Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Oan de ein fan 31 desimber 1975 (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege. 3 - Yn Ljouwert brekt by in swiere stoarm de spits ôf fan de toer op de Sint-Bonifatiustsjerke. 4 - De earste ôflevering fan Sesamstrjitte wurdt útstjoerd. 5 - De earste útstjoering fan it radioprogramma Met het Oog op Morgen. febrewaris 4 - By de swiere ierdbeving fan Gûatemala komme yn Gûatemala en Hondoeras mear as 22.000 minsken om. 4-15 - De Olympyske Winterspullen 1976 wurde hâlden yn Innsbruck, Eastenryk. 21-28 - De earste Paralympyske Winterspullen wurde hâlden yn Örnsköldsvik, Sweden. 27 - De Westlike Sahara, dy't beset wurdt troch Marokko en Mauretaanje, ropt de ûnôfhinklikheid út as de Saharaanske Demokratyske Arabyske Republyk. april 25 april - Fjetnameeske ienwurding tusken Noard-Fjetnam en Súd-Fjetnam. Der ûntstiet in weriene steat mei in kommunistysk regear, dy't de namme Fjetnam kriget. maaie 4 - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Skiedam plak, yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, wêrby't 24 minsken omkomme. juny 1 - Mei it Ferdrach fan Londen komt in ein oan in heechoprinnend fiskerijkonflikt tusken it Feriene Keninkryk en Iislân, dat bekendstiet as de Kabbeljau-oarloggen. 16 - De Súdafrikaanske plysje sjit by in freedsume demonstraasje troch learlingen fan 'e middelbere skoalle yn Soweto, in swarte foarstêd fan Jehannesburch, 176 bern dea. It barren giet de skiednis yn as de Opstân fan Soweto. 17 - Sina bringt syn earste wetterstofbom ta ûntploffen. 29 - De Seysjellen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 29 - oprjochting Fuotbalferiening Tsjom. july 1 - Madeara en de Azoaren krije de status fan autonome regio binnen it Portegeeske steatsferbân. 4 - Israelyske kommando's meitsje by Operaasje Entebbe op 'e lofthaven fan Entebbe, yn Uganda, in ein oan 'e kaping fan Air France-flecht 139 troch Palestynske ekstremisten fan it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP). Dit bart sûnder goedkarring fan Uganda, en behalven de 7 kapers wurde ek 45 Ugandeeske militêren deasketten. 17 - East-Timor wurdt anneksearre troch Yndoneezje. Dêrmei begjint de hast tritichjierrige Besetting fan East-Timor troch Yndoneezje, dy't mank giet mei de Easttimoreeske Genoside. 17-1 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Montreal. 20 - It ûnbemanne romtefartúchje Viking 1 makket in sêfte landing op de planeet Mars. 28 - By de swiere ierdbeving fan Tangshan komme yn Sina 243.000 minsken om. augustus 3-11 - De Paralympyske Simmerspullen wurde yn hâlden yn Toronto. 4 - Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Durk Talsma winne yn Frjentsjer de 123e PC. Sake Saakstra wurdt útroppen ta kening. 21 - De "Lange Jan", de 135 meter lange skoarstien fan de eardere myn Oranje Nassau I yn Heerlen, wurdt opblaasd. De skoarstien falt ferkeard en beskeadiget in kantoargebou. 25 - Harm Wiersma wurdt wrâldkampioen damjen. septimber 3 - Fiking 2 lannet op Mars. 9 - Mao Zedong, de 'grutte roerman' fan 'e Folksrepublyk Sina, komt te ferstjerren. oktober 26 - Transkei wurdt as earste fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika. desimber 6 - De Nederlânske oarlochsmisdiediger Pieter Menten wurdt tichtby Surich arrestearre, tankzij it speurwurk fan sjoernalist Hans Knoop.
Berne jannewaris 9 - Emma Roche, Australysk model en aktrise 19 - Arjan Hut, Frysk skriuwer, stêdsdichter fan Ljouwert 20 - Gretha Smit, Nederlânsk hurdrydster 21 - Agnes Tilli, Hongaarsk pornoaktrise 29 - Belle Pérez, Flaamsk sjongster 31 - Wybren van Haga, Nederlânsk politikus febrewaris 3 - Isla Fisher, Skotsk-Australysk aktrise 2 - Vivienne Clash, Hongaarsk pornoaktrise 11 - Cherokee d'Ass, Amerikaansk pornoaktrise 12 - Silvia Saint, Tsjechysk pornoaktrise 28 - Audun Grønvold, Noarsk freestyleskyer († 2025) maart 29 - Ines Ridere, Letsk pornoaktrise april 11 - Coralie Trinh Thi, Frânsk pornoaktrise en regisseur 23 - Angelica Mirai, Letsk pornoaktrise 26 - India Summer, Amerikaansk pornoaktrise maaie 7 - Youssef Idilbi, Frysk akteur († 2008) 13 - Jennifer Red, Hongaarsk pornoaktrise 14 - Nynke Heeg, Frysk aktrise en regisseur 27 - Anita Blond, Hongaarsk pornoaktrise juny 10 - Esther Ouwehand, Nederlânsk politika 12 - Kyrsten Sinema, Amerikaansk politika 27 - Gabriella Blicq, Hongaarsk model en pornoaktrise july 1 - Ruud van Nistelrooy, Nederlânsk fuotballer 2 - Erin Burnett, Amerikaansk sjoernaliste en presintatrise 3 - Blondie, Russysk pornoaktrise 6 - Alana Evans, Amerikaansk pornoaktrise 9 - Cecilia Grout, Russysk pornoaktrise 9 - Jochem Uytdehaage, Nederlânsk hurdrider 13 - Sipke Hoekstra, Frysk komponist 14 - Monique Covét, Hongaarsk pornoaktrise 15 - Shuba Jay, Maleizysk aktrise († 2014) 15 - Kristina Lion, Letsk pornoaktrise 23 - Mark van Eeuwen, Nederlânsk akteur en presintator 25 - Tera Patrick, Amerikaansk pornoaktrise augustus 1 - Gerard Boersma, Frysk keunstskilder 5 - Jewel De'Nyle, Amerikaansk pornoaktrise 9 - Rhona Mitra, Ingelsk aktrise 15 - Sipke Jan Bousema, Nederlânsk presintator 15 - SuChin Pak, Súdkoreaansk-Amerikaansk ferslachjouster en presintatrise 19 - Demia Moor, Hongaarsk pornoaktrise 29 - Jon Dahl Tomasson, Deensk fuotballer septimber 1 - Jada Fire, Amerikaansk pornoaktrise 7 - Gabriella Bond, Hongaarsk pornoaktrise 13 - Puma Swede, Sweedsk pornoaktrise 20 - Jon Bernthal, Amerikaansk akteur oktober 8 - Renate Groenewold, Nederlânsk hurdrydster 10 - Pieter van Tuinen, Frysk keatser 13 - Ellemieke Vermolen, Nederlânsk model, aktrise en presintatrise 19 - Jan Wagenaar, Frysk krêftsporter 26 - Jeremy Wotherspoon, Kanadeesk hurdrider 30 - David Hahn, Amerikaansk kearnreaktor bouwer († 2016) novimber 13 - Bob de Jong, Nederlânsk hurdrider desimber 10 - Fidan Ekiz, Nederlânsk sjoernaliste, dokumintêremakster en presintatrise 25 - Tuomas Holopainen, Finsk toetsenist 26 - Natasha Storm, Letsk pornoaktrise datum ûnbekend Ania, Russysk pornoaktrise Martsje de Jong, Frysk redaktrise, politika en oersetster
Ferstoarn jannewaris 12 - Agatha Christie, Ingelsk skriuwster (* 1890) febrewaris 7 - Edward Flynn, Amerikaansk bokser (* 1909) 27 - Lieuwe Brolsma, Frysk skriuwer (* 1912) maart 31 - Auke Adema, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner (* 1907) april 9 - Renato Petronio, Italjaansk roeier (* 1891) 21 - Frank Brewin, Ingelsk hockeyer (* 1909) maaie 20 - Henry Pearce, Australysk roeier (* 1905) 26 - Martin Heidegger, Dútsk filosoof (* 1889) 29 - John Badcock, Ingelsk roeier (* 1903) july 15 - Paul Gallico, Amerikaansk sjoernalist en skriuwer (* 1897) 22 - Hilbrand Boschma, Frysk soölooch en museumdirekteur (* 1893) 23 - Wilhelmina von Bremen, Amerikaansk sprintster (* 1909) augustus 11 - Giovanni Gozzi, Italjaansk wrakselder (* 1902) 15 - Feike de Boer, Frysk politikus (* 1892) septimber 9 - Mao Ze-dong, presidint fan Sina (* 1893) oktober 7 - Hisakichi Toyoda, Japansk swimmer (* 1912) 16 - Enrico Poggi, Italjaansk siler (* 1908) novimber 7 - Sherburne F. Cook, Amerikaansk fysiolooch en folkekundige (* 1896) 18 - Man Ray, Amerikaansk keunstner (* 1890)
Bisten 6 febrewaris - Black Jack, ferneamd hynder yn it besit fan it Amerikaanske Leger (* 1947)
Literatuer romans Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker
Films All the President's Men The Eagle Has Landed The Enforcer Midway Rocky
Kategory:20e iuw