Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris 17 - Moard op Patrice Lumumba, de premier fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Maurice Mpolo, de minister fan Jeugdsaken en Sport, en Joseph Okito, de ûnderfoarsitter fan 'e senaat. Se wurde stânrjochtlik eksekutearre troch in Belgysk-Kongoleesk fjoerpeloton. 20 - John F. Kennedy wurdt ynsward as presidint fan 'e Feriene Steaten. febrewaris 15 - By Berg-Kampenhout, 4 km foar de Brusselske lofthaven Zaventem, stoart Sabena-flecht 548 del. Alle 72 ynsittenden en in boer op 'e grûn litte dêrby it libben. Ek it foltallige, 18 leden tellende Amerikaanske keunstrydteam, dat ûnderweis wie nei de wrâldkampioenskippen yn Praach, komt om. april 11 - Begjin fan it Eichmann-proses yn Jeruzalim. 12 - Lansearing fan 'e Vostok 1-raket. De Sovjet-kosmonaut Joeri Gagarin sirkelet as earste minske ien kear yn in baan om 'e Ierde en docht dat yn 1 oere en 48 minuten. 17 - Mei Amerikaanske stipe fiere anty-kommunistyske Kubaanske ballings yn 'e Bargebaai de Ynvaazje yn de Bargebaai út, mei as bedoeling om in folksopstân op Kuba tewei te bringen en presidint Fidel Castro ôf te setten. De operaasje mislearret jammerdearlik. 24 - Ofsluting fan de Fearske Mar, yn Seelân. 27 - Sierra Leöane wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. maaie 5 - De Amerikaanske astronaut Alan Shepard wurdt lansearre oan board fan 'e Mercury MR-3. Hy is de twadde minske (en de earste Amerikaan) yn 'e romte. 16 - By in steatsgreep yn Súd-Koreä komt Park Cheung Hee oan 'e macht. 30 - Moard op Rafael Trujillo, de diktator fan 'e Dominikaanske Republyk. juny 19 - Koeweit wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. july 1 - Rûanda en Boerûndy wurde ûnôfhinklik fan Belgje. 21 - De Amerikaanske astronaut Virgil Grissom wurdt de romte ynsketten mei de Mercury MR-4. augustus 2 - Rienk de Groot, Johan Jansen en Martinus Santema winne yn Frjentsjer de 108ste PC. Martinus Santema wurdt útroppen ta kening. 6 - De Sovjet-kosmonaut German Titov wurdt de romte ynsketten mei de Vostok 2. It is in rekôrflecht fan 24 oeren en 17 kear om 'e Ierde hinne. 13 - Yn Berlyn begjinne de Sovjet-Uny en de DDR mei de bou fan 'e Berlynske Muorre, dy't de beide stedsdielen West-Berlyn en East-Berlyn fysyk faninoar skiede moat, sadat kontakt tusken de ynwenners ûnmooglik wurdt. septimber 11 - Yn Irak brekt de Fjirde Koerdysk-Arabyske Oarloch út tusken it Iraakske leger en de Koerdyske minderheid yn it noarden fan it lân. 28 - Yn Syrje nimt it leger de macht oer. It lân stapt dêrnei út 'e Feriene Arabyske Republyk mei Egypte. oktober 1 - It eardere Britsk-Kameroen wurdt opspjalten yn Noard-Kameroen en Súd-Kameroen; Noard-Kameroen komt by Nigearia te hearren, wylst Súd-Kameroen yntegrearre wurdt yn 'e Republyk Kameroen (it eardere Frânsk-Kameroen). desimber 9 - Tanganjika, it eardere Dútsk East-Afrika, wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 10 - It kommunistyske Albaanje ferbrekt de diplomatike bannen mei de Sovjet-Uny. 15 - Nei in proses wurdt yn Israel de Dútske oarlochsmisdiediger Aldolf Eichmann ta de deastraf feroardiele. 17 - Anneksaasje fan Goä: Yndiaaske troepen falle Goä en Daman en Diû binnen, gebieten mei-inoar de koloanje Portegeesk-Ynje foarmje. It Portegeeske koloniale bestjoer wurdt ferdreaun en de gebieten wurde troch Yndia anneksearre. datum ûnbekend - De earste yndustriële robotearm, Unimate, wurdt yn gebrûk naam yn it General Motors-fabryk yn Nij-Jersey.

Berne jannewaris 17 - Yasmine Galenorn, Amerikaansk skriuwster 19 - Marius de Boer, Frysk sjonger en muzikant († 2023) 30 - Sean Hannity, Amerikaansk konservatyf radio- en telefyzjepresintator maart 6 - Clark Accord, Surinaamsk skriuwer en fisazjist 7 - Marijke van Hees, Nederlânsk politikus 8 - Peter Larsson, Sweedsk fuotballer 20 - Jesper Olsen, Deensk fuotballer 23 - Gregor Bak, Nederlânsk presintator en muzikant 26 - Phara de Aguirre, Flaamsk sjoernaliste 27 - Tony Rominger, Switsersk hurdfytser april thumb|200px|Doris Dragović,berne op 16 april 1 - Susan Boyle, Skotsk sjongster 2 - Manouk van der Meulen, Nederlânsk aktrise 3 - Eddie Murphy, Amerikaansk komyk en akteur 4 - René van der Gijp, Nederlânsk fuotballer en sportkommentator 5 - Rik Grashoff, Nederlânsk boukundich yngenieur en politikus 5 - Jan Tops, Nederlânsk springruter 6 - Mouna Goeman Borgesius, Nederlânsk aktrise 7 - Brigitte van der Burg, Nederlânsk politika 14 - Robert Carlyle, Skotsk akteur 15 - Fred Siebelink, Nederlânsk radiopresintator 16 - Jacqueline Blom, Nederlânsk aktrise 16 - Doris Dragović, Kroätysk sjongster 16 - Herman Frison, Flaamsk hurdfytser en ploechlieder 17 - Tjako van Schie, Nederlânsk pianist en komponist 20 - Roberto Cabañas, Paraguayaansk fuotballer 20 - Stan Limburg, Nederlânsk akteur en regisseur 21 - Ronald Florijn, Nederlânsk roeier 25 - Frank de Winne, Flaamsk astronaut 26 - Mike Francis, Italjaansk sjonger en lietsjeskriuwer († 2009) 27 - Moana Pozzi, Italjaansk pornoaktrise († 1994) 28 - Hans Huibers, Nederlânsk politikus maaie 2 - Hein Vergeer, Nederlânsk reedrider 6 - Frans Timmeremans, Nederlânsk politikus 19 - Geert Lageveen, Frysk akteur 28 - Richard A. Knaak, Amerikaansk skriuwer juny 1 - Gabi Zange, Dútsk reedrydster 26 - Greg LeMond, Amerikaansk hurdfytser july 1 - Diana, prinsesse fan Wales († 1997) 8 - Andrew Fletcher, Britsk bassist en sjonger († 2022) 8 - Toby Keith, Amerikaansk sjonger († 2024) 16 - Lida Dykstra, Frysk skriuwster 17 - Guru, Amerikaansk rapper en akteur († 2010) 20 - Ria Visser, Nederlânsk reedrydster, sportkommentatrise en skriuwster augustus 4 - Barack Obama, presidint fan 'e Feriene Steaten 5 - Tawny Kitaen, Amerikaansk aktrise en presintatrise († 2021) 8 - Annemieke Verdoorn, Nederlânsk aktrise 8 - Jan Struijs - Nederlânsk politikus en plysjefunksjonaris 11 - Natalie Allen, Amerikaansk nijslêzeresse 11 - André Hoffmann, Dútsk reedrider 19 - Gerrit Hiemstra, Frysk meteorolooch en waarman septimber 6 - Akira Kuroiwa, Japansk reedrider 13 - Dave Mustaine, Amerikaansk sjonger en gitarist 21 - Nancy Travis, Amerikaansk aktrise oktober 11 - Carol Costello, Amerikaansk ferslachjouster en nijslêzeresse novimber 27 - Jaap de Vries, Frysk yllustrator en skriuwer († 2010) desimber 6 - Rieks van der Velde, Nederlânsk komponist, arranzjeur en dirigint 20 - Yvan Le Bolloc'h, Bretonsk presintator en akteur datum ûnbekend Toni L.P. Kelner, Amerikaansk skriuwster Karen Miller, Australysk skriuwster Michael Phillips, Amerikaansk filmkritikus Lalla Weiss, Nederlânsk Roma-aktiviste

Ferstoarn jannewaris 31 - Tjeerd Wiebrens Kooistra, Frysk keatser (* 1883) febrewaris 9 - Oscar Egg, Switsersk hurdfytser (* 1890) 9 - Patrice Lumumba, premier fan 'e Demokratyske Republyk Kongo (* 1925) maart 6 - George Formby, Ingelsk muzikant, sjonger en akteur (* 1904) 14 - Benjamin Adams, Amerikaansk atleet (* 1890) 16 - Johannes de Heer, Nederlânsk evangelist (* 1866) 15 - Akiba Rubinstein, Poalsk skaker (* 1882) april 6 - Adrianus Johannes Dresmé, Nederlânsk byldhouwer (* 1876) 24 - Frysk keunstskilder, tekener en boekbânûntwerper (* 1885) 25 - Klaas Breeuwer, Nederlânsk fuotballer (* 1901) maaie 3 - Maurice Merleau-Ponty, Frânsk filosoof (* 1908) 4 - Jan Hengeveld, Nederlânsk toulûker (* 1894) 6 maaie - Pieter Boeles, Nederlânsk jurist en skiedkundige (* 1873) 10 - Jan Grijseels sr., Nederlânsk atleet (* 1890) 12 - Tony Bettenhausen, Amerikaansk autokorreur (* 1916) 13 - Gary Cooper, Amerikaansk akteur (* 1901) juny 6 - Carl Gustav Jung, Switsersk psychiater en psycholooch (* 1875) 8 - Gerrit van Burink, Nederlânsk kommunist en nasjonaal-sosjalist (* 1891) 30 - Lee De Forest, Amerikaansk útfiner en elektrotechnikus (* 1873) july 2 - Ernest Hemingway, Amerikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1899) 25 - Nescio (J.H.F. Grönloh), Nederlânsk skriuwer (* 1882) augustus 7 - Lodewijk Duymaer van Twist, Nederlânk militêr en politikus (* 1865) septimber 7 - Piter Sjoerds Gerbrandy, premier fan Nederlân (* 1885) 9 - David Webster, Amerikaansk militêr, skriuwer en sjoernalist (* 1922) 18 - Dag Hammarskjöld, Sweedsk diplomaat, siktaris-generaal fan 'e FN en Nobelpriiswinner (* 1905) 23 - Romeo Neri, Italjaansk turner (* 1903) oktober 3 - Pieter Sipma, Frysk taalkundige en ûnderwiisman (* 1872) 18 - Rodolphe Rubattel, Switsersk politikus (* 1896) 19 - Franciscus van Ostaden, Nederlânsk skriuwer (* 1896) 24 - Rommert de Bree, Frysk boer en ferieningsman (* 1875) novimber 2 - James Thurber, Amerikaansk skriuwer en cartoonist (* 1894) 9 - Antoon Coolen, Nederlânsk skriuwer (* 1897) 14 - Jacob Bleeker, Nederlânsk boargemaster (* 1885) desimber 6 - Théodore Limperg, Nederlânsk ekonoom (* 1879) 11 - Adzer de Vries, Frysk bibletekaris en oersetter (* 1878) 15 - Jean Piot, Frânsk skermer (* 1890)

Literatuer prizen De Bosnyske skriuwer Ivo Andric wint de Nobelpriis foar de Literatuer romans Simon Vestdijk, Een Alpenroman Hans Peter Richter - Damals War Es Friedrich (oerset yn it Frysk as Sa Gong it mei Friedrich) Simon Vestdijk, De Filosoof en de Sluipmoordenaar Françoise Sagan, Les Merveilleux Nuages Leon Uris, Mila 18 novelles Elie Wiesel - Le Jour (oerset yn it Frysk as De Dei) poëzij Helen Spalding - Let Us Now Praise Prime Numbers (oerset yn it Frysk as Lit Us No Priizgje de Prymgetallen)

Films Blue Hawaii El Cid King of Kings West Side Story

Muzyk singles Barry Mann - Who Put the Bomp Billy Fury - Halfway to Paradise Bobby Vee - Take Good Care of My Baby Chubby Checker - Let's Twist Again Cliff Richard - Theme for a Dream Curtis Lee - Pretty Little Angel Eyes Dave Carey - Bingo Del Shannon - Runaway Eddie Hodges - I'm Gonna Knock on Your Door Edith Piaf - Non, Je Ne Regrette Rien Elvis Presley - Can't Help Falling in Love Elvis Presley - Wooden Heart Everly Brothers - Ebony Eyes, Temptation Everly Brothers - Walk Right Back Gerhard Wendland - Tanze mit Mir in den Morgen Helen Shapiro - Walking Back to Happiness Johnny Hoes - Och, Was Ik Maar bij Moeder Thuis Gebleven John Leyton - Johnny, Remember Me Jumping Jewels - Wheels Neil Sedaka - Calendar Girl Neil Sedaka - Little Devil Neil Sedaka - One Way Ticket Pat Boone - Moody River Paul Anka - Dance on Little Girl Ray Peterson - Corrina Corrina Ricky Nelson - Hello Mary Lou Roy Orbison - Crying The Allisons - Are You Sure The Shadows - 36-24-36 The Shadows - FBI The Shadows - Kon-Tiki

Kategory:20e iuw