Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - De Jeropeesk Ekonomyske Mienskip trêdet yn wurking. febrewaris 11 - It Wapen fan Fryslân wurdt offisjeel fêstlein. 23 - Egypte en Syrje geane op yn 'e Feriene Arabyske Republyk. It is de bedoeling dy úteinlik ien grutte steat foar alle Arabieren wurde sil. maaie 23 - Yn 'e Folksrepublyk Sina begjint de Grutte Sprong Foarút, in mearjierreplan fan Mao Zedong dat ta de kollektivisaasje fan de lânbou en de yndustrialisaasje fan it lân liede moat. juny 17 - It wurdt bekend dat premier Imre Nagy en generaal Pál Maléter, de lieders fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956, nei in geheim proses yn Roemeenje terjochtsteld binne. july 14 - By in bloedige steatsgreep yn Irak wurde premier Noeri as-Saïd, kening Faisal II fan Irak en in grut tal leden fan 'e keninklike famylje ôfslachte troch de Beweging fan Frije Ofsieren, ûnder lieding fan generaal Abdûl Karim al-Kassem en kolonel Abdûl Salim Arif. 30 - Roel Hoekstra, Johan Jansen en Albert Veldkamp winne yn Frjentsjer de 105e PC. Johan Jansen wurdt útroppen ta kening. augustus 5 - De Amerikaanske dûkboat de Nautilus fart as earste ûnder de poalkap fan 'e Noardpoal troch. oktober 2 - Guinee wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. desimber 10 - Yn Rotterdam begjint de bou fan 'e Euromêst.
Berne jannewaris 20 - Paula Patricio, Nederlânsk presintatrise febrewaris 2 - Franke Sloothaak, Frysk-Dútsk springruter 16 - Anil Ramdas, Surinaamsk-Nederlânsk sjoernalist, skriuwer en programmamakker († 2012) 21 - Denise Dowse, Amerikaanske aktrise († 2022) 21 - Mary Chapin Carpenter, Amerikaansk countrysjongster 28 - Natalja Estemirova, Russysk histoarika, sjoernaliste en minskerjochte-aktiviste († 2009) maart 19 - Steven Sterk, Frysk skriuwer, útjouwer en boekhanneler 26 - Sies Uilkema, Frysk hurdrider april 3 - Bavo Galama, Nederlânsk kabaretier en programmamakker 3 - Jan Troost, Nederlânsk minskerjochte-aktivist († 2023) 4 - Greg Foster, Amerikaansk atleet († 2023) 4 - Julie Forsyth, Ingelsk sjongster 8 - Maarten Ducrot, Nederlânsk hurdfytser en sportferslachjouwer maaie 8 - Rian de Waal, Nederlânsk pianist († 2011) 10 - Gaétan Boucher, Kanadeesk shorttracker en langebaanrider 17 - Paul Di'Anno, Ingelsk sjonger juny 7 - Prince, Amerikaansk sjonger en muzikant († 2016) 14 - Eric Heiden, Amerikaansk hurdrider july 5 - Veronica Guerin, Iersk sjoernaliste († 1996) 17 - San Fu Maltha, Nederlânsk filmprodusint augustus 5 - Sjon Stellinga, Nederlânsk politikus 7 - Bruce Dickinson, Ingelsk sjonger 16 - Madonna, Amerikaansk sjongster 18 - Madeleine Stowe, Amerikaansk aktrise 30 - Anna Politkovskaja, Russysk sjoernaliste en minskerjochte-aktiviste († 2006) septimber 10 - Edward Vajda, Amerikaansk taalkundige 20 - Remigius Valiulis, Litousk atleet († 2023) 24 - Kevin Sorbo, Amerikaansk akteur oktober 10 - Veronica Brazil, Brazyljaansk pornoaktrise novimber 21 - Evert van Benthem, Nederlânsk maratonrider, winner Alvestêdetocht 1985 en 1986 datum ûnbekend Richard Brody, Amerikaansk filmkritikus Louw Dijkstra, Frysk útjouwer Desson Thomson, Amerikaansk speechwriter en filmkritikus
Ferstoarn jannewaris 18 - Beatrix de Rijk, earste Nederlânsk piloate (* 1883) 27 - August van Lierde, Belgysk keatser (* 1890) febrewaris 5 - Oreste Puliti, Italjaansk skermer (* 1891) 13 - Jan Jelles Hof, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1872) maart 5 - Harold Smith, Amerikaansk keunstdûker (* 1909) 28 - W.C. Handy, Amearikaansk komponist (* 1873) juny 12 - Marinus van Meel, earste Nederlânsk loftmachtpiloat (* 1880) july 4 - Evert Rinsema, skuonmakker, skriuwer en dichter (* 1880) 18 - Henri Farman, Frânsk loftfeartpionier (* 1874) augustus 5 - Carl Westergren, Sweedsk wrakselder (* 1895) septimber 30 - Johannes Oldsen, Noardfrysk taalaktivist (* 1894) novimber 30 - Karst Leemburg, Frysk maratonrider (* 1889)
Literatuer koarte ferhalen Ulbe van Houten, Brief nei Kanada non-fiksje Elie Wiesel, La Nuit (oerset yn it Frysk as De Nacht)
Films The Big Country Cat on a Hot Tin Roof South Pacific The Vikings
Kategory:20e iuw