Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris 19 - Indira Gandhi wurdt keazen as premier fan Yndia. febrewaris 3 - De Luna 9, fan 'e Sovjet-Uny, lânet as earste romteskip op 'e moanne. maart 2 - Earste niertransplantaasje yn Nederlân útfierd, yn it Akademysk Sikehûs Leien. 9 - Nei ûnienichheid mei de Feriene Steaten lûkt Frankryk him werom út 'e kommandostruktuer fan 'e NATO, mar bliuwt wol lid fan it bûnsgenoatskip. 10 - De Nederlânske kroanprinsesse Beatrix trout yn Amsterdam mei de Dútser Claus von Amsberg. De plechtichheid wurdt ûntsierd troch opstjitsjes tusken demonstranten en de plysje, en by de rydtocht troch de binnenstêd wurde sels in pear reekbommen goaid. 16 - De Amerikaanske Gemini 8 keppelet foar it earst mei in oar (ûnbemanne) romtefartúch. 18 - Yn Yndoneezje skoot generaal Soeharto presidint Soekarno oan 'e kant en lûkt alle macht nei himsels ta. april 13 - Presidint Abdûl Salim Arif fan Irak komt om by in fleantúchûngemak. Hy wurdt opfolge troch syn broer Abdûl Rachman Arif. maaie 26 - Guyana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. july 16 - De Sineeske lieder Mao Zedong makket syn ferneamde swimtocht yn 'e rivier de Jangtse. augustus 3 - Rienk de Groot, Gerrit de Jong en Durk Talsma winne yn Frjentsjer de 113e PC. Gerrit de Jong wurdt útroppen ta kening. 4 - Loebas Oosterbeek rjochtet yn Nederlân de Vereniging van Dienstplichtige Militairen (VVDM) op. 8 - Op inisjatyf fan Mao Zedong kart de Sineeske Kommunistyske Partij it begjin fan 'e Kulturele Revolúsje goed. 13 - Foar it earst komt in Nederlânsktalige plaat op nûmer 1 yn de Veronica Top 40. It is Dans je de hele nacht met mij, fan Karin Kent. 23 - De romtesonde Lunar Orbiter 1 nimt de earste foto fan 'e moanne fan relatyf tichtby. 29 - De Britske band The Beatles jout syn lêste konsert yn Candlestick Park, yn San Francisco. septimber 6 - Moard op Hendrik Verwoerd, de premier fan Súd-Afrika en de grûnlizzer fan 'e apartheid, troch Dimitri Tsafendas. 30 - Botswana wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. oktober 4 - Lesoto wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. novimber 30 - Barbados wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. desimber 13 - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op boargerdoelen yn Hanoi, de haadstêd fan Noard-Fjetnam.

Berne jannewaris 1 - Nikolaj Gûljajev, Russysk reedrider 7 - Gert van der Vijver, Frysk byldzjend keunstner 13 - Leo Visser, Nederlânsk reedrider 14 - Astrid Kersseboom, Nederlânsk nijslêzeresse 14 - Paul Elstak, Nederlânsk DJ 14 - Marko Hietala, Finsk bassist 18 - Klaas Geert Bakker, Nederlânsk programmamakker en redakteur 28 - Andrea Berg, Dútsk sjongeres febrewaris 1 - Liuwe H. Westra, Frysk predikant, oersetter en frisiast 20 - Cindy Crawford, Amerikaansk model en aktrise 20 - Ingrid Visser, Nijseelânsk biologe 24 - Ben Miller, Ingelsk akteur 24 - Billy Zane, Amerikaansk akteur 25 - Alexis Denisof, Amerikaansk akteur 25 - Téa Leoni, Amerikaansk aktrise 27 - Deidre Holland, Nederlânsk pornoaktrise maart 2 - Ann Leckie, Amerikaansk skriuwster 3 - Sonny Kertoidjojo, Surinaamsk politikus 4 - Emese Hunyady, Hongaarsk-Eastenryksk reedrydster 14 - Jean-Philippe Stassen, Waalsk striptekener en senarioskriuwer 18 - Ton Caanen, Nederlânsk fuotbaltrener 18 - Eelkje Tuma, Frysk skriuwster 21 - Emiel Mellaard, Nederlânsk atleet 22 - António Pinto, Portegeesk atleet 23 - Johan Krajenbrink, Nederlânsk dammer 23 - Gijs Staverman, Nederlânsk radio- en tillefyzjepresintator 25 - Jeff Healey, Kanadeesk muzikant († 2008) 26 - Michael Imperioli, Amerikaansk akteur 26 - Helena Javornik, Sloveensk atlete 31 - Tommy Werner, Sweedsk swimmer april 1 - Arno Visser, Nederlânsk politikus 6 - Hans Spekman, Nederlânsk politikus 11 - Lisa Stansfield, Amerikaansk sjongster 24 - Femke Wolthuis, Nederlânsk nijslêzer 25 - Femke Halsema, Nederlânsk politika maaie 9 - Luma Carioca, Brazyljaansk pornoaktrise juny 1 - Vince Vouyer, Amerikaansk pornoakteur 15 - Syb van der Ploeg, Frysk sjonger 30 - Femi Oke, Ingelsk presintatrise, waarfrou en ferslachjouster july 5 - Diamond Jackson, Amerikaansk pornoaktrise 10 - A.O. Scott, Amerikaansk filmkritikus augustus 13 - René Karst, Drintsk sjonger († 2025) 25 - Antonie Kamerling, Nederlânsk akteur († 2010) 25 - Christine Aaftink, Nederlânsk reedrydster septimber 5 - Ronald Zoodsma, Frysk follyballer 7 - Gunda Niemann, Dútsk reedrydster oktober 3 - Natalie Raitano, Amerikaansk aktrise 9 - Olaf Zinke, Dútsk reedrider 22 - Lisa Lipps, Amerikaansk pornoaktrise novimber 4 - Petra Verkaik, Amerikaansk neakenmodel 11 - Benedicta Boccoli, Italjaansk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise desimber 8 - Wiebren Veenstra, Frysk hurdfytser 10 - Hans Jouta, Frysk byldhouwer 21 - Kelly Wallace, Amerikaansk sjoernaliste en presintatrise datum ûnbekend maart - Lea Whitford, Amerikaansk politika Aoife Clancy, Iersk sjongster en muzikante Verdell Primeaux, Amerikaansk muzikant

Ferstoarn jannewaris 4 - Cees Rienks de Boer, Nederlânsk arsjitekt (* 1881) 4 - Inga Artamonova, Russysk reedrydster (* 1936) 14 - Bill Carr, Amerikaansk atleet (* 1909) 20 - Pieter J. Kuhn, Nederlânsk striptekener (* 1910) febrewaris 1 - Buster Keaton, Amerikaansk akteur (* 1895) 18 - Martien Beversluis, Nederlânsk dichter (* 1894) 18 - Anne Anema, Frysk heechlearaar en politikus (* 1872) maart 6 maart - Richard Hageman, Frysk-Amerikaansk konsertpianist, dirigint en filmmuzykkomponist (* 1881) 9 - Joannes van Dodewaard, Nederlânsk biskop (* 1913) 10 - Frits Zernike, Nederlânsk natuerkundige en Nobelpriiswinner(* 1888) 17 - Santiago Lovell, Argentynsk bokser (* 1912) 26 - Hilde Schrader, Dútsk swimster (* 1910) 26 - Anthony Terlazzo, Amerikaansk gewichtheffer (* 1911) april 2 - C.S. Forester, Ingelsk skriuwer (* 1899) 18 - Allie Morrison, Amerikaansk wrakselder (* 1904) 24 - Hans Christian Branner, Deensk skriuwer (* 1903) maaie 6 - Janke Spanninga-Posthuma, Frysk skriuwster en modiste (* 1882) 13 - Henk van Randwijk, Nederlânsk fersetsman en sjoernalist (* 1909) juny 7 - Jean Arp, Fransk-Dútsk keunstner (* 1886) 7 - Otto Hoogesteijn, Nederlânsk swimmer (* 1903) 11 - Bernard Schmetz, Frânsk skermer (* 1904) 26 - Thomas Waller, Surinaamsk politikus (* 1883) 29 - Arthur Meulemans, Flaamsk komponist en dirigint (* 1884) 30 - Tietse Pieter Sevensma, Frysk bibletekaris, skriuwer en redakteur (* 1879) 30 - Giuseppe Farina, Italjaansk koereur (* 1906) july 3 - Kees Boeke, Nederlânsk pedagooch (* 1884) 23 - Montgomery Clift, Amerikaansk akteur (* 1920) augustus 10 - J.C. Bloem, Nederlânsk dichter (* 1887) 15 - Jan Kiepura, Poalsk-Amerikaansk operasjonger (* 1902) 17 - Ken Miles, Ingelsk autokoereur (* 1918) 18 - Isaäc Keesing jr., Nederlânsk útjouwer (* 1886) 19 - Watse Cuperus, Frysk skriuwer (* 1891) 31 - Dolph van der Scheer, Nederlânsk reedrider (* 1909) septimber 8 - John Taylor, Ingelsk autokoereur (* 1960) 11 - Antoine Mazairac, Nederlânsk hurdfytser (* 1901) 17 - Fritz Wunderlich, Dútsk operasjonger (* 1930) 28 - André Breton, Frânsk dichter en essayist (* 1896) oktober 14 - Hendrik Johannes Bergveld, Stellingwerfsk skriuwer (* 1902) 29 - Robert Charpentier, Frânsk hurdfytser (* 1916) novimber 10 - Cyril Michie, Yndiaask hockeyer (* 1900) 14 - Gustavo Marzi, Italjaansk skermer (* 1908) 28 - Mariap fan Urk, Nederlânsk dichteres (* 1898) desimber 20 - Albert Göring, Dútsk ûndernimmer en fersetsstrider (* 1895) 26 - Ina Boudier-Bakker, Nederlânsk skriuwster (* 1875) 31 - Pieter Geijl, Nederlânsk skiedkundige (* 1887) 15 - Walt Disney, Amerikaansk animator (* 1901)

Films The Good, the Bad and the Ugly A Man for All Seasons

Muzyk klassyk Jean Absil, Petites Polyphonies (opus 128, ballet) pop The Beatles, Revolver The Beach Boys, Pet Sounds Bob Dylan, Blonde On Blonde The Rolling Stones, Aftermath

Tillefyzje Star Trek: The Original Series

Byldzjende keunst

Boukeunst

Kategory:20e iuw