Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 5 - By de swiere ierdbeving fan Tonghai komme yn súdlik Sina 10.000 oant 15.000 minsken om. 12 - Der komt in ein oan 'e bloedige Biafraanske Oarloch yn Nigearia. Biafra kapitulearret en bliuwt part fan Nigearia. maart 1 - Atsje Keulen-Deelstra wurdt yn wrâldkampioene reedriden Oer-alles. 11 - Yn Irak komt in ein oan 'e Fjirde Koerdysk-Arabyske Oarloch dy't al sûnt 1961 oan 'e gong is, troch it sluten fan 'e Iraaksk-Koerdyske Autonomy-oerienkomst fan 1970. maaie 4 - By anty-oarlochsprotesten op 'e Steatsuniversiteit fan Kent, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, wurde 4 studinten deasketten troch de Nasjonale Garde. 31 - De ierdbeving fan Ancash feroarsaket yn Perû in ierdferskowing wêrby't it stedsje Yungay bedobbe rekket: 47.000 minsken komme om. juny 4 - Tonga wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. july 22 - Yn Egypte komt de Aswandaam ree. 29 - Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Durk Talsma winne yn Frjentsjer de 117e PC. Durk Talsma wurdt útroppen ta kening. septimber 22 - It Nederlânske tillefyzjeprogramma Toppop wurdt foar it earst útstjoerd, mei presintator Ad Visser en dûnseresse Penney de Jager. 29 - Iepening fan 'e Nije Iselbrêge oer de Isel by Swol. oktober 10 - Fidzjy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 24 - De sosjalist Salvador Allende wint de presidintsferkiezings yn Sily. Hy wurdt de earste demokratysk keazen sosjalistyske presidint yn Latynsk-Amearika. novimber 12-13 - De Sykloan fan Bhola treft de tichtbefolke Gangesdelta fan Bangladesj (doe noch East-Pakistan): 500.000 minsken komme om. Dit is (anno 2018) noch altyd de deadlikste stoarm út 'e skiednis fan 'e wrâld. desimber 28 - Oprjochting fan 'e Stifting De Fryske Mole.
Berne jannewaris 13 - Marco Pantani, Italjaansk hurdfytser († 2004) 13 - Bernie Dexter, Amerikaansk model 13 - Anna-Marie Goddard, Frysk neakenmodel 14 - Victoria Givens, Amerikaansk pornoaktrise 29 - Heather Graham, Amerikaansk aktrise febrewaris 8 - Tamar van den Dop, Nederlânsk aktrise, regisseur en senarioskriuwster 20 - Alain Deloin, Frânsk pornoakteur maart 1 - Hala Gorani, Amerikaansk nijslêzeresse en ferslachjouster 8 - Hafid Bouazza, Marokkaansk-Nederlânsk skriuwer († 2021) 15 - Derek Parra, Amerikaansk reedrider 20 - Wietske de Ruiter, Nederlânsk hokkyster 21 - Prince Yahshua, Amerikaansk pornoakteur 13 - Rintsje Ritsma, Frysk hurdrider 20 - Leslie Iwerks, Amerikaansk dokumintêremakster, filmprodusinte en kamerafrou maaie 3 - Dennis Bouman, Nederlânsk rapper († 2024) 10 - Tawny Peaks, Amerikaansk neakenmodel 10 - Craig Mack, Amerikaansk rapper († 2018) 21 - Taylor Sheridan, Amerikaansk senarioskriuwer, regisseur en akteur 25 - Trevor Morris, Kanadeesk film- en tillefyzjekomponist 26 - Kylie Ireland, Amerikaansk pornoaktrise 27 - Ingrid Spijkers, Nederlânsk sjoernaliste en ferslachjouster juny 4 - Gina Tolleson, Amerikaansk model july 8 - Lia van Schie, Nederlânsk reedrydster 15 - Roel Reiné, Nederlânsk regisseur en produsint 19 - Nicola Sturgeon, premier fan Skotlân 25 - Billy Glide, Amerikaansk pornoakteur († 2014) augustus 3 - Cindy Pielstroom, Nederlânsk presintatrise en ûndernimmer 9 - Stacy Valentine, Amerikaansk pornoaktrise 13 - Wendy Whoppers, Amerikaansk pornoaktrise 14 - Renee LaRue, Amerikaansk pornoaktrise 25 - Claudia Schiffer, Dútsk fotomodel en mannekên 27 - Jake Steed, Amerikaansk pornoakteur 31 – Debbie Gibson, Amerikaansk sjongster en aktrise 31 - Floortje Dessing, Nederlânsk presintatrise septimber 8 - Lars Vogt, Dútsk pianist en dirigint († 2022) oktober 9 - Savannah, Amerikaansk pornoaktrise († 1994) 23 - Jasmin St. Claire, Amerikaansk-Famme-eilânsk pornoaktrise 25 - Chely Wright, Amerikaansk countrysjongster novimber 18 - Megyn Kelly, Amerikaansk sjoernaliste, presintatrise en polityk kommentatrise desimber 6 - Gina Wild, Dútsk pornoaktrise en mainstream-aktrise 18 - DMX, Amerikaansk rapper († 2021) 23 - Catriona Le May-Doan, Kanadeesk reedrydster 28 - Francesca Le, Amerikaansk pornoaktrise datum ûnbekend Angelique Midthunder, Amerikaansk aktrise, stuntfrou en casting director
Ferstoarn maart 20 - Jaipal Singh, Yndiaask hockeyer (* 1903) juny 3 - Douwe Kiestra, Frysk skriuwer, dichter en politikus (* 1899) 21 - Achmed Soekarno, presidint fan Yndoneezje (* 1901) septimber 8 - Jochen Rindt, Eastenryks autokoereur (* 1942) 12 - Geert Jonkman, Frysk skriuwer en striptekener (* 1910) 15 - Cor Jongert, Nederlânsk reedrider en alvestêdetochtwinner (* 1896) 16 - Jacobus Johannes Westendorp Boerma, Frysk histoarikus (* 1901) 18 - Pedro Cea, Oerûguayaansk fuotballer (* 1900) 18 - Jimi Hendrix, Amerikaansk muzikant (* 1942) 28 - John Dos Passos, Amerikaansk dichter (* 1896) oktober 4 - Janis Joplin, Amerikaansk sjongster (* 1943) 23 - Willem Dijk, Frysk ûnderwizer en keunstner (* 1881) 26 - Gerrit Aalfs, Frysk filmmakker (* 1892) novimber 9 - Charles de Gaulle, presidint fan Frankryk (* 1890) 17 - Douwe Wijbrands, Frysk wrakseler (* 1884) 23 - Giancarlo Cornaggia-Medici, Italjaansk skermer (* 1904) 25 - Helene Madison, Amerikaansk swimsters (* 1913) desimber 24 - Otto Cordes, Dútsk weterpoloër (* 1905)
Literatuer prizen De Russyske skriuwer Aleksander Solzjenitsyn kriget de Nobelpriis foar de Literatuer romans Rudy Kousbroek, Avondrood der Magiërs Albert Camus, La Mort Heureuse (postúm) Simon Vestdijk, Het Proces van Meester Eckhardt Leon Uris, QB VII Erik Hazelhoff Roelfzema, Soldaat van Oranje
Films Beneath the Planet of the Apes Little Big Man Tora! Tora! Tora!
Muzyk
foarfallen De Haachske band Shocking Blue hat in ynternasjonale nûmer 1 hit mei Venus. De Ingelske rockgroep Queen wurdt oprjochte. albums, top 10 Simon and Garfunkel, Bridge over Troubled Water Crosby, Stills, Nash & Young, Déjà Vu Nana Mouskouri, Grand Gala Corry en de Rekels, Corry & de Rekels 1 ferskaat, Fill Your Head with Rock ferskaat, Woodstock Led Zeppelin, Led Zeppelin 2 Creedence Clearwater Revival, Willy and the Poor Boys Iron Butterfly, In-a-gadda-da-vida Melanie, Back in Town Boarne: Popdossier
Kategory:20e iuw