Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris 2 - Der wurdt foar it earst reklame útstjoerd op 'e Nederlânske tillefyzje. april 21 - By in steatsgreep yn Grikelân komt mei it saneamde Kolonelsrezjym, in militêre diktatuer, oan 'e macht. 24 - It flaaksfabryk fan Mûnein slút de doarren. 28 - De Amerikaanske fleantúchbouwers McDonnell Aircraft en de Douglas Aircraft Company fúzjearje ta McDonnell Douglas. maaie 10 - It J.L. Hooglandgemaal by Starum wurdt offisjeel iepene. 22 - Yn de Belgyske haadstêd Brussel komme 251 minsken om it libben by in brân yn in grut warehûs. 30 - Biafra, in steat foar etnyske Ibo yn it súdeasten fan Nigearia, ropt de ûnôfhinklikheid út. Dit liedt ta de tige bloedige Biafraanske Oarloch (ek wol de Nigeriaanske Boargeroarloch neamd). juny 5-10 juny - De Seisdeiske Oarloch: Israel falt de Arabyske lannen Egypte en Syrje oan. Jordaanje en ferskate oare Arabyske lannen minge har letter yn 'e striid. Troch it Israelyske oerwicht yn 'e loft wurdt de oarloch yn seis dagen beslist mei in klinkende oerwinning. Israel beset dêrby East-Jeruzalim, it Westjordaanlân, de Gaza-stripe, it Sinaï-skiereilân en de Golan-hichte. 13 - Under de Omgong fan Frankryk stjert de Ingelske hurdfytser Tommy Simpson by de beklimming fan 'e Mont Ventoux. 28 - It earste bleat op 'e Nederlânske tillefyzje: aktrise Phil Bloom yn it VPRO-programma Hoepla. july 26 - De Frânske presidint Charles de Gaulle brekt syn steatsbesyk oan Kanada, yn ferbân mei it hûndertjierrich bestean fan dat lân, ôf nei't it regear yn Ottawa de foarfallen ûnder syn besyk oan 'e Frânsktalige provinsje Kebek "ûntalitber" neamd hat. Yn Kebek hie De Gaulle in taspraak yn Montreal besletten mei de útrop "Vive le Québec libre!" ("Lang libje it frije Kebek!"), in ferwizing nei de ôfskiedingsbeweging yn dy provinsje. augustus 2 - Hotze Schuil, Klaas van Wieren en Johan Halbesma winne yn Frjentsjer de 114e PC. Klaas van Wieren wurdt útroppen ta kening. 8 - Yndoneezje, de Filipinen, Maleizje, Singapoer en Tailân rjochtsje de ASEAN op. oktober 9 - De ferneamde Argentynske revolúsjonêr Che Guevara wurdt yn Bolivia finzen nommen troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA en it Boliviaanske leger, en neitiid stânrjochtlik eksekutearre. 14 - De iisbaan Thialf op It Hearrenfean wurdt iepene. novimber 30 - Súd-Jemen wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. desimber 3 - De Súdafrikaanske sjirurch Christiaan Barnard fiert de earste herttransplantaasje by in minske út.

Berne jannewaris 7 - Irrfan Khan, Yndiaask akteur († 2020) 18 - Pieter Huistra, Frysk fuotballer en fuotbaltrener 23 - Magdalena Andersson, Sweedsk politika febrewaris 14 - Paul Kearney, Noardiersk skriuwer 15 - Paula Udondek, Nederlânsk presintatrise en aktrise 20 - Kurt Cobain, Amerikaansk sjonger en gitarist († 1994) maart 28 - Ralph Schwarz, Nederlânsk roeier († 1992) april 8 - Henk Prins, Frysk gûchelder 9 - Sacha de Boer, Nederlânsk nijslêzeresse en fotografe 27 - kening Willem-Alexander fan de Nederlannen maaie 1 - Tim McGraw, Amerikaansk countrysjonger 11 - Tara Holiday, Sileensk pornoaktrise 13 - Gerrit de Vries, Frysk hurdfytser 18 - Alonso Duralde, Amerikaansk filmkritikus 25 - JT Money, Amerikaansk rapper juny 6 - Caroline van der Plas, Nederlânsk sjoernalist en politikus 27 - Wilfred Genee, Frysk sportferslachjouwer en presintator july 1 - Pamela Anderson, Kanadeesk-Amerikaansk aktrise 16 - Jonathan Adams, Amerikaansk akteur 18 - Molly Culver, Amerikaansk aktrise en model 22 - Irene Bedard, Amerikaansk aktrise 27 - Monique Sluyter, Frysk model en presintatrise augustus 13 - Tamara Bos, Nederlânsk senario- en berneboeke skriuwster 14 - Danyel Cheeks, Amerikaansk pornoaktrise 25 - Anna Amore, Amerikaansk pornoaktrise († 2016) 29 - Gerhard Potma, Frysk hurdsiler († 2006) septimber 11 - Sung Jae-ki, Súdkoreaansk manljusrjochte-aktivist († 2013) 20 - Najib Balala, Keniaansk politikus 21 - Faith Hill, Amerikaansk countrysjongster 25 - James Berardinelli, Amerikaansk filmkritikus en skriuwer oktober 10 - Gavin Newsom, Amerikaansk politikus 12 - Lucille Werner, Nederlânsk presintatrise en politika novimber 1 - Henk Angenent, maratonrider, winner Fyftjinde Alvestêdetocht 3 - Rinse Bleeker, Frysk keatser 4 - Mino Raiola, Italjaansk-Nederlânsk fuotbalmakelder († 2022) 16 - Lisa Bonet, Amerikaansk aktrise 22 - Bart Veldkamp, Nederlânsk-Belgysk reedrider desimber 8 - Kascha Papillon, Amerikaansk pornoaktrise 12 - Maaike Schuurmans, Fryske sjongster datum ûnbekend Diana Pharaoh Francis, Amerikaansk skriuwster Donato Giancola, Amerikaansk yllustrator en boekbânûntwerper Marten Walinga, Frysk dammer en bestjoerder

Ferstoarn jannewaris 2 - Marcello Bertinetti, Italjaansk skermer (* 1885) 3 - Jack Ruby, Amerikaansk krimineel, moardner fan Lee Harvey Oswald (* 1911) 31 - Eddie Tolan, Amerikaansk sprinter (* 1908) febrewaris 20 - Ulderico Sergo, Italjaansk bokser (* 1913) maart 9 - Henricus Eskelhoff Gravemeijer, Frysk predikant en politikus (* 1878) 13 - Ahmed Khan, Pakistaansk hockeyer (* 1912) april 11 - Germ de Jong, Frysk keunstskilder en tekener (* 1886) 19 - Konrad Adenauer, bûnskanselier fan Dútslân (* 1876) maaie 15 - Douwe Andries Bijlsma, Frysk slangeminske en boeiekening (* 1896) juny 2 - Bauke Scheffer, Frysk keatser (* 1938) july 1 - Bertil Rönnmark, Sweedsk sportsjitter (* 1905) 30 - Sjoerd Spoelstra, Nederlânsk sjoernalist en taalkundige (* 1901) augustus 5 - György Bródy, Hongaarsk wetterpoloër (* 1908) 27 - Väinö Kokkinen, Finsk wrakselder (* 1899) oktober 4 - Halbe Sikkes Doele, Frysk oersetter en frisiast (* 1911) 9 - Che Guevara, Argentynsk-Kubaansk revolúsjonêr (* 1928) desimber 3 - Hendrik Kersken, Nederlânsk siler (* 1880) 25 - Leonard Martin, Ingelsk siler (* 1901)

Literatuer prizen De Gûatemalteekske skriuwer Miguel Angel Asturias wint de Nobelpriis foar de Literatuer De Dútske skriuwer Heinrich Böll wint de Georg-Büchner-Preis romans Gabriel García Márquez, Cien Años de Soledad Simone de Beauvoir, La Femme Rompue Simon Vestdijk, Een Huisbewaarder Simon Vestdijk, De Leeuw en Zijn Huid Leon Uris, Topaz

Films Casino Royale In the Heat of the Night The Jungle Book You Only Live Twice

Byldzjende keunst

Boukeunst

Keppeling om utens (fideo) 16px|Pictogram televisie Polygoon jieroersjoch 1967 (Nederlân) (.wmv)

Kategory:20e iuw