Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren. Foarfallen jannewaris 17 - De earste atoomûnderseeër, de Nautilus, fart út. febrewaris 3 - Earste útstjoering op de Nederlânske tillefyzje (troch de KRO) fan it populêre berneprogramma Dappere Dodo. 5 - It Frânske regear fan Pierre Mendès France tsjinnet syn ûntslach yn. 8 - Georgy Malenkov tsjinnet syn ûntslach yn as premier fan 'e Sovjet-Uny, en wurdt opfolge troch Nikolaj Bûlganin. april 1 - Yn 'e Britske koloanje Syprus docht de fersetsbeweging EOKA, dy't de enosis (oansluting) fan Syprus by Grikelân foarstiet, ferskate bomoanslaggen op regearingsgebouwen. 5 - Winston Churchill jout it premierskip fan it Feriene keninkryk oer. 12 - De Amerikaanske wittenskipper Jonas Salk makket de ûntwikkeling fan in faksên tsjin 'e sykte polio bekend. 18 - Yn Hongarije wurdt de moderate premier Imre Nagy ûnder fuotten helle troch 'rjochtsinnige' kommunisten ûnder lieding fan Mátyás Rákosi, de foarsitter fan 'e (kommunistyske) Hongaarske Arbeiderspartij. 20 - De earste ôflevering fan Swiebertje (mei Joop Doderer yn 'e haadrol) wurdt op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd troch de NCRV. maaie 6 - West-Dútslân wurdt lid fan 'e NATO. 14 - De Sovjet-Uny, Poalen, de DDR, Tsjechoslowakije, Hongarije, Roemeenje, Bulgarije en Albaanje rjochtsje it Warsjaupakt op. 15 - Eastenryk kriget nei in tsienjierrige besetting troch de Alliëarden út 'e Twadde Wrâldoarloch syn soevereiniteit werom. Oars as Dútslân bliuwt it net opdield yn in Westerske en in Eastbloksône. Yn ruil dêrfoar moat it in garânsje ôfjaan dat it in neutrale posysje behâlde sil tusken dy beide bûnsgenoatskippen. juny 2 - Nei sân jier fan bittere ferwiten oer en wer fermoedsoenje Joegoslaavje en de Sovjet-Uny harren, hoewol't Joegoslaavje as iennichste kommunistyske lân in selsstannige koerts fart en net weromkeart yn 'e boezem fan it Warsjaupakt. augustus 3 - Meindert van der Weerd, Johannes Zijlstra en Wytse Vlietstra winne yn Frjentsjer de 102e PC. Wytse Vlietstra wurdt útroppen ta kening. 19 - De orkaan Diane treft it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Der falle mear as 200 deaden en der wurdt foar mear as $1 miljard oan skea oanrjochte. oktober 26 - Súd-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. novimber 1 novimber - De Fjetnamoarloch of Twadde Yndosineeske Oarloch begjint as in konflikt tusken it kapitalistyske Súd-Fjetnam en it kommunistyske Noard-Fjetnam. 22 - De Sovjet-Uny lit foar it earst, by wize fan proef, in wetterstofbom ûntploffe. 24 - Earste proefflecht fan 'e Fokker Friendship. desimber 1 - Yn Montgomery yn de Feriene Steaten wegeret de swarte frou Rosa Parks yn in bus om har plak ôf te stean oan in blanke mei-passazjier. 5 - De Amerikaanske Boargerrjochtebeweging stelt de Busboycot fan Montgomery yn.
Berne jannewaris 5 - Ella Kalsbeek, Nederlânsk politika 6 - Rowan Atkinson, Ingelsk akteur 7 - Belinda Meuldijk, Nederlânsk skriuwster en lietsjeskriuwster 17 - Hans de Boer, Frysk ûndernimmer en bestjoerder († 2021) 18 - Kevin Costner, Amerikaansk akteur en regisseur 18 - Hans van Tongeren, Nederlânsk akteur († 1982) 19 - Simon Rattle, Ingelsk dirigint 19 - Michiel Romeyn, Nederlânsk akteur en programmamakker 26 - Eddie van Halen, Nederlânsk-Amerikaansk muzikant 30 - Wiebe Nijenhuis, Frysk sterke man († 2016) febrewaris 3 - Mike Horner, Amerikaansk pornoakteur 7 - Miguel Ferrer, Amerikaansk akteur († 2017) 9 - Eeltsje Hettinga, Frysk skriuwer en dichter 16 - Marga Claus, Frysk skriuwster 20 - Klaas Werumeus Buning, Frysk keunstner 24 - Steve Jobs, Amerikaansk software-ûntwikelder († 2011) maart 1 - Denis Mukwege, Kongoleesk gynekolooch en Nobelpriiswinner 2 - Wiebe Bergsma, Frysk histoarikus († 2015) 9 - Doeke Sijens, Frysk skriuwer 14 - Jelle Bangma, Frysk puslisist april 11 - Julie E. Czerneda, Kanadeesk skriuwster 12 - Frosty Calf Boss Ribs, Amerikaansk politika 12 - Meindert Schroor, Frysk geograaf en skiedkundige 14 - Hinke Luiten, Nederlânsk keunstneres († 2024) 15 - Dodi al-Fayed, Egyptysk ûndernimmer († 1997) 20 - Hessel van der Kooy, Skylger kafeehâlder en sjonger 28 - Saeb Erekat, Palestynsk politikus en diplomaat († 2020) 29 - Leslie Jordan, Amerikaansk akteur († 2022) maaie 17 - Bill Paxton, Amerikaansk akteur († 2017) 19 - Sjoerd Dirk Janzen, Frysk keunstner († 2006) juny 12 - Minne Dijkstra, Frysk ûndernimmer, direkteur Koopmans Moalfabriken, en sportbestjoerder († 2010) 28 - Eberhard van der Laan, Nederlânsk abbekaat en PvdA-politikus († 2017) july 15 - Jan Rijpstra, Nederlânsk politikus en bestjoerder. 16 - Tsjisse Hettema, Frysk skriuwer en dichter († 2021) 31 - Eelke Scherjon, Frysk klompmakker en fierljeptrener († 2012) augustus 13 - Sietse de Vries, Frysk skriuwer septimber 2 - Natalja Petroeseva, Russysk reedrydster 6 - Anne Henning, Amerikaansk reedrydster 11 - Fay Lovsky, Nederlânsk sjongster en komponiste 30 - Harke Bremer, Frysk oersetter en skriuwer († 2023) oktober 15 - Tanya Roberts, Amerikaanske aktrise († 2021) novimber 15 - Buck Adams, Amerikaansk pornoakteur en -regisseur († 2008) 19 - Rasti Rostelli, Nederlands yllúzjonist 19 - Liz Snoijink, Nederlânsk aktrise 25 - Connie Palmen, Nederlânsk skriuwster 30 - Billy Idol, Amerikaansk sjonger desimber 5 - Marianne Weber, Nederlânsk sjongster 7 - Ivan Fernald, Surinaamsk politikus 13 - Lutz Jacobi, Frysk politika 20 - Pierre Bokma, Nederlânsk akteur 24 - Jan Giro, Frysk muzikant († 2005) 24 - Clarence Gilyard jr., Amerikaansk akteur († 2022) datum ûnbekend septimber - Bud Lee, Amerikaansk pornoregisseur en -produsint Wim Bakker, Nederlânsk politikus en bestjoerder († 2014) Roy Whitney, Kanadeesk politikus
Ferstoarn jannewaris 22 - Tjipke Visser, Frysk byldhouwer (* 1876) 22 - Jonni Myyrä, Finsk spearwerper (* 1892) maart 29 - Broer Doekeles Dykstra, Frysk-Amerikaansk útjouwer, predikant en publisist (* 1871) juny 20 - Kor Ket, Frysk fioelist en dirigint (* 1920) 20 - Nanne Ottema, Frysk konservator (* 1874) 26 - Leslie Hammond, Ingelsk hockeyer (* 1905) july 7 - Johannes de Groot, Frysk keatser (* 1931) augustus 1 - Klaas Wiebrens Kooistra, Frysk keatser (* 1903) 4 - Jacob Nieweg, Frysk keunstskilder (* 1877) oktober 20 - Gerben Sonderman, Frysk piloat en fersetsstrider (* 1908) novimber 22 - Guy Ropartz, Bretonsk komponist (* 1864) 29 - Jan Planting, Frysk keunstskilder (* 1893)
Literatuer romans J.R.R. Tolkien, The Return of the King toaniel Tormod Skagestad, Under Treet Ligg Øksa (oerset yn it Frysk as De Bile Leit ûnder de Beam)
Films Guys and Dolls Lady and the Tramp Oklahoma!
Boukeunst
Kategory:20e iuw