Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris 11 - It Lemster Manljuskoar wurdt oprjochte. febrewaris 7 - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op Noard-Fjetnam. 18 - Gambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 21 - Moard op 'e kontroversjele swarte Amerikaanske aktivist Malcolm X. maart 8 - De earste Amerikaanske gefjochtstroepen arrivearje yn Súd-Fjetnam om aktyf ynset te wurden by de striid yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch. 18 - De Sovjet-kosmonaut Aleksej Leonov makket as earste minske in romtewanneling. 21 - Begjin fan 'e troch de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging organisearre Marsen fan Selma nei Montgomery, yn 'e Amerikaanske steat Alabama. april 28 - De Feriene Steaten dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk. juny 26 - De Maldiven wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 30 - It Nederlânske keunstnerskollektyf De Bende van de Blauwe Hand hâldt syn earste tentoanstelling. augustus 4 - Hein Zijlstra, Martinus Santema en Gerrit Langerak winne yn Frjentsjer de 112e PC. Hein Zijlstra wurdt útroppen ta kening. 6 - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Nasjonale Stimrjochtwet fan 1965, wêrmei't it yllegaal wurdt om op lykfol hokker wize tsjin te hâlden dat minsken gebrûk meitsje fan harren stimrjocht (wat yn it Amerikaanske Suden oant no ta struktureel barde om swarten harren rjochten te ûntnimmen). 9 - Singapoer wurdt ûnôfhinklik fan Maleizje. 11 - Yn Los Angeles brekt yn 'e swarte wyk Watts de Opskuor fan Watts út, wêrby't 36 deaden falle en foar $175 miljoen oan skea oanrjochte wurdt. septimber 6 - De Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965 brekt út. Yndiaaske troepen falle Pakistan binnen en marsjearje op nei de miljoenestêd Lahoare. 9 - De orkaan Betsy rjochtet slimme skea oan yn 'e Feriene Steaten, yn 'e krite by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns. Der falle 81 deaden en der wurdt foar $1,4 miljard oan skea oanrjochte. 22 - Nei de Yndiaaske ferovering fan Lahoare moat Pakistan ynbine. Der wurdt in wapenstilstân sletten, dy't yn 'e praktyk in ein makket oan 'e Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965. oktober 1 - Yn Yndoneezje mislearret in kommunistyske steatsgreep (de saneamde Oktoberrevolte), ûnder lieding fan kolonel Oentoeng, it haad fan 'e liifwachten fan presidint Soekarno. Neitiid komt der in massamoard op gong, wêrby't nei skatting 500.000 oant 3 miljoen minsken ombrocht wurde: net allinnich kommunisten, mar elts dy't fan kommunistyske sympatyen fertocht wurdt. novimber 9 - By de Black-out fan 1965 falt yn acht steaten yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten en yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario in jûn de elektrisiteit út. Njoggen moannen letter is der in baby boom. 11 - De Republyk Rodeezje ferklearret him ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 28 - Oan 'e Mars op Washington foar Frede yn Fjetnam, in grutte demonstraasje tsjin 'e Fjetnamoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dogge sa'n 25.000 minsken mei. desimber 15 - De Nederlânske keninginne Juliana iepenet de Seelânbrêge.
Berne jannewaris 13 - Elizabeth Haydon, Amerikaansk skriuwster 8 - Jean-Yves Lecastel, Frânsk pornoakteur 10 - Abe de Vries, Frysk dichter en oersetter febrewaris 2 - Ramon, Amerikaansk pornoakteur 9 - Igor Malkov, Russysk reedrider 28 - Patricia Briggs, Amerikaansk skriuwster maart 11 - Diana Woei, Nederlânsk meteorologe en waarfrou 27 - Simona Brambilla, Italjaansk non 30 - Jacqueline Börner, Dútsk reedrydster april 6 - Yvette Bova, Amerikaansk bodybuildster en pornoaktrise 9 - Paulina Porizkova, Tsjechysk-Sweedsk model en aktrise 27 - Vincent Bijlo Nederlânsk kabaretier, skriuwer en kollumnist maaie 16 - Krist Novoselic, Amerikaansk bassist 27 - Simone Scheffer, Frysk presintatrise juny 8 - Paul en Stephen Youll, Ingelsk yllustrators en boekbânûntwerpers (twilling) 13 - Dirk van der Veen, Frysk skriuwer († 2015) 17 - Dan Jansen, Amerikaansk reedrider 28 - Alex van Galen, Nederlânsk senarioskriuwer july 18 - Marjon Wijnsma, Frysk atlete 22 - Joke de Kruijf, Nederlânsk musicalaktrise en sopraan 31 - J.K. Rowling, Ingelsk skriuwster septimber 19 - Helen Duval, Nederlânsk pornoaktrise en -produsinte oktober 18 - Kristen Britain, Amerikaansk skriuwster desimber 17 - Ronald Giphart, Nederlânsk skriuwer 20 - Coos Veltman, Frysk keatser datum ûnbekend Manohla Dargis, Amerikaansk filmkritika Juliet E. McKenna, Ingelsk skriuwster Jane Porter, Amerikaansk skriuwster
Ferstoarn jannewaris 4 - T.S. Eliot, Amerikaansk-Ingelsk dichter en útjouwer (* 1888) febrewaris 1 - Pieter Taekes van der Herberg, Frysk jurist en fersetsman (* 1906) 21 - Malcolm X, Amerikaansk aktivist (* 1925) 23 - Stan Laurel, Ingelsk komyk en akteur (* 1890) 26 - Julius Skutnabb, Finsk reedrider (* 1889) maart 11 - Uiltje Tijmstra, Frysk keatser en skoalmaster (* 1886) 13 - Fan Noli, Albaneesk politikus, geastlike, skriuwer en oersetter (* 1882) 28 - Richard Beesly, Ingelsk roeier (* 1907) april 13 - Willard Schmidt, Amerikaansk basketballer (* 1910) 18 - Renzo Minoli, Italjaansk skermer (* 1904) maaie 3 - Alajos Keserű, Hongaarsk wetterpoloër (* 1905) july 29 - Robert Wade King, Amerikaansk heechspringer (* 1906) augustus 24 - Ids Wiersma, Frysk keunstskilder (* 1878) 30 - Minze de Vries, Frysk keatser (* 1874) septimber 4 - Albert Schweitzer, Dútsk dokter, teolooch, filosoof, muzikant en ûntwikkelingswurker (* 1875) 4 - Tommy Hampson, Ingelsk atleet (* 1907) novimber 7 - Reinder Sierks Roorda, Frysk geneälooch en skriuwer (* 1894) desimber 1 - Michael Rocque, Yndiaask hockeyer (* 1899) 3 - Jan Tjittes Piebenga, Frysk sjoernalist en frisiast (* 1910) 26 - Jarich de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer (* 1915)
Films Doctor Zhivago For a Few Dollars More The Heroes of Telemark The Sons of Katie Elder Thunderball Winnetou 3. Teil
Kategory:20e iuw