Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Oan de ein fan 31 desimber 1972 (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege. 1 - Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje wurde lid fan de Jeropeeske Mienskip. 27 - It Ferdrach fan Parys makket in ein oan 'e Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch. febrewaris 21 - De Israelyske loftmacht sjit boppe it besette Sinaï-skiereilân in Libysk ferkearsfleantúch del, Libyan Arab Airlines-flecht 114. Dêrby komme alle 108 ynsittenden fan it fleantúch om. 25 - Atje Keulen- Deelstra wurdt yn Strömsund foar de tredde kear wrâldkampioen reedriden oer-alles. 27 - De Besetting fan Wounded Knee begjint, wêrby't likernôch 200 wapene aktivisten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging it plakje Wounded Knee (Súd-Dakota) besette út protest tsjin 'e wegering fan it Amerikaanske regear om him oan 'e histoaryske ferdraggen mei de Yndiaanske folken te hâlden. april 2 - In tige swiere stoarm lûkt oer Fryslân, noch mar in pear moanne nei de swiere stoarm fan 1972. Op Skylge wurdt in wynstjit fan 155 km yn 'e oere metten. maaie 8 - Nei 71 dagen komt der in ein oan 'e Besetting fan Wounded Knee. By dizze aksje binne ferskate deaden fallen. july 10 - De Bahama's wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. augustus 1 - Sjouke de Boer, Wieb van Wieren en Gerrit van der Heide winne yn Frjentsjer de 120ste PC. Sjouke de Boer wurdt útroppen ta kening. septimber 11 - By in militêre steatsgreep, dy't útfierd wurdt mei stipe fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA, wurdt yn Sily it regear fan 'e demokratysk keazen presidint Salvador Allende ôfset en ferfongen troch in faksistyske militêre diktatuer ûnder lieding fan generaal Augusto Pinochet. Allende komt by de steatsgreep om. oktober 6 - De Jom Kippoeroerloch brekt út: Syrje en Egypte falle fan twa kanten Israel oan. 17 - De Oaljekrisis fan 1973 begjint as de troch de Arabyske steaten behearske OPEC in oalje-embargo ynsteld tsjin Westerske bûnsgenoaten fan Israel, wêrûnder de Feriene Steaten en Nederlân. 20 - It Sneontejûnsbloedbad yn 'e Feriene Steaten: presidint Richard Nixon ûntslacht ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar om't dy wegerje en fier syn opdracht út om Archibald Cox, de spesjale oanklager oangeande it Watergate-skandaal, út syn funksje te setten. 23 - Mei in wapenstilstân komt der in ein oan 'e Jom Kippoeroarloch. Israel hat de oanfallen fan Syrje, Egypte en harren bûnsgenoaten ôfslein. desimber 20 - By in bomoanslach troch de Baskyske ôfskiedingsbeweging ETA wurdt de Spaanske premier Luis Carrero Blanco fermoarde. Mei't dat de opfolger wie dy't diktator Francisco Franco op it each hie, liedt dit yndirekt ta de werynfiering fan 'e demokrasy nei Franco syn dea.

Berne jannewaris 5 - Diamond Foxxx, Amerikaansk pornoaktrise 23 - Barbara Molat, Hongaarsk pornoaktrise 24 - Tacori Blu, Amerikaansk pornoaktrise 26 - W. Kamau Bell, Amerikaansk komyk en dokumintêremakker 27 - Lovette, Amerikaansk pornoaktrise febrewaris 12 - Gianni Romme, Nederlânsk reedrider 25 - Henk Wolf, Frysk taalkundige 27 - Chris Wassenaar, Frysk keatser maart 5 - Ate Grypstra, Frysk skriuwer 8 - Anneke van Giersbergen, Nederlânsk sjongeres 24 - Daniëlle Overgaag, Nederlânsk hurdfytster en presintatrise 29 - Brandi Love, Amerikaansk pornoaktrise en sakefrou 30 - Auður Jónsdóttir, Iislânsk skriuwster april 2 - Roselyn Sánchez, Portorikaansk aktrise en sjongster 10 - Africa Sexx, Amerikaansk pornoaktrise 12 - Robert Jensen, Nederlânsk telefyzjepresintator († 2026) 18 - Arnaud Beltrame, Frânsk militêr plysjeman († 2018) 25 - John Wijdenbosch, Nederlânsk-Surinaamsk akteur († 2017) maaie 2 - Richard Schuil, Frysk follyballer 11 - Simon Andries Minnesma, Frysk keatser 13 - Windy Leigh, Amerikaansk neakenmodel 17 - Sasha Alexander, Amerikaansk aktrise 31 - Albert Egges van Giffen, Nederlânsk argeolooch juny 3 - Ferri Somogyi, Nederlânsk akteur 12 - Sana Fey, Amerikaansk pornoaktrise 20 - Joo Min Lee, Frânsk pornoaktrise 24 - Milouska Meulens, Nederlânsk presintatrise july 3 - Mimi Miyagi, Filipynsk-Amerikaansk pornoaktrise en politika. 11 - Devin DeRay, Amerikaansk pornoaktrise. 14 - Alley Baggett, Amerikaansk neakenmodel 20 - Haakon VIII fan Noarwegen, Kening fan Noarwegen 23 - Monica Lewinsky, minneresse fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton augustus 6 - Asia Carrera, Amerikaansk pornoaktrise septimbeer 11 - Tanya Hansen, Noarsk pornoaktrise 20 - Laura Black, Roemeensk pornoaktrise oktober 3 - Keiko Agena, Amerikaansk aktrise 3 - Neve Campbell, Kanadeesk aktrise 31 - Beverly Lynne, Amerikaansk aktrise novimber 3 - Julia Channel, Frânsk pornoaktrise 8 - Mafalda, Frânsk pornoaktrise 13 - Christianne van der Wal, Nederlânsk politikus 19 - Frank Versace, Frânsk pornoakteur desimber 7 - Ali Raymi, Jemenitisch bokser en militêr († 2015) 25 - Kristi Myst, Amerikaansk pornoaktrise 27 - Tabatha Cash, Frânsk pornoaktrise 28 - Ids Postma, Frysk hurdrider en boer 30 - Nacho Vidal, Spaansk pornoakteur 31 - Sinnamon Love, Amerikaansk pornoaktrise en seksuologe datum ûnbekend Henk Wolf, Frysk taalkundige en oersetter

Ferstoarn jannewaris 15 - Anfesia Shapsnikoff, Amerikaansk aktiviste en kuorker (* 1901) 22 - Lyndon B. Johnson, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1908) maart 10 - Maas van der Feen, Frysk tennisser (* 1888) april 28 - Clas Thunberg, Finsk reedrider (* 1893) 28 - Robert Buron, Frânsk politikus (* 1910) maaie 13 - Gerrit Dijkstra (Gerryt Dykstra), Frysk oersetter en dosint (* 1897) 14 - Hans Haas, Eastenryksk gewichtheffer (* 1906) 18 - Jeannette Rankin, Amerikaansk politikus (* 1880) july 16 - Nine van der Schaaf, Frysk dichteresse en skriuwster (* 1882) septimber 2 - J.R.R. Tolkien, Ingelsk skriuwer en taalkundige (* 1892) 11 - Salvador Allende, presidint fan Sily (* 1908) 14 - Vladimír Syrovátka, Tsjechysk kanoër (* 1908) 23 - Pablo Neruda, Sileensk dichter en Nobelpriiswinner (* 1904) oktober 2 - Paavo Nurmi, Finsk lange-ôfstânsdraver (* 1897) 9 - Rinze Rinzes Yetsenga, Frysk keatser (* 1898) 17 - Pedro Bissonette, Amerikaansk minskerjochte-aktivist (* 1944) novimber 16 - Lorenzo Fernández, Oerûguayaansk fuotballer (* 1901) 24 - John G. Neihardt, Amerikaansk dichter, skiedkundige en etnolooch (* 1881) desimber 4 - Lauri Lehtinen, Finsk atleet (* 1908) 14 - Johannes Allen, Deensk skriuwer (* 1916) datum ûnbekend Jacobus Wiersma, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1894)

Literatuer romans Thea Beckman - Kruistocht in Spijkerbroek (oerset yn it Frysk as Krústocht yn Spikerbroek) Elie Wiesel - Le Serment de Kolvillàg (oerset yn it Frysk as De Eed fan Kolvillág)

Films Battle for the Planet of the Apes Charlotte's Web Live and Let Die Magnum Force Muzyk albums, top 10 Thijs van Leer, Introspection Demis Roussos, Forever and Ever The Osmonds, Osmonds Greatest Hits The Beatles, 1962 - 1966 Vicky Leandros, Vicky Leandros The Beatles, 1967 - 1970 Alice Cooper, Billion Dollar Babies The Eagles, Desperado ferskaat, Alle 13 Goed, Deel 5 Boudewijn de Groot, Dubbel, Twee

Tillefyzje Star Trek: The Animated Series''

Kategory:20e iuw