Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Kameroen wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 4 - Denemark, Eastenryk, it Feriene Keninkryk, Noarwegen, Portegal, Sweden en Switserlân rjochtsje de Jeropeeske Frijhannelsassosjaasje (EFTA) op. febrewaris 13 - Frankryk bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing. 18-28 - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Squaw Valley, de Feriene Steaten. maart 6 - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch meitsje de Feriene Steaten bekend dat der 3.500 Amerikaanske troepen nei Súd-Fjetnam stjoerd wurde. 21 - Yn Súd-Afrika fynt it Bloedbad fan Sharpeville plak as de plysje it fjoer iepenet op swarte demonstranten. 28 - De earste stjer fan 'e Hollywood Walk of Fame wurdt pleatst (te witten dy fan regisseur Stanley Kramer). april 1 - Yn 'e Feriene Steaten wurdt de earste waarsatellyt, TIROS-1, lansearre. 27 - Togo wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. maaie 1 - In Sovjet-raket sjit in Amerikaansk Lockheed U-2-spionaazjefleantúch del. 20 - Teäter De Lawei, yn Drachten, wurdt iepene. 22 - De ierdbeving fan Valdivia, yn Sily, is swierste ierdbeving dy't ea fêststeld is, mei in krêft fan 9,5 op 'e skaal fan Richter. Hy feroarsaket in tsûnamy fan 25 m heech dy't de Sileenske kust teheisteret en de Grutte Oseaan oerstekt om op 'e Hawaï-eilannen de havenstêd Hilo mei de grûn lyk te meitsjen en dêrnei ferwuostgings oan te rjochtsjen op 'e kust fan Japan. Der komme 1.000 oant 7.000 minsken om. 23 - De Israelyske premier David Ben Gurion makket bekend dat de Dútske oarlochsmisdiediger Adolf Eichmann troch de Israelyske geheime tsjinst út Argentynje (dêr't er nei de Twadde Wrâldoarloch syn taflecht socht hie) ûntfierd is. 27 - By in steatsgreep yn Turkije nimt it leger de macht oer. juny 26 - Britsk-Somalilân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk ûnder de namme Steat Somalilân. 26 - Madagaskar wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 30 - De Demokratyske Republyk Kongo, de eardere Belgyske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Belgje. july 1 - Somaalje, it eardere Italjaansk-Somalilân, wurdt ûnôfhinklik fan it tafersjoch troch de Feriene Naasjes, dat útoefene waard troch Itaalje, en ferienet himsels mei de Steat Somalilân, it eardere Britsk-Somalilân. 20 - De Malineeske Federaasje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 28 - It Reade Skisma tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina fynt plak. De beide kommunistyske grutmachten krije spul en ferbrekke de ûnderlinge relaasjes. augustus 1 - Benyn wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 3 - Jan Sijtsma, Johannes Zijlstra en Dirk van der Zee winne yn Frjentsjer de 107e PC. Johannes Zijlstra wurdt útroppen ta kening. 3 - Niger wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 5 - It lettere Boerkina Faso wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk ûnder de namme Opper-Folta. 7 - Ivoarkust wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 11 - Tsjaad wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 13 - De Sintraal-Afrikaanske Republyk wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 15 - De Republyk Kongo, de eardere Frânske Kongo, wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 16 - Syprus wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 17 - Gabon wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 20 - Senegal makket him los fan 'e Malineeske Federaasje en wurdt in ûnôfhinklik lân. 25-11 septimber - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Rome. septimber 14 - By in steatsgreep yn 'e Demokratyske Republyk Kongo komt kolonel Joseph-Desiré Mobutu oan 'e macht. 18-25 - De earste Paralympyske Simmerspullen wurde holden yn Rome, Itaalje. 22 - De rompsteat fan 'e Malineeske Federaasje giet fierder ûnder de namme Republyk Maly. oktober 1 oktober - Nigearia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 13 - Der docht him yn 'e Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes yn New York in ferneamd ynsidint foar, wêrby't Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov syn skoech útdocht en dêrmei op it sprekstuolte omtimmeret om syn ûntkenning krêft by te setten nei't de fertsjintwurdiger fan 'e Filipinen oppenearre hat dat yn it ramt fan 'e dekolonisaasje ek de Eastbloklannen harren selsstannigens weromkrije moatte. 14 - Yn Nederlân wurdt bekend dat ûnder Grinslân in ûnbidich grut ierdgasfjild ûntdutsen is. novimber 8 - De Demokraat John F. Kennedy wint de Amerikaanske presidintsferkiezings en ferslacht dêrby syn Republikeinske tsjinstanner Richard Nixon. Kennedy wurdt de earste roomske presidint fan de Feriene Steaten. 28 - Mauretaanje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. desimber 14 - Achttjin Jeropeeske lannen rjochtsje yn 'e mande mei Kanada en de Feriene Steaten de Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OESO) op.
Berne febrewaris 15 - Bjørg Eva Jensen, Noarsk reedrydster 16 - Tineke Huizinga, Frysk politika maart 2 - Peter F. Hamilton, Ingelsk skriuwer april 3 - Arjen Anthony Lucassen, Nederlânske multy-instrumintalist 6 - Eric Hoekstra, Fryske taalkundige, skriuwer en útjouwer 8 - John Schneider, Amerikaanske akteur en countrysjonger 16 - Jetske Bilker, Fryske skriuwster en oersetster 23 - Valerie Bertinelli, Amerikaansk aktrise juny 22 - Erin Brockovich, Amerikaansk konsuminterjochte- en miljeu-aktiviste july 23 - Onno Meijer, Fryske akteur en keunstrider († 2008) augustus 12 - Laurent Fignon, Frânsk hurdfytser († 2010) 31 - Johannes van Dijk, Frysk keatser (* 2016) oktober 30 - Diego Maradona, Argentynske fuotballer († 2020) novimber 16 - Mike Mignola, Amerikaanske striptekener 18 - Thea Sybesma, Nederlânske triatlete en duatlete 22 - Victoria Paris, Amerikaanske pornoaktrise desimber 12 - Carlo de Leeuw, Nederlânske proffuotballer († 2020)
datum ûnbekend Minnie Beets, Frysk-Kanadeesk goudsykster en realitypersoanlikheid Jeanne C. Stein, Amerikaansk skriuwster
Ferstoarn jannewaris 2 - Chris van Abkoude, Nederlânsk skriuwer (* 1880) 2 - Fausto Coppi, Italjaansk hurdfytser (* 1919) 4 - Albert Camus, Frânsk skriuwer (* 1913) 14 - Karl Bähre, Dútsk wetterpoloër (* 1899) 22 - frelle Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, Nederlânsk filantrope (* 1869) febrewaris 14 - Roelof Klein, Frysk roeier (* 1877) 25 - Ali Shaukat, Pakistaansk hockeyer (* 1897) 28 - Wijbren Elgersma, Frysk politikus en boargemaster (* 1896) maart 10 - Anton Molkenboer, Nederlânsk keunstner (* 1872) april 28 - Anton Pannekoek, Nederlânsk astronoom en marxist (* 1873) maaie 4 - Pedro Arispe, Oerûguayaansk fuotballer (* 1900) 23 - Georges Claude, Frânsk yngenieur, skiekundige en útfiner (* 1870) 26 - André Jousseaume, Frânsk hynstesporter (* 1894) 30 - Boris Pasternak, Russysk dichter, skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1890) 31 - Willem Elsschot, Flaamsk skriuwer (* 1882) septimber 5 - Héctor Castro, Oerûguayaansk fuotballer (* 1904) 6 - György Piller, Hongaarsk skermer (* 1899) oktober 5 - Alfred L. Kroeber, Amerikaansk antropolooch en argeolooch (* 1876) 24 - Jouke Broer Schuil, Frysk skriuwer en toanielkritikus (* 1875) novimber 16 - Clark Gable, Amerikaansk akteur (* 1901) 17 - jhr. Dirk Jan de Geer, premier fan Nederlân (* 1870) 24 - Salomon de Wolff, Frysk ekonoom, politikus en sionist ([* 1878)
Films G.I. Blues Spartacus
Literatuer novelles Elie Wiesel, L'Aube (oerset yn it Frysk as De Dage)
Kategory:20e iuw