Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewars 20 - Yn de Feriene Steaten wurdt Jimmy Carter beëdige as 39e presidint. febrewaris 2 - De Drintske amateur-archeolooch Tjerk Vermaning moat foar de rjochtbank yn Assen ferskine omdat de autentisiteit fan Vermanings fynsten yn twifel lutsen wurde. maart 22 - Premier Joop den Uyl biedt it ûntslach oan fan syn kabinet, dat op de falreep stroffele is oer de grûnpolityk. 27 - By de Fleanramp fan Teneryf komt op 'e lofthaven fan Teneryf in opstiigjend ferkearsfleantúch fan 'e KLM yn botsing mei in taksyend ferkearsfleantúch fan Pan Am. It is mei 583 deaden it slimste ûngemak yn 'e skiednis fan 'e loftfeart. april 3 - Nederlân, Belgje, Lúksemburch en Frankryk gaan foar it earst sûnt de Twadde Wrâldoarloch oer op de simmertiid. maaie 23 - Begjin fan 'e treinkaping by De Punt en de besetting fan 'e legere skoalle yn Boppesmilde, beide yn Drinte, troch Molukske aktivisten. Der wurde 45 treinreizgers en 105 learlingen en 5 dosinten gizele. 25 - De Amerikaanske science fiction-film Star Wars giet yn premiêre en wurdt in alderûnbidichst súkses. 28 De bern yn de basisskoalle yn Boppe-Smilde wurde frijlitten, de fiif learkrêften bliuwe yn gizeling. juny 1 - Oprjochting fan proffuotbalklub SC It Hearrenfean as ôfsplitsing fan It Hearrenfean. 10 - Optreden fan de earste Frysktalige rockband, Rockploech Spul. 11 - Nederlânske kommando's meitsje mei geweld in ein oan 'e gizelingsaksjes yn Drinte. Dêrby komme seis Molukske aktivisten en twa gizelders om it libben. 16 - De binnenstêd fan Ljouwert wurdt troffen troch in grutte brân tsien pannen oan Foarstreek giene ferlern. 24 - Dzjibûty wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk. july 24 july - De Ogadenoarloch brekt út tusken Etioopje en Somaalje. augustus 3 - Sjouke de Boer, Klaas van Wieren en Wybren van Wieren winne yn Frjentsjer de 124ste PC. Wybren van Wieren wurdt útroppen ta kening. septimber 13 - De swarte Súdafrikaanske anty-apartheidsaktivist Steve Biko stjert yn finzenskip oan harsensletsel dat er oprûn hat by mishanneling troch de plysje. 19 - (Grins) Nei twa jier fan tariedingen wurdt it Ferkearssirkulaasjeplan Grins (VCP) yn. Autoferkear moat om yn in oar stedsdiel te kommen, hieltiten werom nei de rûnwei. De wethâlders Max van den Berg en Jacques Wallage wolle sa it brûken fan fyts en iepenbier ferfier stimulearje. novimber 26 - De 'dames' Snip en Snap trede, na fjirtich jier, foar it lêst op. desimber 6 - Bopûtatswana wurdt as twadde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
Berne jannewaris 11 - Anni Friesinger, Dútsk hurdrydster 31 - Evrim Akyigit, Turksk-Nederlânsk aktrise febrewaris 5 - Patricia Kara, Amerikaanske model en presintatrise 8 - Bridgette Kerkove, Amerikaansk pornoaktrise maart 10 - Robin Thicke, Amerikaansk sjonger 11 - Nikki Anderson, Hongaarsk pornoaktrise 21 - Laïla Abid, Marokkaansk-Nederlânsk nijslêzeresse 22 - Giovanca, Nederlânsk sjongster 23 - Chantal Boonacker, Nederlânsk swimster († 2021) 23 - Joana da Silveira Duarte, Portegeesk taalkundige en dosinte 24 - Mathilde Jansen, Nederlânsk taalkundige april 11 - Nikita von James, Russysk pornoaktrise 14 - Sarah Michelle Gellar, Amerikaansk aktrise 17 - Chad Hedrick, Amerikaansk reedrider 21 - Rick Hofstra, Frysk dartsspiler maaie 8 - Jennifer Walcott, Amerikaansk neakenmodel en aktrise 12 - Annechien Steenhuizen, Nederlânsk nijslêzeresse 13 - Ilse de Lange, Nederlânsk sjongster 31 - Danny Vera, Nederlânsk sjonger juny 4 - Ingrid Visser, Nederlânsk follybalster († 2013) 18 - Dilan Yeşilgöz, Turksk-Nederlânsk politika july 1 - Birgit Schuurman, Nederlânsk sjongster en aktrise 9 - Simone Horvath, Hongaarsk pornoaktrise 24 - Aicha Marghadi, Nederlânsk sportpresintatrise augustus 6 - Meljean Brook, Amerikaansk skriuwster 16 - Barbara Visser, Nederlânsk politika 17 - Tarja Turunen, Finsk sjongeres 19 - Brooke Mueller, Amerikaansk societystjer septimber 2 - Sam Rivers, Amerikaansk bassist († 2025) 7 - Nalini Singh, Fidzjiaansk-Nijseelânsk skriuwster 24 - Voodoo, Kanadeesk pornoakteur 29 - Sasha Rionda, Meksikaansk presintatrise, nijslêzeresse en ferslachjouster oktober 6 - Carola Schouten, Nederlânsk politikus 25 - Anita Rani, Ingelsk presintatrise en dokumintêremakster 31 - Inga Ridere, Letsk pornoaktrise novimber 5 - Maarten Tjallingii, Frysk hurdfytser 6 - Sienna West, Amerikaansk pornoaktrise 8 - Marloes Bolman, Frysk roeier 14 - Saskia Appel, Frysk skriuwster 27 - Mika Tan, Amerikaansk pornoaktrise desimber 25 - Priya Rai, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn febrewaris 9 - Gerrit Roorda, Frysk politikus en polityk aktivist (* 1890) 28 - Mohammed Hussain, Yndiaask hockeyer (* 1911) maart 1 - Hubert Ate Westerhuis, Frysk keatser (* 1900]]) 22 - Annie Catharina Kleefstra, Frysk ynstitútdirekteur (* 1884) april 22 - Arvo Haavisto, Finsk wrakselder (* 1900) maaie 14 - Tjeerd Venstra, Frysk arsjitekt (* 1889) juny 16 - Wernher von Braun, Dútsk raketlearde (* 1912) 29 - György Kutasi, Hongaarsk wetterpoloër (* 1910) july 18 - Giorgio Pessina, Italjaansk skermer (* 1902) 30 - Jürgen Ponto, Dútsk bankier (* 1923) augustus 16 - Elvis Presley, Amerikaansk sjonger (* 1935) 22 - Fokke Sierksma, Frysk teolooch, tibetolooch, essayist en dichter (* 1917) 31 - Sid Atkinson, Súdafrikaansk huorderinner (* 1901) septimber 13 - Robert Sutton, Amerikaansk siler (* 1911) novimber 5 - René Goscinny, Frânsk striptekener (* 1926) 15 - Tore Holm, Sweedsk siler (* 1896) desimber 3 - Jack Beresford, Ingelsk roeier (* 1899) 8 - Ernő Nagy, Hongaarsk skermer (* 1898) 16 - Roop Singh, Yndiaask hockeyer (* 1910)
Literatuer romans Frederick Feikema Manfred - Green Earth (oerset yn it Frysk as De Griene Ierde) Dean Koontz - The Vision (oerset yn it Frysk as De Fizioenen fan Mary)
Films A Bridge Too Far Smokey and the Bandit Soldaat van Oranje The Spy Who Loved Me Star Wars: Episode IV – A New Hope
Muzyk singles ABBA, Knowing Me, Knowing You ABBA, The Name of the Game Kenny Rogers, Lucille Queen, Tie Your Mother Down Queen, We Are the Champions albums ABBA, ABBA: The Album Pink Floyd, Animals Leonard Cohen, Death of a Ladies' Man Kenny Rogers, Kenny Rogers Queen, News of the World
Kategory:20e iuw