Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren. Foarfallen jannewaris 4 - Yn 'e Koreaanske Oarloch feroverje Sineeske troepen Seoel, de haadstêd fan Súd-Koreä. 18 - By in útbarsting fan 'e Mount Lamington komme yn 'e Australyske koloanje Papoea, op eastlik Nij-Guineä, 3.000 minsken om. maart 14 - Nederlân wurdt troffen troch in ierdbeving dy't tsien minuten duorret. april 18 - Yn Parys wurdt de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel oprjochte troch de Benelúks-lannen, Frankryk, West-Dútslân en Itaalje. maaie 12 - Yn 'e neite fan it atol Eniwetok, yn 'e Marshalleilannen, hâlde de Feriene Steaten de earste proef mei in wetterstofbom. 30 - Yn Fryslân wurdt it nij groeven Van Harinxmakanaal iepensteld. juny 7 - De lêste deastraffen dy't resultearje út 'e Prosessen fan Neurenberch wurde útfierd. july 16 - Yn Belgje docht de troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Boudewyn. 21 - Moard op kening Abdûlla I fan Jordaanje. augustus 1 - Roel Hoekstra, Pieter de Haan en Hiele de Haan winne yn Frjentsjer de 98ste PC. Hiele de Haan wurdt útroppen ta kening. 25 - Yn Jorwert stoart de tsjerketoer yn, wat de oanlieding is foar it hâlden fan in iepenloftspul. septimber 1 - De Feriene Steaten, Austraalje en Nij-Seelân slute in militêr bûnsgenoatskip, it ANZUS-pakt. 8 - Yn it Amerikaanske San Francisco ûndertekenje 48 lannen it Ferdrach fan San Francisco, wêrmei't se frede slute mei Japan. De Sovjet-Uny, Poalen en Tsjechoslowakije, dy't formeel ek noch yn oarloch binne mei Japan, wegerje lykwols it ferdrach te ûndertekenjen. oktober 2 - De earste tillefyzje-útstjoering yn Nederlân. 17 - Bistedokter Sjirk Frânses van der Burg stiet foar it kantongerjocht op it Hearrenfean en wegeret him te ferbrekken. Dit is de oanlieding ta Kneppelfreed. novimber 16 - Kneppelfreed. Yn Ljouwert tsjinnet de rjochtsaak tsjin sjoernalisten Fedde Schurer en Tsjêbe de Jong om't se in rjochter belastere hawwe soene dy't him denigrearjend opsteld hie foar de Fryske taal oer. As der in kloft folk gearkomt op it Saailân, ûntstiet der opskuor troch it ûnnedich hurde yngripen fan 'e plysje. 27 - Yn 'e Koreaanske Oarloch wurdt in sjitferbod ôfkundige, no't de frontlinys sa goed as wer op it plak fan 'e âlde grins tusken Noard- en Súd-Koreä lizze. desimber 4 - Lybje wurdt ûnôfhinklik fan it tafersjoch troch de Feriene Naasjes, dat útoefene waard troch it Feriene Keninkryk en Frankryk. 20 - Omaan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 27 - Oprjochting fan it Museum Warkums Erfskip.

Berne jannewaris 1 - Hossein Hamadani, Iraansk generaal († 2015) 7 - Frans Kellendonk, Nederlânsk skriuwer († 1990) 12 - Rush Limbaugh, Amerikaansk radiopresintator († 2021) 12 - Kirstie Alley, Amerikaansk aktrise († 2022) 13 - Pieter Groenier, Nederlânsk akteur († 2014) 17 - Jos Heymans, Nederlânsk journalist († 2023) maart 4 - Saakje Huisman, Frysk skriuwster († 2001) 4 - Chris Rea, Iersk sjonger († 2025) 4 - Doete Venema, Frysk skriuwster 6 - Gerrie Knetemann, Nederlânsk hurdfytser († 2004) 13 - Hermine de Graaf, Nederlânsk skriuwster († 2013) 19 - Evert Wilstra, Frysk fierljepper († 2023) 30 - Anton Tkáč, Slowaaks baanhurdfytser († 2022) april 5 - André Roosenburg jr. Nederlânsk keatser († 2002) 5 - Theo Smit, Nederlânsk hurdfytser († 2023) 26 - Arne Jansen, Nederlânsk sjonger († 2007) 27 - Ace Frehley, Amerikaansk gitarist († 2025) maaie 3 - Larry van Wieren, Nederlânsk-Kanadeesk iisshokkyer 10 - Sytse van der Werf, Frysk sjonger en lietsjeskriuwer 19 - Dianne Holum, Amerikaansk reedrydster en reedrydtrainster juny 15 - Johan Remkes, Nederlânsk politikus 29 - Alex Brenninkmeijer, Nederlânsk jurist en Nasjonale Ombudsman († 2022) 30 - André Hazes, Nederlânsk sjonger († 2004) july 4 - John Eskes, Frysk muzikant, komponist en dirigint († 2015) 8 - Geert de Jong, Flaamsk aktrise 9 - Max van Weezel, Nederlânsk sjoernalist († 2019) 21 - Robin Williams, Amerikaansk akteur en komyk († 2014) 28 - Santiago Calatrava, Spaansk arsjitekt 29 - Jan de Haan, Frysk komponist, muzykútjouwer, dirigint en muzikant augustus 8 - Louis van Gaal, Nederlânsk fuotbaltrener 13 - Ric Parnell, Ingelsk drummer († 2022) 19 - John Deacon, Ingelsk bassist 20 - Greg Bear, Amerikaansk skriuwer († 2022) 28 - Wayne Osmond, Amerikaansk sjonger († 2025) septimber 2 - Mark Harmon, Amerikaansk akteur 9 - Tom Wopat, Amerikaansk akteur 17 - Piet Kleine, Nederlânsk maratonrider oktober 1 - Wil van Kralingen, Nederlânsk aktrise († 2012) 5 - Leah Poulos, Amerikaansk reedrydster 17 - Annie Borckink, Nederlânsk reedrydster 24 - Peter den Oudsten, Frysk politikus 25 - Joop Alberda, Nederlânsk sportbestjoerder novimber 4 - Traian Băsescu, presidint fan Roemeenje 14 - Alec John Such, Amerikaansk bassist († 2022) 25 - Charlaine Harris, Amerikaansk skriuwster 26 - Ilona Staller (La Cicciolina), Hongaarsk-Italjaansk pornoaktrise en politika desimber 3 - Minne Hovinga, Frysk keatser 30 - Goaitsen van der Vliet, Frysk skriuwer, útjouwer, konservator en muzikant datum ûnbekend Roy A. Tucker, Amerikaansk astronoom († 2021)

Ferstoarn 30 jannewaris - Ferdinand Porsche, Eastenryksk autoprodusint (* 1875) 19 febrewaris - André Gide, Frânsk skriuwer (* 1869) 29 april - Ludwig Wittgenstein, Eastenryksk wiisgear (* 1889) 16 maaie - Cornelis Gerritsma, Frysk politikus (* 1866) 20 july - kening Abdûlla I fan Jordaanje (* 1882) 31 july - J. van Oudshoorn, Nederlânsk skriuwer en amtner (* 1876) 5 novimber - Frank T. Hopkins, Amerikaansk hynsteman (* 1865)

Literatuer toaniel Eugène Ionesco, La Leçon (oerset yn it Frysk as De Les)

Films The African Queen Across the Wide Missouri

Kategory:20e iuw