Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren. Foarfallen febrewaris 3 - De Tsiende Alvestêdetocht wurdt wûn troch Jeen van den Berg yn in tiid fan 7 oeren en 35 minuten. april 25 - Yn Nairobi, de haadstêd fan 'e Britske koloanje Kenia, wurde by in reuseftige razzia 25.000 lju oppakt dy't derfan fertocht wurde dielnimmers of sympatisanten te wêzen fan 'e Mau-Mau-rebûlje. maaie 7 - De swiere Frânske nederlaach yn 'e Slach by Dien Bien Phu betsjut de ein fan 'e Earste Yndosineeske Oarloch en liedt dêrmei ta de ûnôfhinklikheid fan Noard-Fjetnam. 17 - Yn 'e rjochtsaak Brown v. Board of Education leit it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten unanym it near op rasseskieding yn it ûnderwiis. juny 12 - Yn it Diakonessehûs yn Ljouwert wurdt de earste Siameeske twilling fan Fryslân en Nederlân fan inoar skaat. 15 - Oprjochting fan 'e UEFA (Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes). 18-27 - By in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA ynstigearre steatsgreep yn Gûatemala wurdt yn dat Middenamerikaanske lân de progressive presidint Jacobo Arbenz Guzmán ôfset en komt foar him yn 't plak in faksistyske militêre diktatuer oan 'e macht. july 20 - Noard-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 29 - It earste diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy wurdt publisearre. (It twadde diel sil ferskine op 11 novimber fan dit jier, en it trêde diel op 20 oktober 1955.) 4 - Johannes Stavinga, Sipke van der Zee en Albert Veldkamp winne yn Frjentsjer de 101ste PC. Johannes Stavinga wurdt útroppen ta kening. 24 - De Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA) wurdt troch de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower ta yllegale organisaasje ferklearre. septimber 8 - Yn Manilla, de haadstêd fan 'e Filipinen, wurdt de Súdeastaziatyske Ferdrachsorganisaasje (SEATO) oprjochte (in súdlike wjergader fan 'e NATO). 9 - By in swiere ierdbeving yn Algerije komme 1.200 oant 1.400 minsken om. 29 - Stifting fan it CERN, de ynternasjonale natuerkundige organisaasje yn Switserlân. oktober 5 - Mei de dieling fan Triëst komt in ein oan 'e Triëstkrisis, dy't Itaalje en Joegoslaavje op 'e râne fan oarloch brocht hat. De benammen troch etnyske Italjanen bewenne stêd Triëst komt by Itaalje te hearren, wylst it fral troch etnyske Slovenen bewenne efterlân ûnderdiel fan Joegoslaavje wurdt. 11 - De orkaan Hazel treft Haïty. Der falle 1.000 deaden. 15 - By it Bloedbad fan Kibija rjochtet in spesjale ienheid fan it Israelyske leger, ûnder lieding fan Ariel Sharon, in slachting oan yn it Jordaanske doarp Kibija (of Qibiya). Der wurde 53 ûnwapene boargers fermoarde, wêrûnder in soad froulju en bern. novimber 1 - Yn Algerije brekt de bloedige Algerynske Oarloch út, wêrby't Algerynske frijheidsstriders yn opstân komme tsjin 'e Frânske koloniale oerhearsking. 8 - Oprjochting fan 'e Feriening Ald Harns. 14 - Nei in mislearre moardoanslach op 'e Egyptyske premier Djamal Abd el-Nasser, wurdt presidint Mohammed Nagyb (dy't dêr efter siet) finzen set. Nasser nimt de macht oer en wurdt presidint. desimber 2 - De Feriene Steaten en de Republyk Sina (Taiwan) slute in militêr bûnsgenoatskip.

Berne jannewaris 25 - Renate Dorrestein, Nederlânsk skriuwster, sjoernaliste en feministe († 2018) 29 - Oprah Winfrey, Amerikaansk presintatrise, aktrise en produsinte 31 - Jacobus Q. Smink, Frysk dichter en oersetter († 2024) 31 - Ad Vandenberg, Nederlânsk gitarist febrewaris 10 - Chuck Deely, Haachsk strjitmuzikant († 2017) 14 - Yuko Arakida, Japansk follybalster († 2024) 17 - Gurbe Douwstra, Frysk sjonger 24 - Klaske Hiemstra, Frysk skriuwster maart 1 - Catherine Bach, Amerikaansk aktrise 1 - Monika Pflug, Dútsk reedrydster 2 - Willem Mook, Frysk tekenlearaar en keunstner († 2019) 4 - Catherine O'Hara, Kanadeesk-Amerikaansk aktrise († 2026) 11 - Lida Boonstra, Frysk byldzjend keunstneresse 23 - Gaatske Wiersma, Frysk natoerbeskermster († 2021) 25 - Ecaterina Oancia, Roemeensk roeister († 2024) april 12 - Evert van Hemert, Nederlânsk byldhouwer en skilder maaie 17 - Colin Greenland, Ingelsk skriuwer juny 16 - Haitske Pijlman, Frysk reedrydster 28 - Raffaella De Laurentiis, Italjaansk film- en tillefyzjeprodusinte july 9 - Renée de Haan, Nederlânsk sjongster († 2016) 19 - Ferd Crone, Nederlânsk politikus 27 - Peter Mueller, Amerikaansk reedrider en reedrydtrainer 28 - Hugo Chávez, presidint fan Fenezuëla († 2013) augustus 11 - Joe Jackson, Ingelsk muzikant 25 - Elvis Costello, Ingelsk sjonger en komponist 27 - Gerrit Breteler, Nederlânsk-Fryske keunstskilder, tekstdichter, toanielskriuwer en sjonger († 2023) septimber 21 - Shinzo Abe, Japansk premier († 2022) 25 - Joep Lange, Nederlânsk medikus en AIDS-ûndersiker († 2014) oktober 19 - Sake Saakstra, Frysk keatser 24 - Henk van der Veer, Frysk skriuwer en dichter 29 - Lee Child, Ingelsk skriuwer novimber 2 - Auck Peanstra, Frysk skriuwster († 2016) 7 - Guy Gavriel Kay, Kanadeesk skriuwer 14 - Condoleezza Rice, Amerikaansk politika 14 - Douwe van der Meulen, Frysk puzelmakker 22 - Edgar Heap of Birds, Amerikaansk keunstner desimber 2 - Huub Stapel, Nederlânsk akteur en presintator 6 - Tjitse Smeding, Frysk trener-pikeur († 2010) 9 - Pia Dijkstra, Nederlânsk telefyzjemakster en politika 20 - Alice May (Alie de Vries), Frysk sjongster (bekend fan it duo Maywood) 31 - Alex Salmond, premier fan Skotlân († 2024) datum ûnbekend P.N. Elrod, Amerikaansk skriuwster

Ferstoarn febrewaris 9 - Jannes van Dijk, Nederlânsk politikus (* 1871) maart 6 - Geart Japiks van den Berg, Frysk rimelder en folksdichter (* 1886) april 5 - Märtha fan Sweden, kroanprinses-gemalin fan Noarwegen (* 1901) 10 - Oscar Mathisen, Noarsk reedrider (* 1888) 12 - Pim Mulier, Nederlânsk sportpionier (* 1865) maaie 7 - Geart Aeilco Wumkes, Frysk predikant en bibeloersetter (* 1869) juny 7 - Alan Turing, Ingelsk wiskundige (* 1912) 19 - Sjouke de Zee, Frysk skriuwer en propagandist (* 1892) july 29 - Coen de Koning - Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner (* 1879) augustus 5 - Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten, Frysk politikus (* 1870) 7 - Jan Popkes van der Zee, Frysk keunstner (* 1905) septimber 14 - Moje Öholm, Sweedsk reedrider (* 1883) novimber 3 - Henri Matisse, Frânsk keunstskilder (* 1869) desimber 17 - Foeke Kuipers, Frysk arsjitekt (* 1871)

Literatuer romans J.R.R. Tolkien, The Fellowship of the Ring (oerset yn it Frysk as It Selskip fan de Ring) J.R.R. Tolkien, The Two Towers (oerset yn it Frysk as De Twa Tuorren) poëzij Pablo Neruda, Oda a la Cebolla (oerset yn it Frysk as Oade oan de Sipel)

Films Casino Royale An Inspector Calls On the Waterfront

Kategory:20e iuw