Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris 12 - By in bloedige steatsgreep yn Sansibar wurdt de lêste sultan, Djamsjyd bin Abdûlla, ôfset. It lân wurdt no de Folksrepublyk Sansibar en Pemba. 29-9 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Innsbruck, yn Eastenryk. 31 - Yn it ûnder tafersjoch fan it regear fan 'e Feriene Steaten publisearre rapport Smoking and Health wurdt foar it earst in ferbân lein tusken smoken en longkanker. maart 27 - By in ierdbeving yn Alaska, ek bekend as de Goedfreedierdbeving, komme 133 minsken om. It is de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is. 31-1 april - By in steatsgreep yn Brazylje wurdt it demokratysk keazen regear fan presidint João Goulart ôfset en komt in militêre diktatuer oan 'e macht, dy't it lân mear as tweintich jier ûnderdrukke sil. april 26 - De Republyk Tanganjika en de Folksrepublyk Sansibar en Pemba ferrane ta in nij lân: de Feriene Republyk Tanzania. 29 - De Nederlânske prinsesse Irene trout yn Rome mei de roomske Spaanske ealman Karel Hugo fan Boerbon-Parma. juny 12 - Yn Súd-Afrika wurdt de swarte anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. 19 - De Ljouwerter fuotbalklub SK Cambuur Ljouwert wurdt oprjochte. 21 - Yn 'e Amerikaanske steat Mississippy fine de saneamde Frijheidssimmermoarden plak. Derby wurde trije aktivisten fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging, James Chaney, Andrew Goodman en Mickey Schwerner, fermoarde troch de Ku Klux Klan yn gearwurking mei de pleatslike plysje. july 2 - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Boargerrjochtewet fan 1964, wêrmei't rasseskieding op skoallen, op it wurk en yn iepenbiere romten yllegaal wurdt. 6 - Malawy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 29 - Rienk de Groot, Sjoerd Heeringa en Johan Halbesma winne yn Frjentsjer de 111e PC. Johan Halbesma wurdt útroppen ta kening. augustus 2 - By it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin wurdt (nei it sizzen fan 'e Amerikanen) in Amerikaansk marineskip yn 'e Golf fan Tonkin, foar de kust fan Noard-Fjetnam, oanfallen troch de Noardfjetnamezen. (Yn 2005 soe út frijjûne dokuminten fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA bliken dwaan dat de oanfal troch de Amerikanen optocht wie as ferlechje om aktive dielname fan Amerikaanske troepen oan 'e Fjetnamoarloch te rjochtfeardigjen.) 7 - It Amerikaanske Kongres nimt de Golf-fan-Tonkinresolúsje oan, wêrmei't as antwurd op ít Ynsidint yn de Golf fan Tonkin frij baan jûn wurdt oan 'e ynset fan Amerikaanske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch. septimber 21 - Malta wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 27 - It rapport fan 'e Kommisje-Warren oer de moard op John F. Kennedy wurdt publisearre. Neffens de kommisje wurke de (ek fermoarde) Lee Harvey Oswald folslein allinnich. oktober 10-24 - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Tokyo. 15 - Fanwegen syn almar ûnfoarsisberder hâlden en dragen wurdt Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov út al syn funksjes set. As siktaris-generaal wurdt er opfolge troch Leonid Brezjnjev. 16 - De Folksrepublyk Sina bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing. 24 - Sambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. novimber 4 - De Iraanske geastlike Rûholla Chomeiny, in skerp kritikus fan 'e sjah, wurdt út syn heitelân ferballe. 24 - Belgyske kommando's befrije yn 'e Demokratyske Republyk Kongo in groep fan 60 Amerikanen en 800 Belgen dy't yn Stanleystad gizele waarden troch rebellen. By de operaasje falle in protte deaden. datum ûnbekend - Kees van Kooten en Wim de Bie hawwe har debút as Klisjeemannetjes yn it radio-programma Uitlaat (fan de VARA).
Berne jannewaris 17 - Michelle Obama, Amerikaansk presidintsfrou 20 - Mustapha Oukbih, Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer († 2017) febrewaris 3 - Søren Malling, Deensk akteur 11 - Sarah Palin, Amerikaansk politika maart 1 - Paul Le Guen, Bretonsk fuotballer 3 - Laura Harring, Meksikaansk-Amerikaansk aktrise en model 5 - Gerald Vanenburg, Nederlânsk fuotballer 7 - Eva Wiessing, Nederlânsk ferslachjouster 8 - Mariska Hulscher, Nederlânsk presintatrise 9 - Juliette Binoche, Frânsk aktrise 18 - Bonnie Blair, Amerikaansk reedrydster 18 - Seymore Butts, Amerikaansk pornoakteur en -produsint en realitypersoanlikheid 21 - Douwe Heeringa, Frysk sjonger en programmamakker 31 - Monique Knol, Frysk hurdfytster april 1 - Erik Breukink, Nederlânsk hurdfytser 12 - Pandora Peaks Amerikaansk neakenmodel en aktrise 23 - Bill Browder, Amerikaanske sakeman en aktivist maaie 1 - Yvonne van Gennip, Nederlânsk hurdrydster 4 - Rocco Siffredi, Italjaansk pornoakteur juny 3 - Doro Pesch, Dútsk sjongeres 3 - Ye Qiaobo, Sineesk reedrydster 11 - Jean Alesi, Frânsk autokoereur 22 - Dan Brown, Amerikaansk skriuwer july 1 - Geartsje de Vries, Frysk sjoernaliste, redaktrise en presintatrise 16 - Miguel Induráin, Spaanks hurdfytser 19 - Henk Rouwé, Frysk roeier 26 - Johan Leutscher, Frysk roeier augustus 4 - Jan Tekstra, Frysk sjonger, muzikant en komponist 4 - Wout Zijlstra, Frysk krêftsporter 20 - Dörte Hansen, Dútsk skriuwster septimber oktober 8 - Jakob Arjouni, Dútsk skriuwer († 2013) 9 - Jacqueline Carey, Amerikaansk skriuwster 20 - Kamala Harris, fise-presidinte fan 'e Feriene Steaten 21 - Annemiek Schrijver, Nederlânsk presintatrise en skriuwster 23 - Robert Trujillo, Amerikaansk bassist novimber 11 - Ron van den Hout, Nederlânsk biskop desimber 1 - Jo Walton, Welsk-Kanadeesk skriuwster 3 - Sjieuwe Borger, Frysk skriuwer 28 - Antoinette Hertsenberg, Nederlânsk presintatrise datum ûnbekend Shada Nasser, Jemenitysk abbekate en minskerjochte-aktiviste Jonathan Strahan, Australysk boekeredakteur en útjouwer
Ferstoarn jannewaris 10 - A. Marja, Nederlânsk skriuwer (* 1917) 27 - Stuart N. Lake, Amerikaansk publisist (* 1889) febrewaris 2 - Jakob Brendel, Dútsk wrakselder (* 1907) 25 - Maurice Farman, Frânsk loftfeartpionier (* 1877) juny 6 - Albina Osipowich, Amerikaansk swimster (* 1911) 11 - Lolle Piers de Boer, Frysk skiedkundige en frisiast (* 1881) 22 - Wike Zijlstra, Frysk ûnderwizeres en pedagoge (* 1893) 22 - Havank (Hans van der Kallen), Frysk skriuwer (* 1904) 26 - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelmakker (* 1888) july 7 - Lillian Copeland, Amerikaansk atlete (* 1904) augustus 12 - Ian Fleming, Ingelsk skriuwer (* 1908) septimber 3 - Mario Lusiani, Italjaansk baanhurdfytser (* 1903) novimber 6 - Hugo Koblet, Switsersk hurdfytser (* 1925) desimber 17 - Jurjen Koksma, Frysk wiskundige (* 1904)
Literatuer prizen Jean-Paul Sartre wint de Nobelpriis foar de Literatuer, mar wegeret dy romans Simon Vestdijk, Het Genadeschot Jan Cremer, Ik Jan Cremer Elizabeth Bowen, The Little Girls Elie Wiesel - Les Portes de la Forêt (oerset yn it Frysk as De Poarten fan it Wâld) novelles Tonke Dragt, De Blauwe Boekanier (berneboekewikegeskink) poëzij Ezra Pound - The Cantos (foar in diel oerset yn it Frysk as De Kanto's) non-fiksje Susan Sontag, Notes on Camp (essay)
Films The Fall of the Roman Empire A Fistful of Dollars Goldfinger Mary Poppins Winnetou 2. Teil Zulu
Muzyk thumb|Beatlemania albums The Beatles, A Hard Day's Night The Beatles, Beatles For Sale The Rolling Stones, The Rolling Stones The Rolling Stones, The Rolling Stones: England's Newest Hit Makers The Rolling Stones, 12 x 5
singles The Beach Boys, I Get Around Billy J. Kramer with The Dakotas, Little Children Bobby Fuller Four, I Fought the Law Chad & Jeremy, A Summer Song Chad & Jeremy, Yesterday's Gone Chubby Checker, Lovely Lovely Cilla Black, You're My World Cliff Richard, Constantly Cliff Richard, I Could Easily Fall in Love The Dave Clark Five, Bits and Pieces The Dave Clark Five, Glad All Over The Supremes, Baby Love The Supremes, Where Did Our Love Go Dixie Cups, Chapel of Love Freddie & the Dreamers, Over You Gerry & The Pacemakers, Ferry Cross the Mersey Geschwister Jacob, Träume der Liebe Herman's Hermits, I'm into Something Good Imca Marina, Harlekino Jim Reeves, I Love You Because Julie Rogers, The Wedding The Jumping Jewels, Irish Washer Woman The Jumping Jewels, Jumping Can-Can The Jumping Jewels, Zambezi Lucille Starr, Colinda Lucille Starr, Quand le Soleil Dit Bonjour aux Montagnes (The French Song) Lulu, Shout Manfred Mann, Do Wah Diddy Diddy Marianne Faithfull, As Tears Go By Martha Reeves & The Vandellas, Dancing in the Street Mary Wells, My Guy Millie Small, My Boy Lollipop Peter & Gordon, True love Ways Petula Clark, Downtown The Rolling Stones, It's All Over Now The Rolling Stones, Little Red Rooster The Rolling Stones, Tell Me The Rolling Stones, Time Is on My Side The Rolling Stones, You Better Move On Roy Orbison, Pretty Woman Royal Showband Waterford, Huckle Buck The Swinging Blue Jeans, Hippy Hippy Shake The Animals, House of the Rising Sun The Beatles, A Hard Day's Night The Beatles, Ain't She Sweet The Beatles, All My Loving The Beatles, Can't Buy Me Love The Beatles, I Feel Fine The Beatles, I Should Have Known Better The Drifters, Saturday Night at the Movies The Fortunes, Caroline The Hollies, Here I Go Again The Hollies, Just One Look The Searchers, Needles and Pins Trini Lopez, This Land Is Your Land Willeke Alberti, Mijn Dagboek
Kategory:20e iuw