Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren. Foarfallen jannewaris jannewaris - Albaanje stapt út it Warsjaupakt. 5 - Alexander Dubček wurdt de nije lieder fan it kommunistyske Tsjechoslowakije. Under syn lieding begjint dêr in perioade fan herfoarming dy't de Praachske Maityd komt te hjitten. 30 - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch begjinne Noard-Fjetnam en de Viet Cong oan it Tet-offinsyf, wêrmei't se Súd-Fjetnam en de Feriene Steaten folslein oer it mad komme. 31 - Naurû wurdt ûnôfhinklik fan Austraalje. febrewaris 6-8 - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Grenoble, Frankryk. maart 12 - Mauritsius wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 16 - Amerikaanske troepen rjochtsje yn Súd-Fjetnam it Bloedbad fan Mỹ Lai oan, wêrby't tusken de 374 en 504 ûnwapene manlju, froulju, bern en poppen fermoarde wurde. april 4 - Yn Memphis (Tennessee) wurdt de swarte Amerikaanske dûmny Martin Luther King, it boechbyld fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, fermoarde troch James Earl Ray. maaie 3 - Begjin fan 'e maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk. Studinten en arbeiders komme yn opstân tsjin it Frânske regear fan presidint Charles de Gaulle. juny 4 - Yn Los Angeles wurdt de Amerikaanske politikus Robert Kennedy fermoarde troch Sirhan Sirhan. 28 - De lêste frachttram rydt oer de tramwei Snits-Boalsert. 30 - Yn 'e Kalifornyske studintestêd Berkeley wurdt nei dagen fan fûleindige gefjochten tusken de plysje en anty-oarlochsdemonstranten de needtastân ôfkundige. july 17 - By de Revolúsje fan 17 July wurdt yn Irak presidint Abdûl Rachman Arif ôfset. De macht yn it lân komt no yn 'e hannen fan 'e Ba'thpartij. Achmed Hassan al-Bakr wurdt de nije presidint en Saddam Hoessein wurdt fise-presidint. 31 - Johan van Seijst, Tamme Velstra en Johannes Westra winne yn Frjentsjer de 115e PC. Tamme Velstra wurdt útroppen ta kening. augustus 21 - De legers fan 'e Sovjet-Uny, de DDR, Hongarije, Bulgarije en Poalen falle harren Warsjaupakt-bûnsgenoat Tsjechoslowakije binnen, en meitsje dêr mei geweld in ein oan 'e Praachske Maityd. septimber 6 - Swazylân wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. oktober 2 - Yn Meksiko-Stêd rjochtet de plysje by fûleindige gefjochten mei studinten it Bloedbad fan Tlatelolco oan, wêrby't 300 oant 500 studinten en omstanners omkomme. 12 - Ekwatoriaal-Guinee wurdt ûnôfhinklik fan Spanje. 12-27 - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Meksiko-Stêd.

Berne jannewaris 14 - Johnni Black, Amerikaansk pornoaktrise 25 - Flint Rasmussen, Amerikaansk rodeoclown 28 - Martijn Fischer, Nederlânsk akteur febrewaris 7 - Katja Kean, Deensk pornoaktrise en tillefyzje-aktrise 15 - Angelica Bella, Hongaarsk pornoaktrise († 2021) 18 - Molly Ringwald, Amerikaansk aktrise 22 - Jeri Ryan, Amerikaansk aktrise 29 - Sandy Wenderhold, Nederlânsk pornoprodusinte maart 1 - Dorian Vallejo, Amerikaansk keunstskilder en yllustrator 4 - Patsy Kensit, Ingelsk aktrise 6 - Moira Kelly, Amerikansk aktrise 26 - Klasina Seinstra, Frysk hurdrydster 29 - Lucy Lawless, Nijseelânsk aktrise 30 - Céline Dion, Kanadeesk sjongster 30 - Tamara Schoppert, Nederlânsk aktrise april 10 - Tjeerd de Groot, Nederlânsk politikus 16 - Peggy Sue, Yndiaask pornoaktrise 17 - prins Maurits van Oranje-Nassau, van Vollenhoven, Nederlânsk prins 18 - Mary Birdsong, Amerikaansk aktrise en komediënne maaie 7 - Traci Lords, Amerikaansk pornoaktrise en sjongster 7 - Kai Nobel, Sweedsk pornoaktrise 13 - Mark Spijkers, Frysk dichter, muzikant en keunstner 26 - Frederik X fan Denemark, Deensk kening 28 - Kylie Minogue, Australysk aktrise en sjongster

juny 1 - Jason Donovan, Australysk akteur en sjongster 14 - Yasmine Bleeth, Amerikaansk aktrise 19 - Chantilly Lace, Amerikaansk pornoaktrise († 2008) july 21 - Brandi Chastain, Amerikaansk fuotbalster 21 - Racquel Darrian, Amerikaansk pornoaktrise 29 - Arno Brok, Nederlânsk politikus en Kommissaris fan de Kening fan Fryslân augustus 8 - Kyra Phillips, Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster 9 - Gillian Anderson, Amerikaansk aktrise 27 - Taylor Wane, Ingelsk pornoaktrise 27 - Lilli Xene, Amerikaansk pornoaktrise septimber 6 - Johannes Gerrit Dijkstra, Frysk keatser 12 Kees van der Staaij, Nederlânsk jurist en politikus 13 - Tera Heart, Amerikaansk pornoaktrise 18 - Chloe Vevrier, Dútsk pornoaktrise 25 - prins Johan Friso fan Oranje-Nassau, Nederlânsk prins († 2013) 25 - Will Smith, Amerikansk akteur oktober 11 - Janny van der Molen, skriuwster fan benammen Nederlânsktalige berne- en jeugdboeken 26 - Nico Jan Hoogma, Frysk fuotballer 29 - Arend Glas, Frysk bobslider 29 - Johann Olav Koss, Noarsk hurdrider novimber 2 - Meindert Talma, Frysk muzikant en skriuwer 6 - Erin Ellington, Amerikaansk foto-, fitness- en neakenmodel en fotografe 8 - Olof van der Meulen, Frysk follyballer 8 - Zara Whites, Nederlânsk pornoaktrise 14 - Janine Lindemulder, Amerikaansk pornoaktrise 15 - Ol' Dirty Bastard, Amerikaansk muzikant († 2004) 21 - Rachel Aziani, Amerikaansk pornoaktrise 22 - J.R. Carrington, Amerikaansk pornoaktrise desimber 2 - Rena Sofer, Amerikaansk aktrise 2 - Nate Mendel, Amerikaansk bassist 11 - Monique Garbrecht, Dútsk reedrydster 26 - Matt Zoller Seitz, Amerikaansk film- en tillefyzjekritikus datum ûnbekend Loren L. Coleman, Amerikaansk skriuwer Ola Mafaalani, Syrysk-Nederlânsk toanielregisseur

Ferstoarn jannewaris 1 - Eeltsje Boates Folkertsma, Frysk skriuwer en bibeloersetter (* 1893) 27 - Sándor Gombos, Hongaarsk skermer (* 1895) maart 19 - Fedde Schurer, Frysk dichter, sjoernalist en taalaktivist (* 1898) 28 - William Cooper, Amerikaansk siler (* 1910) 31 - Dooitzen de Bildt, Frysk keatser (* 1904) april 4 - Martin Luther King, Amerikaansk predikant en minskerjochte-aktivist (* 1929) 7- Jim Clark, Skotsk autokoereur (* 1936) maaie 2 - Francis Frederick, Amerikaansk roeier (* 1907) 23 - Franco Riccardi, Italjaansk skermer (* 1905) juny 6 - Robert Kennedy, Amerikaansk politikus (* 1925) 15 - Leo Nielsen, Deensk hurdfytser (* 1909) 17 - José Nasazzi, Oerûguayaansk fuotballer (* 1901) july 7 - Ugo Frigerio, Italjaansk hurdwandeler (* 1901) 16 - Ferenc Keserű, Hongaarsk wetterpoloër (* 1903) 19 - Clyde Warrior, Amerikaansk aktivist (* 1939) augustus 3 - Xavier Lesage, Frânsk hynstesporter (* 1885) septimber 6 - Leo Sexton, Amerikaansk kûgelstjitter (* 1909) oktober 9 - Ibrahim Moustafa, Egyptysk wrakselder (* 1904) 13 - Stanley Unwin, Ingelsk útjouwer (* 1884) 16 - Gerard de Kruijff, Nederlânsk hynstesporter (* 1890) novimber 15 - Heerke Ates, Frysk weintsjer en bestjoerder (* 1896) 19 - Mar. Naberman, Frysk musikus en muzykpedagooch (* 1889) 27 - Gerben Jacobus Hoitsma, Frysk keatser (* 1892) desimber 6 - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk argivaris en bestjoerder (* 1904) 20 - John Steinbeck, Amerikaansk skriuwer en Nobelpriiswinner (* 1902) 25 - Håkon Bryhn, Noarsk siler (* 1901) 31 - Barend van der Veen, Frysk skriuwer (* 1890)

Literatuer romans Elie Wiesel, Le Mendiant de Jérusalem (oerset yn it Frysk as De Bidler fan Jeruzalem) koarte ferhalen Judith Kerr, The Tiger Who Came to Tea

Films Ice Station Zebra Planet of the Apes

Muzyk albums The Beatles, The Beatles (of The White Album) The Doors, Waiting for the Sun Golden Earrings, Miracle Mirror Jethro Tull, This Was Melanie, Born to Be Pink Floyd, A Saucerful of Secrets The Rolling Stones, Beggar's Banquet Elvis Presley, NBC TV-Special ELVIS/The '68 Comeback Special singles dy't de top 3 hellen fan 'e Veronica Top-40 Andy Williams, Battle Hymn of the Republic Aphrodite's Child, Rain and Tears Aretha Franklin, I Say a Little Prayer Barry Ryan, Eloise Bee Gees, I've Gotta Get a Message to You Bee Gees, Jumbo/The Singer Sang his Song Bee Gees, Words Bee Gees, World Blue Cheer, Summertime Blues Cliff Richard, Congratulations Digno Garcia, La Felicidad Egbert Douwe, Kom uit de Bedstee M'n Liefste Esther & Abi Ofarim, Cinderella Rockefella Gary Puckett & The Union Gap, Young Girl Golden Earrings, Dong-Dong-Di-Ki-Di-Gi-Dong Golden Earrings, Just a Little Bit of Peace in My Heart Heintje, Heidschi Bumbeidschi Heintje, Ich Bau' Dir ein Schloß Joe Cocker, With a Little Help from My Friends John Fred & His Playboy Band, Judy in Disguise John Rowles, If I Only Had Time Manfred Mann, Mighty Quinn Mary Hopkin, Those Were the Days Moody Blues, Nights in White Satin Raymond Froggatt, Callow la Vita Sir Henry & His Butlers, Camp Small Faces, Lazy Sunday The Beatles, Hello Goodbye The Beatles, Hey Jude The Beatles, Lady Madonna The Beatles, Magical Mystery Tour The Cats, Lea The Cats, Times Were When The Marbles, Only One Woman The Rolling Stones, Jumpin' Jack Flash The Rolling Stones, She's a Rainbow The Tremeloes, My Little Lady Tom Jones, Delilah Toon Hermans, Mien, Waar Is Mijn Feestneus? Wim Sonneveld, De Kat van Ome Willem Zen, Hair oare singles Johnny Darrell, The Son of Hickory Holler's Tramp

Byldzjende keunst

Kategory:20e iuw