Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Sûdaan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk en Egypte. 5 - Earste NTS-sjoernaal op 'e Nederlânske tillefyzje. 26-5 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Cortina d'Ampezzo, yn Itaalje. febrewaris 14 - By de Alfde Alvestêdetocht komme Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Anton Verhoeven en Maus Wijnhout as earsten oer de einstreek yn in tiid fan 8 oeren en 46 minuten. Om't dielde oerwinnings troch de Feriening De Fryske Alve Stêden nei 1940 ferbean wiene, wurde hja lykwols net as winners erkend. Offisjeel is der by dizze Alvestêdetocht gjin winner. maart 10 - Aartsbiskop Makarios III, de lieder fan it anty-koloniale ferset yn 'e Britske koloanje Syprus, wurdt troch de Britten ferballe nei in oare Britske koloanje, de Seysjellen. 20 - Tuneezje wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. april 2 - Begjin fan 'e Amerikaanske soapsearje As the World Turns. 7 - Marokko wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. 14 - De earste demonstraasje fan 'e fideorecorder troch Ampex, in Amerikaanske produsint. 19 - Yn Monako wurdt it houlik sletten fan prins Reinier III en de Amerikaanske aktrise Grace Kelly. juny 15 - Yn Dokkum wurdt Sikehûs De Sionsberch iepene. 28 - Yn 'e Poalske stêd Poznań brekt in opstân út ûnder arbeiders. Dy wurdt noch deselde jûns delslein troch it Poalske leger, wêrby't 50 oant 80 arbeiders deade wurde. 30 - By de fleanramp boppe de Grand Canyon komme in Douglas DC-7 fan United Airlines en in Lockheed L-1049 Super Constellation fan TWA boppe de Grand Canyon, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, mei-inoar yn botsing. Alle 128 ynsitters fan beide fleantugen litte dêrby it libben. july 26 - De Egyptyske presidint Gamal Abdel Nasser kundiget de nasjonalisearring fan it Suëzkanaal oan. Dit liedt ta de saneamde Suëzkrisis, om't it Feriene Keninkryk en Frankryk dizze gong fan saken net akseptearje. augustus 1 - Marten van der Leest, Johan Jansen en Arp Hiemstra winne yn Frjentsjer de 103e PC. Arp Hiemstra wurdt útroppen ta kening. 24 - Yn Nederlân wurdt de Greet Hofmans-affêre ôfsletten. oktober 23 - Yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest rint in grutte demonstraasje út op in folksopstân tsjin 'e Sovjet-oerhearsking: it begjin fan 'e Hongaarske Opstân fan 1956. 24 - De earder yn ûngenede fallen Imre Nagy wurdt troch de Hongaarske opstannelingen wer ta premier makke. 29 - De Suëzkrisis liedt ta de Suëzoarloch: Israelyske troepen falle Egypte binnen. 31 - Yn it ramt fan 'e Suëzoarloch falle it Feriene Keninkryk en Frankryk Egypte oan. novimber 1 - It Reade Leger falt it opstannige Hongarije binnen. 4 - Sovjet-troepen slane nei 13 dagen mei grou geweld de Hongaarske Opstân del. Tûzenen Hongaren flechtsje nei it Westen. Premier Imre Nagy moat ôfgean. János Kádár foarmet in nij regear, dat trou is oan 'e Sovjet-Uny. 6 - Yn it ramt fan 'e Suëzoarloch lânje Britske en Frânske troepen yn Egypte en feroverje de havenstêd Port Saïd. 22-8 desimber - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Melbourne, yn Austraalje. 23 - Yn in resolúsje dêr't sawol de Feriene Steaten as de Sovjet-Uny foar stimme, easket de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes dat Israel, it Feriene Keninkryk en Frankryk fuortendaliks en sûnder betingsten de Suëzoarloch beëinigje en al harren troepen út Egypte weromlûke. desimber 2 - Fidel Castro keart út Meksikaanske ballingskip werom nei Kuba en begjint dêr in guerriljastriid tsjin it bewâld fan diktator Fulgencio Batista. 3 - It Feriene Keninkryk en Frankryk jouwe belies ûnder swiere druk fan û.m. de Feriene Steaten, en beslute ta de weromlûking fan harren troepen út Egypte. 21 - Nei 381 dagen liedt de Busboycot fan Montgomery einlings ta de desegregaasje fan it iepenbier ferfier yn 'e Amerikaanske stêd Montgomery (Alabama). 22 - De lêste Britske en Frânske troepen ferlitte Egypte, wêrmei't in ein komt oan 'e belutsenens fan dy beide lannen by de Suëzoarloch.
Berne jannewaris 13 - Jan Schulting, Fryske fuotballer en fuotbaltrener 24 - Adri de Boer, Fryske trûbadoer 28 - Cornelis van der Wal, Fryske skriuwer febrewaris 17 - Jarich Hoekstra, Fryske skriuwer en oersetter 29 - Geartsje Douma, Fryske skriuwster maart 7 - Nico Dros, Nederlânske skriuwer 12 - Steve Harris, Ingelske bassist 13 - Dana Delany, Amerikaanske aktrise 26 - Gene Bervoets, Flaamske akteur april 26 - Bert Swart, Nederlânsk politikus († 2017) maaie 16 - Ernst Langhout, Fryske muzikant († 2024) 16 - Loretta Schrijver, Nederlânsk nijslêzer († 2025) 17 - Bob Saget, Amerikaanske komyk, akteur en presintator († 2022) 30 - Clairy Polak Nederlânsk sjoernaliste en presintatrise († 2023) juny 14 - Popke van der Zee, Fryske learaar, toanielakteur en oersetter († 2020) 14 - King Diamond, Deensk sjonger 29 - Ale S. van Zandbergen, Frysk skriuwer july 5 - Beart Oosterhaven, Frysk dichter, oersetter en publisist 6 - Joop Atsma, Frysk politikus en bestjoerder 31 - Theo Douma, Frysk hûsdokter, sjonger en lietsjeskriuwer († 2011) augustus 13 - Atte Jongstra, Frysk skriuwer, essayist en resinsint 21 - Kim Cattrall, Ingelsk-Kanadeesk-Amerikaansk aktrise septimber 6 - Nop de Graaf, Mei-grûnlizzer Kameleondoarp Terherne († 2022) 10 - Debby Petter, Nederlânsk kabaretiêre, aktrise en nijslêzeresse 30 - Frank Löwik, Twintsk histoarikus en skriuwer († 2009) oktober 12 - Trần Đại Quang Fjetnameesk presidint († 2018) 19 oktober - Marijke Jongbloed, Frysk dokumintêremakster († 2016) 21 - Carrie Fisher, Amerikaansk aktrise († 2016) 31 - Roberto Malone, Italjaansk pornoakteur novimber 3 - Gijs de Lange, Nederlansk akteur († 2022) 5 - Bert Wagendorp, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist 12 - Jannes van der Wal, Frysk dammer († 1996) 14 - Peter R. de Vries, Nederlânske misdieferslachjouwer († 2021) 20 - Bo Derek, Amerikaansk aktrise desimber 12 - Johan van der Velde, Nederlânsk hurdfytser 15 - Piet Paulusma, Frysk waarman († 2022) 16 - Auke Herrema, Frysk yllustrator en cartoonist 23 - Dave Murray, Ingelsk gitarist datum ûnbekend Eerde Schippers, Frysk arsjitekt april - Jack Campbell, Amerikaansk skriuwer
Ferstoarn jannewaris 2 - Fernand Jourdant, Frânsk skermer (* 1903) 5 - Hartman Sannes, Frysk skiedkundige en publisist (* 1890) febrewaris 5 - Oepke Noordmans, Frysk predikant en teolooch (* 1871) 8 - William Thompson, Amerikaansk roeier (* 1908) 24 - Gerrit Smith Miller jr., Amerikaansk biolooch (* 1869) maart 26 - François Jaffrennou, Bretonsk dichter en aktivist (* 1879) 28 - Hein van der Vliet, Frysk amateur-archeolooch (* 1890) maaie 2 - Thure Sjöstedt, Sweedsk wrakselder (* 1903) juny 18 - Tjipke Postma, Frysk skipper en folksdichter (* 1866) 20 - René Bougnol, Frânsk skermer (* 1911) augustus 27 - Roelof Hommema, Frysk roeier (* 1904) septimber 22 - Khadr El Touni, Egyptysk gewichtheffer (* 1916) 26 - Jouke Annes Bakker, Frysk politikus (* 1873) 27 - Babe Zaharias, Amerikaansk atlete (* 1911) datum ûnbekend Louis Coues Page, Amerikaansk útjouwer (* 1869)
Films Around the World in Eighty Days The King and I The Man Who Knew Too Much The Searchers
Kategory:20e iuw