Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren. Foarfallen jannewaris 17 - Begjin fan 'e Slach om Monte Cassino: de Alliëarde opmars yn Itaalje wurdt troch de Dútsers yn 'e Apeninen tsjinkeard by de Gustavliny. 22 - Amerikaanske troepen fiere by Anzio, yn Itaalje, in lâningsoperaasje út, mar witte net út harren brêgehaad te kommen. Dit is it begjin fan 'e slepende Slach by Anzio. 27 - Nei krapoan twa en in heal jier wurdt oan it Eastfront it Belis fan Leningrad troch de Dútsers opheft. 27 - Libearia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan. febrewaris 15 - Ferwuostging fan it Kleaster fan Monte Cassino by in bombardemint fan 'e Alliëarden ûnder de Slach om Monte Cassino. 23 - By de Deportaasje fan de Tsjetsjenen en Yngûsjeten wurde 387.000 Tsjetsjenen en 91.000 Yngûsjeten troch de Sovjet-Uny deportearre út harren heitelân yn 'e noardlike Kaukasus nei Kazachstan en Kirgyzje. maart 15 - Japanske troepen dogge fanút it besette Britsk-Birma in ynfal yn Britsk-Ynje. 18 - De fulkaan de Fesuvius, yn súdlik Itaalje, barst foar de lêste kear út. Der falle 26 deaden. 18 - Nazy-Dútslân beset Hongarije yn ferbân mei de groeiende selsstannichheid dy't it Hongaarske regear de ôfrûne moannen toant. 19 - It Reade Leger stekt de rivier de Dnjestr oer en falt Roemeenje binnen. maaie 18 - Ein fan 'e Slach om Monte Cassino: de Alliëarden witten yn Itaalje einlings troch de Dútske Gustavliny te brekken. 18-20 - De Sovjet-Uny fiert de deportaasje fan de Krimtataren út. Op beskuldiging fan kollaboraasje mei de Dútsers wurdt it hiele folk, mear 190.000 minsken, út syn heitelân, de Krim, ferwidere en yn ballingskip nei Oezbekistan stjoerd. Sa'n 8.000 Krimtataren komme by de deportaasje om. juny 2 - De Amerikaanske troepen by Anzio witte nei in healjier einlings út harren brêgehaad te brekken. Ein fan 'e Slach by Anzio. 6 - D-Day: de Westerske Alliëarden fiere lânings út op 'e kust fan Normanje, yn Frankryk. 10 - De SS rjochtet yn Frankryk it Bloedbad fan Oradour-sur-Glane oan, wêrby't de befolking fan in hiel doarp fermoarde wurdt. Mear as 640 minsken komme om. 17 - Iislân makket gebrûk fan 'e Dútske besetting fan Denemark om him bestjoerlik folslein los te meitsjen fan 'e Deenske monargy en de sûnt 1918 besteande personele uny te ferbrekken. It lân wurdt no in folslein selsstannige republyk. july 1-22 - Op 'e Konferinsje fan Bretton Woods, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, lizze ôffurdigen fan 44 Alliëarde lannen de grûnslach foar it nei-oarlochske wrâldekonomysk stelsel, û.m. mei de oprjochting fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns. 13 - Yn de Snitser Bloednacht wurde fjouwer ynwenners fan 'e Fryske stêd Snits fermoarde troch de Dútske besetter. 20 - In groep Dútske ofsieren ûnder lieding fan greve Claus Schenk von Stauffenberg docht in moardoanslach op diktator Adolf Hitler. Dy oerlibbet it en neitiid wurde withoefolle anty-nazistyske ofsieren fan 'e Dútske kriichsmachtûnderdielen oppakt en eksekutearre. 22 - Yn 'e troch it Reade Leger befrijde Poalske stêd Lublin wurdt it kommunistyske Poalske Komitee foar de Nasjonale Befrijing oprjochte, better bekend as it 'Lublin-Komitee'. 25 - Befrijing fan Gûam fan 'e Japanske besetting troch troepen fan it Amerikaanske Marinierskorps. 26 - De Sovjet-Uny erkent it Lublin-Komitee as it legitime regear fan Poalen. 27 - As earste Dútske ferneatigingskamp wurdt Majdanek befrijd troch it Reade Leger. De ferhalen dy't de oerlibbenen fertelle, binne sa dreech te leauwen dat de Westerske parse ûnwis is oft it net om Sovjet-propaganda giet, en dêrom in ôfwachtsjende hâlding oannimt. augustus 1 - Yn Poalen brekt tsjin 'e Dútske besetting de Opstân fan Warsjau út ûnder lieding fan generaal Tadeusz Bór-Komorowski. 4 - Anne Frank en har famylje wurde yn Amsterdam nei ferrie oppakt troch de Dútsers, om ôffierd te wurden nei de konsintraasjekampen. 6 - De Dútsers begjinne mei de evakuaasje fan 'e konsintraasjekampen beëasten de Weichsel. De finzenen wurde yn ûnminsklike deademarsen nei it westen ta dreaun. 15 - Alliëarde troepen fiere ûnder lieding fan 'e Frije Frânske generaal Jean de Lattre de Tassigny Operaasje Dragoon út, wêrby't se lânje op 'e kust fan súdlik Frankryk. 16 - De Frânske haadstêd Parys wurdt befrijd troch de Alliëarden. 23 - Kening Michael fan Roemeenje fiert in steatsgreep út, wêrby't de faksistyske diktator Ion Antonescu ôfset en finzen nommen wurdt. Michael kundiget daliks in wapenstilstân mei de Alliëarden ôf, mei as gefolch dat grutte dielen fan it Roemeenske leger oerrinne nei it Reade Leger. 24 - De Dútske Luftwaffe bombardearret de Roemeenske haadstêd Boekarest. 25 - Roemeenje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân. 29 - Yn Slowakije brekt in algemiene opstân út tsjin 'e Dútsers. 31 - De Roemeenske haadstêd Boekarest wurdt befrijd troch it Reade Leger yn gearwurking mei oerrûne Roemeenske troepen. septimber 4 - De Belgyske haadstêd Brussel wurdt befrijd troch de Alliëarden. 5 - Yn Nederlân giet it geroft dat de befrijing troch de Alliëarden nei-oan is. Tûzenen kollaborateurs naaie op dizze Mâle Tiisdei út nei it easten. 8 - Bulgarije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân. 14 - Befrijing fan Maastricht troch de Alliëarden. 15 - De Bulgaarske haadstêd Sofia wurdt befrijd troch it Reade Leger yn gearwurking mei oerrûne Bulgaarske troepen. 15 - Finlân ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân. It begjin fan 'e Laplânske Oarloch. 17 - Yn it ramt fan Operaasje Market Garden, wêrby't de Alliëarden yn ien grutte sprong fanút Belgje oant oer de Grutte Rivieren yn Nederlân komme wolle, brânt de Slach om Arnhim los. 19 - Finlân en de Sovjet-Uny slute de Wapenstilstân fan Moskou. Hjirmei komt in ein oan 'e Ferfolchoarloch. 27 - De Slach om Arnhim einiget yn in nederlaach foar de Alliëarden. Dit is in slimme tebeksetter, dy't betsjut dat de oarloch yn 'e noardlike helte fan Nederlân noch trije fearnsjier langer oanhâlde sil. 28-30 - De SS rjochtet yn 'e neite fan 'e Italjaanske stêd Bologna ûnder de boargerbefolking it Bloedbad fan Marzabotto oan, wêrby't teminsten 770 minsken fermoarde wurde. oktober 1 - By de Razzia fan Putten wurde 602 manlju út it Nederlânske doarp Putten, op 'e Feluwe, troch de Dútsers ôffierd nei de konsintraasjekampen (dêr't mar 48 út weromkeare sille). Dit by wize fan represaille nei in oanfal op in Dútsk konfoai troch it Nederlânske ferset. 2 - Yn Poalen smoare de Dútsers de Opstân fan Warsjau yn bloed, wylst it Reade Leger sûnder yn te gripen fan 'e oare kant de rivier de Weichsel tasjocht. (De opstân wie gjin kommunistyske ûndernimming, dat dêrom hie Stalin befel jûn om 'e Poalen en de Dútsers inoar mar ôfmeitsje te litten.) 3 - Nei in bombardemint fan 'e Britske RAF op 'e seedyk by Westkapelle brekt op Walcheren wettersneed út, wêrby't 180 Westkapelsters omkomme. 11 - It ûnôfhinklike lân Tannû-Tûva wurdt anneksearre troch de Sovjet-Uny, en wurdt omfoarme ta de Autonome Sovjetrepublyk Tûva. 12 - Nazy-Dútslân ûntrommet de Grykske haadstêd Atene. 14 - De Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel wurdt fanwegen anty-nazistyske sympatyen yn opdracht fan diktator Adolf Hitler twongen om himsels tekoart te dwaan. 14 - Britske troepen tsjogge de Grykske haadstêd Atene binnen. 15 - De Dútsers ûnderdrukke de Slowaakske Opstân. 20 - De Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito befrije yn gearwurking mei it Reade Leger de Joegoslavyske haadstêd Belgrado. 23-25 - Yn 'e Slach by Leyte bringe de Amerikanen de Japanske Keizerlike Marine de genedeslach ta. desimber 8 - By de oerfal op it Hûs fan Bewar yn Ljouwert befrijt it Fryske ferset 51 fersetslju út 'e Blokhûspoarte. 15 - Ein fan 'e Tsjetsjeenske Opstân yn it suden fan 'e Sovjet-Uny. 16 - Begjin fan it Ardinnenoffinsyf yn Belgje en Lúksemboarch, de lêste grutte Dútske fjildtocht fan 'e Twadde Wrâldoarloch.
Berne jannewaris 5 - Jan de Vries, Frysk motorkoereur († 2021) 6 - Alan Stivell, Bretonsk sjonger en muzikant 9 - Jimmy Page, Ingelsk gitarist 12 - Joe Frazier, Amerikaansk bokser († 2011) 17 - Françoise Hardy, Frânsk sjongeres en aktrise († 2024) 23 - Rutger Hauer, Nederlânsk akteur († 2019) 26 - Jeanne Adema, Frysk keunstner 27 - Kevin Coyne, Britske musikant, skriuwer en skilder († 2004) 27 - Nick Mason, Ingelsk drummer febrewaris 2 - Geoffrey Hughes, Ingelsk akteur († 2012) 4 - Rein de Vries, Frysk keunstner 14 - Oene Spoelstra, Frysk skriuwer 16 - Nina Statkevitsj, Russysk reedrydster 26 - Chris Arlman, Nederlânsk politikus († 2008) maart 6 - Richard Corliss, Amerikaansk filmkritikus († 2015) 9 - Geart fan der Mear, Frysk dichter en oersetter 15 - Pier Boorsma, Frysk dichter en skriuwer 21 - Cox Habbema, Nederlânsk aktrise, teäterregisseur en earder skouboarchdirekteur († 2016) 24 - R. Lee Ermey, Amerikaansk akteur († 2018) 30 - Gerrit Komrij, Nederlânsk skriuwer († 2012) april 8 - Burny Bos, Nederlânsk filmprodusint, akteur en skriuwer († 2023) 22 - Pieter Dirk Torensma, Frysk keunstskilder maaie 6 - Riemkje Pitstra, Frysk skriuwster en pedagooch 8 - Wiebe Kort, Frysk hurdsiler en reedrydtrainer († 2021) 19 - Peter Mayhew, Britsk-Amerikaansk akteur († 2019) 20 - Joe Cocker, Ingelsk sjonger († 2014) 20 - Dietrich Mateschitz, Eastenryksk ûndernimmer († 2022) 27 - Pleun Strik, Nederlânsk fuotballer († 2022) 29 - Douwe Kooistra, Frysk skiedkundige en publisist († 2015) juny 1 - Guy Scott, presidint fan Sambia († 2026) july 23 - Judith Bosch, Nederlânsk presintatrise augustus 2 - Dirk Talsma, Frysk keatser 26 - Jan van Veen, Nederlânsk radio presintator († 2024) 26 - Chiel Montagne, Nederlânsk presintator en radio-dj († 2025) septimber 16 - Ard Schenk, Nederlânske hurdrider 19 - Michel Montignac, Frânsk dieetgoeroe († 2010) 27 - Johan van Seijst, Frysk keatser († 2024) 30 - Sascha Alexander (Hans Moser), Dútsk neakenfotograaf, útjouwer en pornoprodusint († 2016) oktober 3 - Katharine Kerr, Amerikaansk skriuwster 13 - Gryt Witbraad, Fryske dichteresse 15 - David Trimble, Noardiersk politikus en Nobelpriiswinner 16 - Bart Tromp, Nederlânsk sosjolooch en politikolooch († 2007) 22 - Reitze Ketellapper, Frysk ûndernimmer en politikus († 2015) 30 - Burgess Roye, Amerikaanske keunstner († 2015) novimber 4 - Willem Breuker, Nederlânsk muzikant en komponist († 2010) 12 - Johnny van Doorn, Nederlânsk dichter († 1991) 14 - Karen Armstrong, Ingelsk publisiste 20 - Henk Alkema, Frysk komponist en muzykpedagooch († 2011) 25 - Maarten 't Hart, Nederlânsk skriuwer en biolooch 26 - Ans Schut, Nederlânsk reedrydster († 2025) 26 - Castle Freeman jr., Amerikaansk skriuwer
desimber 11 - Teri Garr, Amerikaansk aktrise († 2024) 19 - Alvin Lee, Britsk rocksjonger en gitarist († 2013) 23 - Enneüs Heerma, Frysk politikus († 1999) 24 - Erhard Keller, Dútsk reedrider 25 - Martin Gaus, Nederlânsk presintator en hûnetrener datum ûnbekend Dino Baumberger, Eastenryksk-Dútsk pornoprodusint en -regisseur Pedro Bissonette, Amerikaansk minskerjochte-aktivist († 1973) Leonard S. Mandamin, Kanadeesk rjochter Douglas Schwartz, Amerikaansk regisseur en produsint
Ferstoarn jannewaris 4 - Kaj Munk, Deensk dichter en predikant (* 1898) febrewaris 5 - Klaas Uilkema, Frysk ûnderwizer en lânboukundige (* 1873) 10 - Kustaa Pihlajamäki, Finsk wraskelder (* 1902) 16 - Lolle Rondaan, Frysk fersetsstrider (* 1919) maart 8 - Jacob Hylkema, Frysk fersetsstrider (* 1900) 13 - Nicolas Japikse, Frysk skiedkundige (* 1872) maaie 20 - Anje Lok, Frysk ûnderwizer en fersetsman (* 1903) juny 6 - Markus Assies, Frysk fersetsstrider (* 1919) july 14 - Klaas Koelstra, Frysk fersetsstrider (* 1914) 19 - Shigeo Arai, Japansk swimmer (* 1916) 31 - Antoine de Saint-Exupéry, Frânsk skriuwer (* 1900) augustus 3 - Lauri Koskela, Finsk wrakselder (* 1907) 10 - Willem Santema, Frysk fersetsstrider (* 1902) 22 - Andries Joustra, Fryske boere-arbeider en fersetsman (* 1919) 25 - Krijn van den Helm, Nederlânsk amtner en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich (* 1912)