Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren. Foarfallen jannewaris 4 - Birma wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 17 - Yn New York begjint in showproses tsjin alve leden fan it polytburo fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA). 30 - Moard op Mahatma Gandhi yn 'e Yndiaaske haadstêd Nij-Delly troch in ekstremistyske hindoe. 30-8 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Sankt Moritz, yn Switserlân. febrewaris 4 - Seylon (Sry Lanka) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 25 - By in steatsgreep yn Tsjechoslowakije lûke de kommunisten alle macht nei harren ta. maart 31 - De Sovjet-Uny begjint mei it beheinen fan it kontakt tusken de Alliëarde besettingssônes yn West-Dútslân en de Alliëarde besettingssônes yn West-Berlyn. april 3 - It Marshallplan giet yn: in grutskalich ekonomysk helpprogramma fan 'e Feriene Steaten om 'e weropbou fan Jeropa te fasilitearjen. 30 - Op 'e 9e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Kolombiaanske haadstêd Bogotá wurdt besletten ta de oprjochting fan 'e Organisaasjes fan de Amerikaanske Steaten (OAS). maaie 1 - De Grykske minister fan Justysje Christos Ladas komt om by in moardoanslach troch kommunistyske opstannelingen. 6 - It Grykske regear lit 43 kommunistyske opstannelingen eksekutearje, mar ûntkent dat it om in represaillemaatregel giet foar de moard op minister fan Justysje Christos Ladas, 5 dagen earder. 14 - Israel wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 15 - De Earste Arabysk-Israelyske Oarloch brekt út tusken Israel oan 'e iene kant en Jordaanje, Egypte, Syrje, Irak, Libanon, Saûdy-Araabje en Noard-Jemen oan 'e oare kant. juny 19 - De Sovjet-Uny stelt de Blokkade fan Berlyn yn. 20 - Ynfiering fan 'e Dútske mark (DM) as muntienheid yn 'e trije westlike besettingssônes fan Dútslân. 25 - De Feriene Steaten, Grut-Brittanje en Frankryk stelle yn it ramt fan 'e Blokkade fan Berlyn troch de Sovjet-Uny in loftbrêge yn om harren besettingssônes yn Berlyn te befoarriedzjen. 28 - Joegoslaavje wurdt út 'e ynternasjonale kommunistyske organisaasjes set dy't laat wurde troch de Sovjet-Uny. july 29 july-14 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Londen. augustus 4 - Marten van der Leest, Theunis de Bruin en Sjouke Helfrich winne yn Frjentsjer de 95ste PC. Marten van der Leest wurdt útroppen ta kening. 15 - De Republyk Koreä (Súd-Koreä) wurdt ûnôfhinklik. septimber 6 - Prinsesse Juliana wurdt keninginne fan Nederlân. 9 - De Demokratyske Folksrepublyk Koreä (Noard-Koreä) wurdt ûnôfhinklik. 22 - Yn Jeruzalim wurde de Sweedske greve Folke Bernadotte, de spesjale gesant fan 'e Feriene Naasjes yn Palestina, en de Frânske kolonel André Sérot, de haadwaarnimmer foar de Feriene Naasjes, fermoarde troch Joadske terroristen. oktober 20 - Op it Hearrenfean tsjinnet de earste rjochtsaak fan it taalskeel dat yn 1951 ta Kneppelfreed liede sil. desimber 1 - It Arabysk Kongres fan Palestina ropt kening Abdûlla I fan Jordaanje út ta kening fan Palestina. It is de bedoeling dat er Palestina en Transjordaanje as in personele uny regearje sil. 8 - Kening Abdûlla I fan Jordaanje leit protesten fan 'e Arabyske Liga njonken him del en anneksearret de Arabyske dielen fan Palestina, dy't no part fan Jordaanje wurde. 10 - Yn Parys kart de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes de tekst goed fan 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske. 19-20 - Nederlân komt yn Nederlânsk-Ynje militêr fanwegen tsjin Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriders yn 'e Twadde Polisjonele Aksje. 23 - Yn Tokio wurde de eardere Japanske premier Hideki Tojo en seis oaren dy't foar oarlochsmisdieden yn 'e Twadde Wrâldoarloch feroardiele binne, troch ophinging terjochtsteld.

Berne jannewaris 3 - Jan Bazen, Nederlânsk reedrider 7 - Ichirou Mizuki, Japansk sjonger, komponist, akteur en muzikant 10 - Bernard Thévenet, Frânsk hurdfytser 23 - Anita Pointer, Amerikaansk sjongeres († 2022) 25 - Henk Doevendans, Frysk politikus, sjoernalist en publisist 30 - Rudi Koopmans, Frysk bokser 31 - Bartle Laverman, Frysk dichter, skilder en filosoof († 2020) febrewaris 3 - Henning Mankell, Sweedsk skriuwer († 2015) 22 - Kobus Algra, Frysk sjonger († 2014) maart 8 - Yves Baillat, Frânsk pornoakteur 11 - George Kooymans, Nederlânsk gitarist 19 - Martine Bijl, Nederlânsk sjongster, aktrise, skriuwster en kabaretiêre († 2019) 23 - Frans Ram, Nederlânsk keunstner 30 - Lenie van der Hoorn - Nederlânsk hurdrydster 31 - Al Gore, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten en miljeu-aktivist april 2 - Alfred Lagarde, Nederlânsk radio-dj († 1998) 3 - Jaap de Hoop Scheffer, Nederlânsk politikus en diplomaat 9 - Anne Pasveer, Frysk muzikant († 2011) 20 - Gregory Itzin, Amerikaansk akteur († 2022) 27 - Hans van Helden, Nederlânsk-Frânsk reedrider maaie 2 - Jelle Kaspersma, Frysk dichter en ûnderwizer († 2019) 18 - Linda van Dyck, Nederlânsk aktrise († 2023) 31 - John Bonham, Ingelsk drummer († 1980) juny 11 - Franz Drappier, Waalsk striptekener († 2003) 15 - Paul Grijpma, Nederlânsk sjoernalist en akteur († 2022) 17 - Jelly Keekstra, Frysk dichteresse 23 - Michael Wood, Ingelsk skiedkundige en dokumintêremakker 30 - Dag Fornæss, Noarsk reedrider july 18 - Cesar Zuiderwijk, Nederlânsk drummer 27 - Juliet Marillier, Nijseelânsk skriuwster 27 - Arjen Terpstra, Frysk skriuwer 27 - Henny Vrienten, Nederlânsk sjonger († 2022) augustus 1 - David Gemmell, Ingelsk skriuwer († 2006) 16 - Barry Hay, Nederlânsk sjonger 19 - Tipper Gore, Amerikaansk fise-presidintsfrou 20 - Robert Plant, Ingelsk sjonger septimber 5 - Kim H. Veltman, Frysk histoarikus († 2020) 11 - Hilbrand Hartlief, Nederlânsk follyballer en sportferslachjouwer († 2006) 20 - George R.R. Martin, Amerikaansk skriuwer 26 - Olivia Newton-John, Britsk-Australysk aktrise en sjongeres († 2022) oktober 29 - Frans de Waal, Nederlânsk Biolooch († 2024) 30 - Henk Hornstra, Frysk politikus en bestjoerder († 2007) novimber 1 - Amani Abeid Karume, Tanzaniaansk politikus 4 - Amadou Toumani Touré, presidint fan Maly († 2020) 8 - Fred Newhouse, Amerikaansk atleet († 2025) 14 - Charles, prins fan Wales, Britsk kroanprins desimber 3 - Ozzy Osbourne, Ingelsk sjonger († 2025) 7 - Andrés Oliva, Spaansk hurdfytser († 2023) 14 - Boudewijn Büch, Nederlânsk skriuwer († 2002) 21 - Jack Frölich, Frysk muzikant, dirigint en muzykresinsint († 2010) 31 - Eddy Dykstra, Frysk-Kanadeesk sjonger en muzikant († 2024) 31 - Donna Summer, Amerikaansk sjongster († 2012) datum ûnbekend Carol Berg, Amerikaansk skriuwster Redbad Veenbaas, Frysk oersetter

Ferstoarn jannewaris 6 - Giulio Gaudini, Italjaansk skermer (* 1904) 30 - Mahatma Gandhi, Yndiaask aktivist (* 1869) febrewaris 16 - István Barta, Hongaarsk wetterpoloër (* 1895) maart 12 - Domenico Mordini, Italjaansk siler (* 1898) april 13 - John Christmas Møller, Deensk politikus (* 1894) 15 - Reinder Jacobus de Stoppelaar, Frysk predikant, sjoernalist en skriuwer (* 1873) juny 12 - Gyula Glykais, Hongaarsk skermer (* 1893) 24 - Alexander van Voss, rykskargivaris fan Fryslân (* 1894) july 11 - John Anderson, Amerikaansk atleet (* 1907) 12 - Adolf Kainz, Eastenryksk kanoër (* 1903) septimber 9 - Anders Minnes Wijbenga, Frysk dichter (* 1861) 10 - tsaar Ferdinand fan Bulgarije (* 1881) 21 - Bokke R.S. Pollema, Frysk skriuwer (* 1883) oktober 31 - Cissy van Marxveldt, Frysk berneboekeskriuwster (* 1889) desimber 31 - Hendrik Bulthuis, Frysk hierknipper en sylboatebouwer (* 1892)

Kategory:20e iuw