Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen maart 31 - Mei de ûnderdrukking fan it Koerdyske ferset yn noardlik Irak komt in ein oan 'e Fyfde Koerdysk-Arabyske Oarloch. april 13 - De Libaneeske Boargeroarloch brekt út, in slepend konflikt dat oant 1990 duorje sil. 16 - Phnom Penh, de haadstêd fan Kambodja, wurdt ynnommen troch de kommunistyske guerriljabeweging fan 'e Reade Kmer. 19 - Op de Ryn by de Dútske stêd Keulen fergiet hotelskip MS Prinses Irene mei oan board gasten fan de Zonnebloem, 22 minsken komme om it libben. 30 - Fal fan Saigon, de haadstêd fan Súd-Fjetnam. De Fjetnamoarloch rint no op syn ein en de oerwinning kin Noard-Fjetnam net mear ûntgean. juny 1 - Yn Nederlân wurdte feilichheidsgurdlen ferplichte. 25 - Mozambyk wurdt ûnôfhinklik fan Portegal. july 5 - Kaapverdje wurdt ûnôfhinklik fan Portegal. 6 - De Komoaren wurde ûnôfhinklik fan Frankryk. 12 - Sao Tomee en Prinsipe wurde ûnôfhinklik fan Portegal. 30 - Johan van Seijst, Klaas van Wieren en Piet Jetze Faber winne yn Frjentsjer de 122ste PC. Johan van Seijst wurdt útroppen ta kening. augustus 8 - De Banqiao-daam, yn 'e Sineeske provinsje Henan, brekt troch nei't er ferswakke rekke is troch in tyfoan. By de resultearjende floedweach komme mear as 200.000 minsken om. 15 - Moard op Sheikh Mujibur Rahman, de presidint fan Bangladesj, en dy syn hiele húshâlding, as ûnderdiel fan in militêre steatsgreep. septimber 5 - Yn Sacramento (Kalifornje) wurdt in moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford feridele. De dieder is Lynette Fromme, ien fan 'e folgelingen fan sektelieder en moardner Charles Manson. 16 - Papoea Nij-Guinea wurdt ûnôfhinklik fan Austraalje. 19 - Yndoneezje mingt him yn 'e Easttimoreeske Boargeroarloch. 22 - Yn San Francisco wurdt de twadde moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford binnen trije wiken feridele. De dieder is diskear in Sarah Jane Moore. novimber 11 - Angoala wurdt ûnôfhinklik fan Portegal. 14 - Spanje jout syn koloniale oanspraken op 'e Westlike Sahara (foarhinne de Spaanske Sahara) op. It gebiet wurdt, tsjin 'e winsken fan 'e befolking yn, oerdroegen oan Marokko en Mauretaanje. Dit lokket de Westsaharaanske Oarloch út as de befolking fan it gebiet yn opstân komt tsjin 'e nije útlânske oerhearskers. 20 - De Spaanske diktator Francisco Franco komt te ferstjerren. Spanje wurdt wer in keninkryk, mei Juan Carlos fan Boerbon as monarch. 25 - Suriname wurdt ûnôfhinklik fan Nederlân. 28 - East-Timor wurdt ûnôfhinklik fan Portegal. 29 - Yn in brief oan Paul Allen brûkt Bill Gates foar it earst de namme Microsoft (foar mikrokompjûter software). desimber 2 - Te Wijster, by it Drintske Beilen, wurdt in treinkaping útfierd troch Molukske aktivisten. Der falle ferskate deaden. 2 - Yn Laos wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt no in kommunistyske republyk.

Berne jannewaris 14 - Taylor Hayes, Amerikaansk pornoaktrise 21 - Casey FitzRandolph, Amerikaansk reedrider 27 - Reşat Amet, Krimtataarsk aktivist († 2014) febrewaris 11 - Marek Špilár, Slowaaksk fuotballer († 2013) 11 - Kristina Schwartz, Hongaarsk pornoaktrise 22 - Drew Barrymore, Amerikaansk aktrise 22 - Rita Cardinale, Hongaarsk pornoaktrise 25 - Mandingo, Amerikaansk pornoakteur en -regisseur maart 5 - Jolene Blalock, Amerikaansk aktrise 17 - Davia Ardell, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Sandra Dark, Litousk pornoaktrise 29 - Jan Bos, Nederlânsk hurdrider april 10 - prins Floaris fan Oranje-Nassau, van Vollenhoven, Nederlânsk prins 16 - Jaylene Rio, Amerikaansk pornoaktrise 24 - Sebastian Bieniek, Dútsk keunstner († 2022) april - Saran Dunmore, Amerikaansk fitnesstrener en realitypersoanlikheid maaie 2 - David Beckham, Ingelsk fuotballer 9 - Marieke Wijsman, Nederlânsk hurdrydster 26 - Nicki Aycox, Amerikaansk aktrise († 2022) 26 - Carl Verheijen, Nederlânsk hurdrider juny 23 - Chris Witty, Amerikaansk reedrydster 25 - Ingrid Swenson, Russysk pornoaktrise july 20 - Peter van de Witte, Frysk kabaretier, komponist en tekstskriuwer augustus 16 - Papillon, Amerikaansk pornoaktrise septimber 30 - Wopke Hoekstra, Nederlânsk politikus oktober 5 - Sophie Hilbrand, Nederlânsk presintatrise 12 - Marion Jones, Amerikaansk atlete 21 - Anita Looper, Frysk atlete novimber 1 - Anne Tjerk Popkema, Frysk oersetter en taalûndersiker 1 - Erben Wennemars, Nederlânsk hurdrider 11 - Cassandra Wilde, Hongaarsk pornoaktrise 12 - Shawn Speakman, Amerikaansk skriuwer, redakteur en útjouwer desimber 10 - Kristel Verbeke, Flaamsk sjongster 11 - Dawn Steele, Skotsk aktrise 30 - Tiger Woods, Amerikaansk golfer

Ferstoarn jannewaris 2 - Robert Fein, Eastenryksk gewichtheffer (* 1907) 30 - Kurt Helbig, Dútsk gewichtheffer (* 1901) 30 - Charles McIlvaine, Amerikaansk roeier (* 1903) febrewaris 5 - Giulio Basletta, Italjaansk skermer (* 1890) 5 - R.P. Sybesma, Frysk dichter en skriuwer (* 1894) 9 - Edward Jennings, Amerikaansk roeier (* 1898) 16 - Morgan Taylor, Amerikaansk horderinner (* 1903) maart 6 - Glenn Hardin, Amerikaansk horderinner (* 1910) 7 - Åke Bergqvist, Sweedsk siler (* 1900) 8 - Masanori Yusa, Japansk swimmer (* 1915) 27 - Inne de Jong, Frysk skriuwer en oersetter (* 1894) 29 - Thomas Green, Ingelsk hurdwandeler (* 1894) april 5 - Harold Osborn, Amerikaansk atleet (* 1899) 18 - Willem Ernest van Knobelsdorff, Nederlânsk boargemaster (* 1916) 25 - Giacomo Prampolini, Italjaansk oersetter en dichter (* 1898) maaie 6 - Ludolf Rasterhoff, Frysk fersetsman en boargemaster (* 1905) 19 - Douwe Algra, Frysk ûnderwizer en fersetsman (* 1900) juny 8 - Bruno Müller, Dútsk roeier (* 1902) augustus 27 - Haile Selassie, keizer fan Etioopje (* 1892) septimber 6 - Carlyle Tapsell, Yndiaask hockeyer (* 1909) 6 - Rien van Nunen, Nederlânsk akteur (* 1912) oktober 10 - Jacob Joukes Bakker, Frysk politikus (* 1???) 30 - Andrés Mazali, Oerûguayaansk fuotballer (* 1902) novimber 8 - Charles Kieffer, Amerikaansk roeier (* 1910)

Literatuer romans Judith Kerr, Bombs on Aunt Dainty

Films The Eiger Sanction Jaws The Man Who Would Be King

Muzyk Pink Floyd Wish You Were Here

Tillefyzje Return to the Planet of the Apes

Kategory:20e iuw