Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - De Benelúks Merkewet wurdt jildich. 1 - Yn de Feriene Steaten wurdt reklame foar sigaretten op telefyzje ferbean 8 - De Britske ambassadeur in Urûguay, Geoffrey Jackson, wurdt yn Montevideo troch de Tupamaros-beweging ûntfierd. 15 - In Egypte wurdt de Aswandaam iepene. 24 - De Noar Dag Fornæss wurdt op It Hearrenfean Europeesk kampioen reedriden foar Nederlanner Jan Bols. 25 - By in steatsgreep yn Uganda komt legerlieder Idi Amin oan 'e macht. 31 - De Apollo 14 wurdt lansearre, mei de astronauten Alan Shepard, Stuart Roosa en Edgar Mitchell.
febrewaris 4 febrewaris - It Britske Rolls-Royce Motor Cars giet fallyt en wurdt dêrnei nasjonalisearre. 5 - Astronaut Alan Shepard kuieret op de Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde). 7 – Switserlân kriget frouljuskiesrjocht . 8 - De Nasdaq set útein. 11 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk , de Sovjet-Uny en oare lannen tekenje in ferdrach dat stasjonearing fan kearnwapens op de boaiem fan de oseanen ferbiedt thumb|5 febrewaris:Romtekuier fan Alan Shepard 13 - Súd-Fietnameeske troepen, stipe troch Amerikaanske artillery en loftmacht geane de grins mei Laos oer. 15 - Yn Grut-Brittanje en Ierlân wurdt it desimale stelsel yn it jildsysteem ynfierd. 20 – De Amerikaanske steat Mississippy wurdt rekke troch 50 tornado's, 74 minsken reitsje dea. 27 - De earste abortusklinyk fan Nederlân, it Mildredhûs yn Arnhim, begjint mei it útfieren fan abortus provokatus.
maart 12 – Militêre steatsgreep yn Turkije ûnder lieding fan generaal Tagmac en Nihat Erim. Linkse partijen en organisaasjes wurde ferbean en tûzenen politike tsjinstanners wurde oanholden. 26 - Bangladesj, it eardere East-Pakistan, ropt de ûnôfhinklikheid út. Dit is it begjin fan 'e tige bloedige Bingaalske Befrijingsoarloch tsjin Pakistan, dy't mank giet mei de troch it Pakistaanske leger ûnder de Bingaalske boargerbefolking oanrjochte Bingaalske Genoside.
april François Duvalier, mei de bynamme Papa Doc, presidint en diktator fan Haïty, wurdt nei syn ferstjerren opfolge troch syn soan Jean Claude, bynamme Bébé Doc (Baby Doc), foar it libben. 19 - De Sovjet-Uny bringt de Saljoet 1, it earste Russyske romtestasjon, om de Ierde.
maaie 3 - Walter Ulbricht wurdt yn de DDR opfolge troch Erich Honecker as sekretaris-generaal fan it Sintrale Komitee fan de SED. 21 - Attraksjepark Flevohof wurdt iepene troch prinsesse Beatrix 29 - Attraksjepark Six Flags Magic Mountain wurdt iepene. 31 - Nij lân: Banglades; it gebiet hearde earst oan Pakistan (East-Pakistan).
juny 13 juny - Publikaasje fan geheime Pentagon-dokuminten yn de New York Times en Washington Post oer de oarloch yn Fietnam. 16- Fuotbalklup GVAV wurdt FC Groningen.
july 3 - Jim Morrison, sjonger fan de groep The Doors, wurdt yn Parys dea fûn yn syn bad. 10 july - De Nederlânske auteur Godfried Bomans komt op it ûnbewenne Rottumerplaat oan. Hy sil dêr in wike bliuwe, útnûge troch Willem Ruis, dy't in radioprogramma makket mei deistige bydragen fan Bomans. It ferbliuw falt Bomans slim ôf. 17 - Godfried Bomans wurdt op Rottumerplaat ôflost troch Jan Wolkers, ek skriuwer. 18 - De Belgyske hurdfytser Eddy Merckx wint de Omgong fan Frankryk. 26 - De Feriene Steaten lansearje de Apollo 15 nei de moanne. Foar it earst giet der in moanneweintsje mei.
augustus 1 - It Konsert foar Banglades 4 - Jarich van der Veen, Gerrit de Jong en Reitse Mienstra winne yn Frjentsjer de 118e PC. Reitse Mienstra wurdt útroppen ta kening. 5 - It Juckema Siderius Fûns foar maatskiplike en kulturele projekten wurdt ynsteld. 15 - Bachrein wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 15 - De keppeling fan de dollar oan it goud wurdt opheft.
septimber 3 - Katar wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 9 - Yn 'e Finzenis fan Attica, yn 'e Amerikaanske steat New York, brekt in finzenisoproer út, dat oan 43 minsken it libben kostet: 33 finzenen en 10 sipiers. 21 - Katar, Bûtan en Bahrein wurde lid fan de Feriene Naasjes 28 - Yn de Brabânske stêd Eindhoven komme 11 minsken om it libben by in brân yn Hotel 't Silveren Seepaerd.
oktober 14 - Oprjochting fan Greenpeace yn Kanada, yn it earst oan ûnder de namme Don't Make A Wave Committee. 25 - De Feriene Naasjes nimme de Folksrepublyk Sina as nij lid op yn it plak fan 'e Republyk Sina (Taiwan), dy't sadwaande syn lidmaatskip ferliest. 29 - Diktator Mobutu Sese Seko neamt syn lân, de Demokratyske Republyk Kongo, om ta Saïre.
novimber 4 – Rebûlje yn it Grinzer Hûs fan Bewarring. Gizeling fan fjouwers beweitsers. Finzenen wolle nei De Haach om by de minister te kleien oer harren omstannichheden. Nei fjouwer oeren jouwe de aksjefierders harren lykwols oer. 15 - De Hjerringflytdaam (1970) wurdt offisjeel yn gebrûk naam. 15 - Intel bringt de 4004-mikroprosessor foar mikrokompjûters út. 28 - De Jordaanske premier Wasfi Tell wurdt fermoarde troch de Palestynske terreurgroep Swarte Septimber.
desimber 2 - De Feriene Arabyske Emiraten wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 3 - Yndia ynterveniëarret oan 'e kant fan Bangladesj yn 'e Bingaalske Befrijingsoarloch. 9 - De Feriene Arabyske Emiraten wurde lid fan de Feriene Naasjes. 16 - De Pakistaanske troepen yn Bangladesj jouwe har oer. Ein fan 'e Bingaalske Befrijingsoarloch. De ûnôfhinklikheid fan Bangladesj wurdt no ynternasjonaal erkend. 20 - Oprjochting fan Dokters sûnder grinzen. 21 – Boere-opstân yn Tubbergen fanwege de ruilferkaveling.
sûnder datum Yn Nederlân krijt tsjinstplichtich soldaat Rinus Wehrman arrest omdat hy wegeret nei de kapper te gean. Earste net-sesurearre útjefe fan Wij Slaven fan Suriname fan Anton de Kom (ûnder sensuer útjûn yn 1934)
Berne jannewaris 1 - Alina Cho, Amerikaansk ferslachjouster en nijslêzeresse 2 - Nyk de Vries, Frysk skriuwer en muzikant 7 - Jeremy Renner, Amerikaansk akteur 9 - Joost Eerdmans, Nederlânsk politikus 21 - Sergej Klevtsjenja, Russysk reedrider 22 - Wendy van Dijk, Nederlânske aktrise en presintatrise 31 - Sylvana Simons, Nederlânsk presintatrise en politika febrewaris 1 - Jill Kelly, Amerikaansk pornoaktrise 10 - Dirk-Jan van der Woud, Frysk keatser 15 - Renee O'Connor, Amerikaansk aktrise en regisseur 19 - Jeff Kinney, Amerikaansk skriuwer maart 8 - Anke Bijlsma, Frysk aktrise 15 - Sandra Zwolle, Frysk reedrydster 29 - Arjen Teeuwissen, Nederlânsk hynsterider († 2024) 30 - Hadassah de Boer, Nederlânsk presintatrise 31 - Ewan McGregor, Skotsk akteur april 12 - Shannen Doherty, Amerikaansk aktrise († 2024) 15 - Sarah Young, Ingelsk pornoaktrise 16 - Selena Quintanilla, Amerikaansk sjongeres († 1995) 16 - Sharon Dijksma, Nederlânsk politikus maaie 6 - Chris Shiflett, Amerikaansk gitarist 10 - Ådne Søndrål, Noarsk reedrider 28 - Gonny Gaakeer, Frysk aktrise juny 16 - Tupac Shakur, Amerikaansk muzikant († 1996) 18 - Domonique Simone, Amerikaansk pornoaktrise 21 - Anette Olzon, Sweedsk sjongeres july 1 - Marlayne Sahupala, Nederlânsk nijslêzeresse en sjongster 16 - Greet Andringa, Frysk skriuwster 28 - Abû Bakr al-Bagdadi, Iraaksk terrorist († 2019) augustusu 6 - Angela Postma, Frysk swimster 16 - Jennifer Westhoven, Amerikaansk sjoernaliste en ferslachjouster 27 - Kyung Lah, Súdkoreaansk-Amerikaansk ferslachjouster en presintatrise septimber 13 - China Moon, Amerikaansk pornoaktrise 15 - Annamarie Thomas, Nederlânsk hurdrydster oktober 6 - Quinty Trustfull, Nederlânsk telefyzjepresintatrise 10 - Tiffany Mynx, Amerikaansk pornoaktrise 13 - Jewels Jade, Amerikaansk pornoaktrise 20 - Snoop Dogg, Amerikaansk rapper 20 - Dannii Minogue, Australysk sjongster 26 - Jim Butcher, Amerikaansk skriuwer novimber 7 - Gabrielle Scream, Amerikaansk pornoaktrise 10 - Big Pun, Amerikaansk muzikant († 2000) 22 - Kysia Hekster, Nederlânsk ferslachjouster 23 - Simone Weimans, Nederlânsk nijslêzeresse 25 - Christina Applegate, Amerikaansk aktrise 30 - Gerard van Velde, Nederlânsk reedrider en reedrydtrainer desimber 19 - Tiffany Towers, Kanadeesk pornoaktrise 24 - Erik Seerden, Frysk keatser 24 - Falko Zandstra, Frysk hurdrider datum ûnbekend Sophia Choi, Súdkoreaansk-Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster Louise Germaine, Ingelsk model en aktrise Tibo Vandenborre, Flaamsk akteur
Ferstoarn jannewaris 7 - Willem Banning, Frysk predikant, heechlearaar en politikus (* 1888) 16 - Philippe Thys, Belgysk hurdfytser (* 1889) febrewaris 28 - Pierino Gabetti, Italjaansk gewichtheffer (* 1904) maart 23 - Simon Vestdijk, Nederlânsk skriuwer (* 1898) april 7 - Charles Pahud de Mortanges, Nederlânsk legeroffisier en hynstesporter (* 1896) 19 - Gioachino Guaragna, Italjaansk skermer (* 1908) 30 - Albin Stenroos, Finsk lange-ôfstânsdraver (* 1889) maaie 4 - Klaas Norel, Frysk berneboekeskriuwer (* 1899) 18 - Grietje Spaanderman-Wielinga, Frysk skriuwster (* 1899) 23 - Michiel Sjouke Elings Visser, Frysk boer en oersetter (* 1887) 29 - André Lesauvage, Frânsk siler (* 1890) juny 5 - Clare Dennis, Australysk swimster (* 1916) 6 - Appel Ooiman, Frysk roeier (* 1905) 30 - Alberto Ghilardi, Italjaansk hurdfytser (* 1909) july 5 - Earl Thomson, Amerikaansk hynstesporter (* 1900) 6 - Ciro Verratti, Italjaansk skermer (* 1907) 7 - Ub Iwerks, Amerikaansk animator (* 1901) septimber 5 - Ed Gordon, Amerikaansk fierspringer (* 1908) 8 - Emmett Toppino, Amerikaansk sprinter (* 1909) 11 - Nikita Chrûsjtsjov, siktaris-generaal fan de Sovjet-Uny (* 1894) augustus 19 - Minne Endstra, Nederlânsk ûndernimmer (* 1901) oktober 11 - Chesty Puller, Amerikaansk militêr (* 1898) novimber 5 - Luigi Tasselli, Italjaansk baanhurdfytser (* 1901) 19 - Jaring Walta, Frysk keunstkilder (* 1887) desimber 22 - Austin Clapp, Amerikaansk swimmer en wetterpoloër (* 1910) 22 - Godfried Bomans, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist (* 1913) datum ûnbekend Hendrik Schippers, Frysk dirigint, oersetter en ûnderwizer (* 1893)
Literatuer romans Rink van der Velde, Feroaring fan Lucht Jan Terlouw, Koning van Katoren (oerset yn it Frysk as Kening fan Katoaren) Judith Kerr, When Hitler Stole Pink Rabbit ferhalebondels H.P. Lovecraft, The Doom that Came to Sarnath and Other Stories
Films The Beguiled Diamonds Are Forever Dirty Harry Escape from the Planet of the Apes Fiddler on the Roof
Muzyk singles Janis Joplin, Me and Bobby McGee
Kategory:20e iuw