Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren. Foarfallen jannewaris 3 - De premiêre fan it toanielstik Wachtsjen op Godot, fan Samuel Beckett. 31 - De Wettersneedramp, feroarsake troch in kombinaasje fan springtij en noardwesterstoarm, feroarsaket seedyktrochbraken yn ferskate lannen oan 'e Noardseekust, yn Nederlân, strûpt de hiele provinsje Seelân der hast ûnder. maart 5 - Josef Stalin, de lieder fan 'e Sovjet-Uny, komt te ferstjerren. Neitiid makket syn opfolger Nikita Chrûsjtsjov skjin skip mei it stalinisme yn in proses fan 'destalinisaasje'. maaie 29 - De Nijseelânske berchbeklimmer Edmund Hillary en de Nepaleeske berchgids Tenzing Norgay berikke as earste minsken de top fan 'e Mount Everest, de heechste berch fan 'e wrâld. juny 17 - Yn 'e DDR brekt de Juny-opstân út, in folksrebûlje fan ûntefreden arbeiders, dy't troch de Sovjet-besettingsmacht bloedich delslein wurdt. 19 - Fûad, de lêste kening fan Egypte wurdt ôfset. De Frije Ofsieren, in militêre gûnta dy't efter de skermen al sûnt july 1952 de macht yn 'e hannen hie, formalisearret syn bewâld. It lân wurdt in republyk en generaal Mohammed Nagyb wurdt de earste presidint fan Egypte. 19 - It troud pear Julius en Ethel Rosenberg wurdt yn 'e Feriene Steaten eksekutearre foar spionaazje foar de Sovjet-Uny. july 26 - In oanfal fan in groepke Kubaanske opstannelingen, ûnder lieding fan Fidel Castro, op 'e Moncada-kazerne by Santiago de Cuba mislearret. Dit is lykwols it begjin fan 'e Kubaanske Revolúsje. 27 - Oan 'e Koreaanske Oarloch komt in ein mei it sluten fan 'e Koreaanske Wapenstilstânsoerienkomst. De grins tusken Noard- en Súd-Koreä leit no nei trije jier fan dea en ferdjer frijwol op itselde plak as tefoaren. 29 - Hotze Schuil, Frans Helfrich en Rinnie Kuiper winne yn Frjentsjer de 100ste PC. Rinnie Kuiper wurdt útroppen ta kening. augustus 8 - De Sovjet-Uny makket bekend as twadde lân de wetterstofbom ûntwikkele te hawwen. 20 - Frankryk set sultan Mohammed V fan Marokko ôf en stjoert him yn ballingskip op Korsika. Reden dêrfoar is it oanhâldende oankringen fan 'e sultan op ûnôfhinklikheid fan Marokko, dat in Frânsk protektoraat is. oktober 22 - Laos wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. novimber 9 - Kambodja wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. desimber desimber - Yn 'e Feriene Steaten wurdt de earste edysje fan it neakenblêd Playboy publisearre. 31 - It earste fak fan de A32 wurdt iepene, fan Knooppunt It Hearrenfean oant Haskerdiken.

Berne jannewaris 2 - Jacques Tichelaar, Fryske politikus 29 - Deng Lijun, Taiwaneesk sjongeres († 1995) febrewaris 24 - Caren Wood (Doetie de Vries), Frysk sjongster (bekend fan it duo Maywood) 28 - Wim en Hans Anker (twilling), Fryske abbekaten maart 5 - Eppie Dam, Frysk skriuwer en dichter († 2026) 12 - Ron Jeremy, Amerikaansk pornoakteur 27 - Patricia Wrede, Amerikaansk skriuwster maaie 10 - Joop Mulder, Frysk teäterprodusint († 2021) 13 - Harm Wiersma, Frysk dammer 18 - Margryt Poortstra, Frysk skriuwster 25 - Eve Ensler, Amerikaansk toanielskriuwster juny 4 - Anneke Zeinstra, Frysk hurdrydster 13 - Tim Allen, Amerikaansk komyk en akteur 14 - Lieve Joris, Flaamsk skriuwster 15 - Xi Jinping, Sineesk politikus en presidint fan de Folksrepublyk Sina 21 - Benazir Bhutto, Pakistaansk politika († 2007) july 12 - Tineke Fopma, Frysk hurdfytsster 13 - Gil Birmingham, Amerikaansk akteur 26 - Henk Bleker, Nederlânsk politikus augustus 2 - Mieke van der Weij, Nederlânsk presintatrise en berneboekeskriuwster. 9 - Kay Stenshjemmet, Noarsk reedrider septimber 25 - Liuwe Tamminga, Frysk oargelist († 2021) oktober 6 - Klaas Bruinsma, Nederlânsk drugshanneler († 1991) 17 - Gerlof Hamersma, Frysk keunstner desimber 29 - Max Werner, Nederlânsk drummer († 2024) datum ûnbekend Dave Kehr, Amerikaansk filmkritikus en konservator

Ferstoarn jannewaris 24 - Tames Oud, Amelânsk keunstskilder en grafikus (* 1895) maart 28 - Jim Thorpe, Amerikaansk atleet (* 1887) maaie 9 - Murk Boerstra, Frysk generaal (* 1883) 28 - Carl Sweezy, Amerikaansk keunstner (* 1881) july 15 - Pierpont Davis, Amerikaansk siler en arsjitekt (* 1884) augustus 5 - Sven Johansson, Sweedsk kanoër (* 1912) septimber 12 - Sibe van Aangium (ps. fan Hendrik Steen), Frysk skriuwer (* 1895) 18 - Ate Dykstra, Frysk-Amerikaansk politikus (* 1865) oktober 15 - Helene Mayer, Dútsk skermster (* 1910) 18 - Douwe Kalma, Frysk oersetter, dichter en skriuwer (* 1896) novimber 9 - Abdûlazyz ibn Saûd, stifter en kening fan Saûdy-Araabje (* 1876) 9 - Dylan Thomas, Welsk dichter en skriuwer (* 1914) 23 - Reinder Brolsma, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1882) desimber 31 - Albert Plesman, Nederlânsk loftfeartpionier (* 1889)

Literatuer koarte ferhalen Elmore Leonard, Three-Ten to Yuma toaniel Johannes Allen, Mennesker ved en Grænse (oerset yn it Frysk as Minsken oan in Grins)

Films Calamity Jane Kiss Me, Kate

Kategory:20e iuw