Sofia Helin, Sweedsk aktrise. maaie 2 - Dwayne Johnson ("The Rock"), Amerikaansk akteur en showwrakseler 7 - Barbara Doll, Frânsk pornoaktrise († 2023) 9 - Lisa Ann, Amerikaansk pornoaktrise 12 - Aleksander Golûbev, Russysk reedrider 21 - The Notorious B.I.G., Amerikaansk muzikant († 1997) 22 - Annabel Chong, Singapoereesk pornoaktrise juny 1 - Shae Marks, Amerikaansk neakenmodel en aktrise 10 - Joyce Oliveira, Brazyljaansk pornoaktrise 11 - Rhyse Richards, Amerikaansk pornoaktrise 15 - Poppy Montgomery, Australysk-Amerikaansk aktrise 29 - Rosa Caracciolo, Hongaarsk-Italjaansk pornoaktrise july 22 - Angela Little, Amerikaansk neakenmodel en aktrise 28 - Nick Lang, Hongaarsk pornoakteur augustus 23 - Erika Bella, Hongaarsk pornoaktrise 30 - Christy Lemire, Amerikaansk filmkritika 31 - Phina Oruche, Britsk aktrise, model en radiopresintatrise septimber 1 - Eden DD, Amerikaansk pornoaktrise 3 - Tim Lobinger, Dútsk atleet († 2023) 10 - Justin Slayer, Amerikaansk pornoakteur, -regisseur en -produsint 19 - N.K. Jemisin, Amerikaansk skriuwster en aktiviste 23 - Harley Raine, Amerikaansk pornoaktrise 27 - Bibian Mentel, Nederlânsk snowboarder († 2021) 27 - Clara Hughes, Kanadeesk reedrydster en hurdfytster oktober 14 - Nyomi Banxxx, Amerikaansk pornoaktrise 29 - Tracee Ellis Ross, Amerikaansk aktrise novimber 1 - Jenny McCarthy, Amerikaansk presintatrise, aktrise en model 6 - Rebecca Romijn, Amerikaansk model en aktrise 7 - Bianca Trump, Amerikaansk pornoaktrise 8 - Erica Everest, Amerikaansk neakenmodel 23 - Veronica Avluv, Amerikaansk pornoaktrise desimber 1 - Svetlana Bazjanova, Russysk reedrydster 6 - Brittany O'Connell, Amerikaansk pornoaktrise 20 - Lolita, Russysk pornoaktrise 29 - Barry Atsma, Nederlânsk-Britsk akteur datum ûnbekend Robyn Curnow, Súdafrikaansk ferslachjouster en nijslêzeresse Crista Moore, Amerikaansk aktrise, sjongster en dûnseresse
Ferstoarn jannewaris 1 - Bé Nijenhuis, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1914) maart 27 - Maurits Cornelis Escher, Frysk keunstner (* 1898) april 7 - Abeid Karume, Tanzaniaansk politikus (* 1905) 19 - Luigi Poggi, Italjaansk siler (* 1906) 23 - Hein Vos, Frysk ekonoom en politikus (* 1903) maaie 4 - Paulus Folkertsma, Frysk ûnderwizer, bestjoerder en komponist (* 1901) juny 25 - Carlo Agostoni, Italjaansk skermer (* 1909) july 31 - Rudolf Muuß, Noardfrysk predikant, bestjoerder en politikus (* 1892) augustus 9 - Hubert Caldwell, Amerikaansk roeier (* 1907) septimber 22 - Kenneth Myers, Amerikaansk roeier (* 1896) oktober 1 - Louis Leakey, Britsk-Keniaansk argeolooch en paleöntolooch (* 1903) 24 - Jan Reitsma, Frysk keatser (* 1895) novimber 1 - Ezra Pound, Amerikaansk dichter (* 1885) 14 - Piet Oberman (skûlnamme Piet Kramer), Frysk fersetsman, haad fan 'e KP Fryslân (* 1908) 21 - Klaas Hanzen Heeroma, Skylger dichter en taalkundige (* 1909) desimber 20 - Hendrik Voordewind, Nederlânsk skriuwer en plysjeman (* 1887) 21 - Hugh Edwards, Ingelsk roeier (* 1906) 26 - Harry Truman, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1884)
Literatuer romans Marilyn Durham - The Man Who Loved Cat Dancing Jan Terlouw - Oorlogswinter (oerset yn it Frysk as Oarlochswinter)
Films Conquest of the Planet of the Apes Kung Fu Mama
Kategory:20e iuw