Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen thumb|Earste flecht fan de Conkorde thumb|Lâning op de Moanne jannewaris 16 - Op it Wenseslasplein yn 'e Tsjechoslowaakske haadstêd Praach docht de studint Jan Palach selsmoard troch himsels yn 'e brân te stekken, út protest tsjin 'e ûnderdrukking fan 'e Praachske Maityd. maart 2 - By in wapene treffen tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina oan 'e grinsrivier de Oessoery falle sa'n 71 deaden. 2 - De earste flecht (29 minuten) fan 'e Concorde. 15 - Op 'e nij fynt der in wapene treffen plak tusken de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina oan 'e grinsrivier de Oessoery. Hjirby falle krapoan 100 deaden. 29 - Lenny Kuhr wint foar Nederlân it Eurofyzjesongfestival, se kriget likefolle punten as de ynstjoerings fan it Feriene Keninkryk, Spanje en Frankryk. april 29 - Yn Nederlân set de Noardlike Fonoteektsjinst útein mei it útlienen fan platen. maaie 16-21 - Besetting fan it Maagdenhuis, yn Amsterdam (dat it bestjoerssintrum fan 'e Universiteit fan Amsterdam is), troch protestearjende studinten. 25 - De Lauwerssee wurdt ôfsletten en hjit no Lauwersmar. juny 22 - De rivier de Cuyahoga, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, fljocht yn 'e brân. Dat is fier fan de earste kear, mar diskear docht it ynfloedrike tydskrift Time der ferslach fan, mei as gefolch dat der einlings en te'n lêsten peal en perk steld wurdt oan 'e miljeufersmoarging mei brânbere ôffalprodukten fan 'e gemyske yndustry. 28 - Begjin fan 'e Stonewall-opskuor yn New York, wêrby't homoseksuëlen foar it earst iepentlik yn ferset komme tsjin ferfolging troch de plysje. Dit is it begjin fan 'e homorjochtebeweging yn 'e Feriene Steaten. 30 - Yn Fryslân wurdt de wettertrochgong Hearresyl op 'e nij iepene. july 21 - De Amerikaanske astronaut Neil Armstrong, fan 'e Apollo 11-missy, set as earste minske foet op 'e moanne. 30 - Johan van Seijst, Sikke Sikkema en Johannes Westra winne yn Frjentsjer de 116e PC. Johan van Seijst wurdt útroppen ta kening. augustus 8-9 - Yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles fine de Tate-moarden plak, wêrby't 6 minsken ombrocht wurde. Yn har wente oan Cielo Drive yn 'e wyk Hollywood wurdt de acht en in heale moanne swiere aktrise Sharon Tate, de frou fan regisseur Roman Polanski, mei trije fan har freonen en in tafallige omstanner fermoarde troch trije leden fan 'e Manson Family, de sekte fan Charles Manson. Har ûnberne poppe wurdt neitiid as it sechsde slachtoffer telt. 15-18 - It legindaryske muzykfestival Woodstock wurdt holden yn in greide yn 'e Amerikaanske steat New York. Der komme mear as 400.000 besikers op ôf. 18 - De orkaan Camille, ien fan 'e swierste orkanen ea metten, giet by de Amerikaanske kust fan 'e Golf fan Meksiko oan lân en rjochtet dêr slimme skea oan. Der komme 259 minsken om. septimber 1 - By in steatsgreep yn Lybje wurdt kening Idris ôfset en komt kolonel Mûammar Kadaffy oan 'e macht. novimber 27 - De Al-Wadia-oarloch tusken Saûdy-Araabje en Súd-Jemen brekt út.
Berne jannewaris 1 - Christi Paul, Amerikaansk ferslachjouster, nijslêzeresse en sjongster 2 - Tommy Morrison, Amerikaansk bokser († 2013) 3 - Michael Schumacher, Dútsk autokoereur 14 - Dave Grohl, Amerikaansk muzikant 17 - Shay Fox, Amerikaansk pornoaktrise 21 - Karina Lombard, Amerikaansk aktrise febrewaris 1 - Iebele van der Meulen, Frysk tydskriftredakteur 8 - Joost Karhof, Nederlânsk sjoernalist en presintator († 2017) 11 - Arie Loef, Nederlânsk reedrider 22 - Ferdinand de Jong, Frysk skriuwer 23 - Elmar Kuiper, Frysk dichter, skilder, fideofilmer en performer maart 15 - Carla Zijlstra, Frysk hurdrydster 24 - Houston, Amerikaansk pornoaktrise 27 - Mariah Carey, Amerikaansk sjongster 28 - Ilke Wyludda, Dútsk atlete († 2024) april 2 - Thomas van der Meer, Frysk keatser 16 - Olivia del Rio, Brazyljaansk pornoaktrise 21 - Robin Meade, Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster maaie 5 - Johan Abma, Frysk fuotballer 18 - Şenay Özdemir, Turksk-Nederlânsk útjouster, redaktrise, publisiste en omropster 22 - Kim Holland, Nederlânsk pornoaktrise 25 - Anne Heche, Amerikaanske aktrise, filmregisseur en senarioskriuwer. († 2022) 28 - Rob Ford, Kanadeesk politikus († 2016) juny 9 - Dione de Graaff, Nederlânsk sportpresintatrise 14 - Steffi Graf, Dútsk tennister july 9 - Gert-Jan Segers, Nederlânsk politikus en skriuwer augustus 11 - Dru Berrymore, Dútsk pornoaktrise 29 - Michael Stefano, Amerikaansk pornoakteur, -regisseur en -produsint septimber 3 - John Fugelsang, Amerikaansk akteur, komyk en publisist 19 - Candy Dulfer, Nederlânsk saksofoniste oktober 23 - Dolly Buster, Tsjechysk-Dútsk pornoaktrise 25 - Ilⱨam Tohti, Oeigoersk minskerjochte-aktivist 31 - Heather Lee, Amerikaansk pornoaktrise novimber 19 - Erika Alexander, Amerikaansk aktrise 20 - Callie Thorne, Amerikaansk aktrise desimber 3 - Albertina Soepboer, Frysk dichteresse en skriuwster 8 - Alyssa Alps, Amerikaansk neakenmodel 13 - Leyna Nguyen, Fjetnameesk-Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster 16 - Shane, Amerikaansk pornoaktrise datum ûnbekend Juanita Growing Thunder Fogarty, Amerikaansk kraleriuwster en borduerster
Ferstoarn jannewaris 9 - Jacques van Egmond, Nederlânsk baanhurdfytser (* 1908) 19 - Jan Palach, Tsjechysk polityk aktivist (* 1948) febrewaris 25 - Johannes Siebinga, Frysk dokter, amateur-archeolooch en fersetsstrider (* 1898) maart 4 - Giorgio Chiavacci, Italjaansk skermer (* 1899) 5 - Martin Hindorff, Sweedsk siler (* 1897) 28 - Dwight Eisenhower, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1890) 31 - Anne Smidts, Frysk keatser (* 1893) april 22 - Saverio Ragno Italjaansk skermer (* 1902) juny 1 - Ivar Ballangrud, Noarsk reedrider (* 1904) 4 - Klaas Dijkstra, Frysk amateurwittenskipper en morosoof (* 1895) 22 - Judy Garland, Amerikaansk aktrise en sjongster (* 1922) 22 - William F. Hanson, Amerikaansk komponist en musikolooch (* 1887) 23 - Volmari Iso-Hollo, Finsk atleet (* 1907) 27 - Gerben van Manen, arsjitekt en mei-oprjochter fan de SKS (* 1884) july 3 - Brian Jones, Ingelsk muzikant (* 1942) 7 - Janke Goslinga, Frysk moardner (* 1884) 29 - Julio García Fernández, Spaansk hynstesporter (* 1894) augustus 1 - Márton Lőrincz, Hongaarsk wrakselder (* 1911) 9 - Sharon Tate, Amerikaansk aktrise (* 1943) 31 - Rocky Marciano, Amerikaansk bokser (* 1923) oktober 12 - Sonja Henie, Noarsk keunstrydster (* 1912) novimber 5 - Piet Hein van Asperen, Frysk keunstskilder en reklametekenner (* 1895) 8 - Harry Mallin, Ingelsk bokser (* 1892) 13 - Fanny Rosenfeld, Kanadeesk sprintster (* 1904) desimber 2 - František Ventura, Tsjechysk hynstesporter (* 1895) 5 - Garrett Gilmore, Amerikaansk roeier (* 1895) 15 - Willy Røgeberg, Noarsk sportsjitter (* 1905) 27 - Sikke de Vries, Frysk keatser (* 1888) datum ûnbekend Ale Kerkhof, Frysk yngenieur en oersetter (* 1898) Willem Kok, Frysk taalkundige en oersetter (* 1903)
Films The Bridge at Remagen On Her Majesty's Secret Service Paint Your Wagon
Muzyk singles Roger Miller, Me and Bobby McGee
Kategory:20e iuw