Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren. Foarfallen jannewaris 5 - Yn 'e Earste Yndiaask-Pakistaanske Oarloch komme de stridende partijen in wapenstilstân oerien. It grutste part fan Kasjmier wurdt ûnderdiel fan Yndia, wylst de rest by Pakistan komt te hearren. 15 - Yn 'e Sineeske Boargeroarloch boeke de kommunisten fan Mao Zedong in grutte oerwinning mei de ferovering fan 'e wichtige havenstêd Tianjin. maart 10 - De Earste Arabysk-Israelyske Oarloch einiget yn in Israelyske oerwinning. 31 - Nei twa referinda yn 1948 giet it Dominion Nijfûnlân, in Britske koloanje yn Noard-Amearika, as provinsje op yn Kanada. april 4 - De Feriene Steaten, Kanada en tsien Westjeropeeske lannen rjochtsje de NATO op, in militêr bûnsgenoatskip dat tsjin 'e Sovjet-Uny rjochte is. 18 - De Ierske Frijsteat wurdt omfoarme ta de Republyk Ierlân. 23 - Yn 'e Sineeske Boargeroarloch nimme de kommunisten Nanjing yn, de haadstêd fan 'e (nasjonalistyske) Republyk Sina. maaie 5 - Yn Londen wurdt troch tsien Westjeropeeske lannen de Ried fan Jeropa oprjochte. 12 - Nei likernôch alve moannen heft de Sovjet-Uny de Blokkade fan Berlyn op. 23 - De Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân) wurdt ûnôfhinklik. 25 - Yn 'e Sineeske Boargeroarloch nimme de kommunisten de wichtige stêd Sjanghai yn. juny 7 - Yndia driuwt de anneksaasje troch fan it Himalayasteatsje Sikkim. 8 - Siam feroaret syn namme yn Tailân. 20 - De Feriene Steaten, de Sovjet-Uny, it Feriene Keninkryk en Frankryk berikke oerienstimming oer in fredesferdrach mei Eastenryk. Dat lân sil syn âlde grinzen fan 1 jannewaris 1938 weromkrije. july 14 - By wettersneed yn Sina oerstreame de Jangtse en de Giele Rivier. mear as 20.000 minsken komme om en mear as 2 miljoen reitsje dakleas. augustus 3 - Hotze Schuil, Wytse Vlietstra en Lammert Heeringa winne yn Frjentsjer de 96ste PC. Lammert Heeringa wurdt útroppen ta kening. 8 - Bûtan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. septimber 23 - Presidint Harry Truman fan 'e Feriene Steaten makket bekend dat de Amerikaanske feilichheidstsjinsten fêststeld hawwe dat de Sovjet-Uny no oer in atoombom beskikt. oktober 1 - Yn Peking ropt de kommunistyske foaroanman Mao Zedong de Folksrepublyk Sina út. 7 - De Dútske Demokratyske Republyk (East-Dútslân) wurdt ûnôfhinklik. 15 - It Folksbefrijingsleger fan 'e Folksrepublyk Sina feroveret de súdlike stêd Kanton. 15 - De Hongaarske minister fan Bûtenlânske Saken László Rajk wurdt beskuldige fan titoïsme en ophongen. 16 - De Grykske Boargeroarloch einiget mei de nederlaach fan 'e kommunistyske opstannelingen. desimber 7 - It regear fan 'e nasjonalistyske Republyk Sina foltôget de evakuaasje fan it Sineeske fêstelân nei it eilân Taiwan. 27 - Yndoneezje wurdt ûnôfhinklik fan Nederlân. datum ûnbekend - It earste aventoer fan Kick Wilstra ferskynt. - Joe Sobek tinkt paddleball op; letter wurdt de namme raquetball.
Berne jannewaris 4 - Klaas Jansma, Frysk sjoernalist, skriuwer en kommentator 10 - George Foreman, Amerikaansk bokser († 2025) 15 - Tsjêbbe Hettinga, Frysk dichter († 2013) 19 - Apesanahkwat, Amerikaansk politikus, aktivist en akteur 19 - Arend Langenberg, Nederlânsk radionijslêzer en voice-over-artyst († 2012) 24 - Ben van der Geest, Frysk byldzjend keunstner en lesjouwer 27 - Galina Stepanskaja, Russysk reedrydster febrewaris 3 - Hennie Kuiper, Nederlânsk hurdfytser 13 - Jan Egil Storholt, Noarsk reedrider 19 - Grietine Molenbuur, Frysk turnster, dûnseresse en goreografe 22 - Niki Lauda, Eastenryksk Formule 1-koereur († 2019) maart 1 - Sido Martens, Frysk muzikant 8 - Cees Veerman, Nederlânsk politikus en boer 26 - Patrick Süskind, Dútsk skriuwer april 23 - John Miles, Ingelsk muzikant († 2021) maaie 4 - Graham Swift, Ingelsk skriuwer 5 - Eppie Bleeker, Frysk hurdrider 26 - Pam Grier, Amerikaansk aktrise juny 10 - Neeltsje Bonnema, Frysk skriuwster 14 - Alan White, Ingelsk drummer († 2022) 22 - Lillian Stewart Carl, Amerikaansk skriuwster 25 - Patrick Tambay, Frânsk Formule 1 koereur († 2022) july 7 - Shelley Duvall, Amerikaansk aktrise († 2024) 17 - Willem Verf, Frysk politikus en skriuwer 26 - Roger Taylor, Ingelsk drummer 28 - Randall Wallace, Amerikaansk skriuwer, regisseur en filmprodusint augustus 1 - Johannes van der Ploeg, Frysk keatser († 2025) 5 - Viola Holt, Nederlânsk presentatrise († 2025) 8 - Danny Peary, Amerikaansk publisist en filmkritikus 8 - Ids Willemsma, Frysk keunstner 10 - Harry Slinger, Nederlânsk sjonger 12 - Janet Maslin, Amerikaansk film- en literatuerkritika 21 - Dominic Grant, Ingelsk sjonger († 2020) septimber 2 - Albert West, Nederlânsk sjonger († 2015) 10 - Bill O'Reilly, Amerikaansk konservatyf radio- en telefyzjepresintator oktober 4 - Jay Scott, Amerikaansk-Kanadeesk filmkritikus († 1993) 11 - Gjalt Pilat, Frysk meubelûntwerper 15 - Nanne Kalma, Frysk muzikant en komponist novimber 2 - Lois McMaster Bujold, Amerikaansk skriuwster 29 - Garry Shandling, Amerikaansk komyk en akteur († 2016) desimber 23 - Els de Groen, Nederlânske skriuwster († 2025) 31 desimber - Ellen Datlow, Amerikaansk redaktrise fan ferhalebondels datum ûnbekend Mark Carriere, Amerikaansk pornoregisseur en -produsint Han van der Horst, Nederlânsk histoarikus en publisist Jan Popkema, Frysk oersetter
Ferstoarn febrewaris 7 - Gurcharan Singh Grewal, Britsk-Yndysk hockeyer (* 1911) 15 - Roger François, Frânsk gewichtheffer (* 1900) maart 9 - Charles Bennett, Ingelsk atleet (* 1870) maaie 15 - Ids Roukema, Frysk keatser (* 1889) juny 10 - Sigrid Undset, Noarsk skriuwster (* 1882) 21 - Willem George Frederik Jansen, Frysk keunstskilder (* 1871) july 9 - Gerrit Knop, Skylger skriuwer, dichter en taalkundige (* 1873) 30 - Lorenz Conrad Peters, Noardfrysk skriuwer en learaar (* 1885) augustus 13 - Geerhardus Vos, Frysk-Amerikaansk teolooch (* 1862) septimber 8 - Richard Strauss, Dútsk komponist (* 1864) oktober 5 - Theo Slot, Nederlânsk fleantúchbouwer (* 1895) desimber 28 - John Lovelock, Nijseelânsk atleet (* 1910)
Films Nachtwache She Wore a Yellow Ribbon
Kategory:20e iuw