Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen febrewaris 7 - Dominika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 24 - Atsje Keulen-Deelstra wurdt op It Hearrenfean foar de fjirde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles. maart 18 - De OPEC heft it oalje-embargo tsjin Westerske lannen op. Dêrmei komt in ein oan 'e Oaljekrisis fan 1973. 21 - It leger fan Irak begjint yn it noarden fan it lân de Fyfde Koerdysk-Arabyske Oarloch tsjin 'e Koerden. april 3 - By de tornado-útbraak fan 1974 wurde dielen fan 'e Feriene Steaten teheistere troch 148 tornado's tagelyk, mei 330 deaden ta gefolch. 25 - De Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy fiert aksje ûnder it motto: "Frysk Blinders". 25 - Mei de Anjerrevolúsje komt yn Portegal in ein oan 'e faksistyske diktatuer. Dit betsjut ek de ein fan 'e Portegeeske Koloniale Oarloch, dy't al sûnt 1961 yn ferskate koloanjes geande is. 27 - Ut it Ljouwerter Hûs fan Bewar Blokhûspoarte ûntsnapt de Haachske master-kreaker Aage Meinesz. juny juny-septimber - Troch wettersneed dy't feroarsake wurdt troch moannenlange swiere rein brekt yn Bangladesj de Bingaalske hongersneed fan 1974 út. Dêrby komme neffens offisjele sifers 26.000 minsken om, mar wierskynlik wiene it der yn it echt likernôch 1 miljoen. july 20 - Nei bedrigings fan it nije Gryksk-nasjonalistyske regear fan Syprus oan it adres fan 'e Turkske minderheid yn Syprus, fiert it leger fan Turkije de ynvaazje fan Syprus út, wêrby't de noardeastlike helte fan it eilân troch de Turken beset wurdt. 31 - Jarich van der Veen, Gerrit de Jong en Flip Soolsma winne yn Frjentsjer de 121ste PC. Jarich van der Veen wurdt útroppen ta kening. augustus 8 - De Amerikaanske presidint Richard Nixon treedt ôf nei't syn posysje troch it Watergate-skandaal ûnhâldber wurden is. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Gerald Ford. septimber 10 - Guinee-Bissau wurdt ûnôfhinklik fan Portegal. 12 - By in steatsgreep yn Etioopje wurdt keizer Haile Selassie ôfset en finzen nommen (en letter fermoarde). Etioopje wurdt in kommunistyske republyk ûnder it regear fan in militêre diktatuer. oktober 19 - Niûé giet in bân fan frije assosjaasje oan mei Nij-Seelân. Dat betsjut dat it yn 'e praktyk in ûnôfhinklik lân wurdt, dat allinnich foar definsje fan Nij-Seelân ôfhinklik bliuwt. desimber 24 - De sykloan Tracy makket de Australyske stêd Darwin mei de grûn lyk.

Berne jannewaris 13 - Julia Tchernei, Oekraynsk pornoaktrise 28 - Aliza Rusk, Letsk pornoaktrise febrewaris 15 - Gina Lynn, Amerikaansk pornoaktrise 21 - Roberto Heras, Spaansk hurdfytser 27 - Hiroyasu Shimizu, Japansk reedrider maart 3 - Naima El Bezaz, Marokkaansk-Nederlânsk skriuwster († 2020) 5 - Eva Mendes, Amerikaansk aktrise en model 14 - Grace Park, Kanadeesk aktrise april 1 - Kim Sasabone, Nederlânsk sjongster, dûnseresse en fitnessynstruktrise 7 - Jordan McKnight, Amerikaansk pornoaktrise 9 - Jenna Jameson, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Maxi Mikita, Amerikaansk pornoaktrise maaie 14 - Carla Jimenez, Amerikaansk aktrise 25 - Bettina Campbell, Surinaamsk-Nederlânsk pornoaktrise juny 1 - Alanis Morissette, Kanadeesk sjongster 28 - Rob Dyrdek, Amerikaansk presintator, produsint, akteur en skateboarder 30 - Anita Gyöngy, Hongaarsk pornoaktrise july 6 - Tania Russof, Letsk pornoaktrise 10 - Andrea Nuyt, Nederlânsk reedrydster 12 - Sharon den Adel, Nederlânsk sjongster 17 - Tonny de Jong, Frysk hurdrydster 31 - Emilia Fox, Ingelsk aktrise augustus 2 - Angel Boris, Amerikaansk neakenmodel septimber 7 - Rinne Oost, Frysk hurdfytster 19 - Chris Stoffer, Nederlânsk politikus 24 - April Hunter, Amerikaansk fitness- en neakenmodel en Amerikaansk wrakselster oktober 3 - Marianne Timmer, Nederlânsk reedrydster en reedrydtrainster 26 - Renske Vellinga, Frysk hurdrydster († 1994) novimber 7 - Willem Sjoerds Janzen, Frysk oersetter 8 - Annette Barlo, Nederlânsk aktrise 9 - Bridget Maasland, Nederlânsk presintatrise en aktrise 29 - Kira Eggers, Deensk neakenmodel en pornoaktrise desimber 14 - Anna Maria, Roemeensk pornoaktrise 22 - Rocki Roads, Amerikaansk pornoaktrise 30 - Joy Kiss, Russysk pornoaktrise 31 - Joe Abercrombie, Ingelsk skriuwer datum ûnbekend Jennifer Ashley, Amerikaansk skriuwster

Ferstoarn jannewaris 18 - Lykle Miedema, Frysk fabrikant fan lânbou-ark (* 1905) 31 - Glenn Morris, Amerikaansk atleet (* 1912) febrewaris 28 - Mees Toxopeus, Frysk rêdingsboatskipper en fersetsman (* 1886) maart 22 - Ulbe van Houten, Frysk skriuwer (* 1904) april 29 - Sven Thorell, Sweedsk siler (* 1888) july 1 - Kick Smit, Nederlânsk fuotballer (* 1911) 9 - James Bausch, Amerikaansk mearkamper (* 1906) 21 - Jacob Jongbloed, Frysk fysiolooch(* 1895) augustus 2 - Evert Zandstra, Nederlânsk skriuwer (* 1897) 26 - Charles Lindbergh, Amerikaansk loftfeartpionier (* 1902) oktober 1 - Ralph Bishop, Amerikaansk basketballer (* 1915) 29 - Axel Cadier, Sweedsk wrakselder (* 1906) novimber 7 - Karl Schöchlin, Switsersk roeier (* 1894) 28 - El-Sayed Nosseir, Egyptysk gewichtheffer (* 1905) desimber 13 - José Navarro Morenés, Spaansk hynstesporter (* 1897) datum ûnbekend Lucie Burgers, Nederlânsk dieretúndirekteur (* 1898) A. Leslie Scott, Amerikaansk skriuwer (* 1893)

Literatuer romans John Nichols, The Milagro Beanfield War Heinrich Böll, Die verlorene Ehre der Katharina Blum

Films Death Wish The Island at the Top of the World The Man with the Golden Gun Murder on the Orient Express

Tillefyzje Planet of the Apes

Kategory:20e iuw