Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Oan de ein fan 31 desimber 1977 (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege. maart 5 - De Nederlânske minister fan Definsje Roelof Kruisinga treedt ôf omdat er beswier hat tsjin de neutroanengranaat. 13 - Begjin fan de gizeling yn it provinsjehûs yn Assen troch trije Súd-Molukse jongeren; planolooch Ko de Groot wurdt deasketten. 14 - Leden fan de Bysûndere Bystâns Ienheid (BBE) meitsje in ein oan de gizeling. Deputearre J. Trip rekket ferwûne by de befrijingsaksje en sil in stikmannich wiken letter stjerre oan syn ferwûnings. 16 - De Reade Brigaden ûntfiere de foaroansteande Italjaanske politikus Aldo Moro. Hy wurdt letter fermoarde weromfûn. maaie 3 - It earste spamberjocht wurdt ferstjoerd fia Arpanet, de foarrinder fan ynternet. juny 21 - De musical Evita giet yn Londen yn premiêre. july 7 - De Salomonseilannen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. augustus 2 - Sjouke de Boer, Klaas van Wieren en Wybren van Wieren winne yn Frjentsjer de 125ste PC. Sjouke de Boer wurdt útroppen ta kening. 12 augustus - De Folksrepublyk Sina en Japan slute frede. Dat makket in ein oan 'e formeel noch altyd trochgeande Twadde Sineesk-Japanske Oarloch, dy't yn 1936 útbriek mei de Japanske ynfal yn Sina. septimber 17 - De Egyptyske presidint Anwar Sadat en de Israelyske premier Menachem Begin berikke ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter it Akkoart fan Camp David. 28 - Paus Jehannes Paulus I komt nei in pontifikaat fan 33 dagen te ferstjerren. oktober 1 - Tûvalû wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 16 - De Poalske kardinaal Karol Wojtyła wurdt paus ûnder de namme Jehannes Paulus II. Hy is de earste net-Italjaanske paus sûnt 1523. 30 - Mei militêre stipe fan Lybje begjint de Ugandeeske diktator Idi Amin in oarloch tsjin buorlân Tanzania. Doel is om Tanzaniaansk grûngebiet te anneksearjen. novimber 3 - Dominika wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 8 - By protesten tsjin it bewâld fan 'e sjah wurdt yn 'e Iraanske haadstêd Teheran de steat fan belis útroppen. Fuort dêrnei iepenet it leger it fjoer op demonstranten dy't dat nijs noch net heard hawwe. Der falle hûnderten deaden. 18 - Yn Jonestown (Guyana) wurdt it Amerikaanske Kongreslid Leo Ryan fermoarde op befel fan sektelieder Jim Jones. Dyselde jout dêrnei al syn oanhingers befel om harsels tekoart te dwaan. Wa't net wol, wurdt twongen. Jones makket himsels ek fan kant. Mear as 900 minsken komme om by dizze Trageedzje fan Jonestown. desimber 30 - Nederlân wurdt yn 'e strange winter fan 1978-1979 troffen troch swiere sniestoarmen dy't in ferskuorrende gaos feroarsaakje. Benammen yn Fryslân, Grinslân en Drinte kinne opwaaide sniebdunen faak meters heech wurde, wylst it yn Súd-Nederlân tagelyk reint en snijt by tempertueren fan +10 °C, mar dêr giet it letter ek snijen. It gewoane libben wurdt ôfgryslik ûntwwrichte. Der folgje twa moannen mei tige wintersk waar wêrby't swiere sniefal en izel ôfwiksele wurdt troch perioades mei teiwaar en de diken glêd wurde kinne sadat it oant ein febrewaris ta faak net mooglik is om de dyk op te kinnen.
Berne jannewaris 7 - Emilio Palma, Argentynsk rekôrhâlder (earste persoan berne op Antarktika) 7 - Omotola Jalade Ekeinde, Nigeriaansk aktrise maart 12 - Carien Kleibeuker, Frysk hurdrydster 20 - VanVelzen, Nederlânsk sjonger 30 - Sandor van der Heide, Frysk fuotballer april 13 - Sylvie Meis, Nederlânsk presintatrise en model 21 - Jukka Nevalainen Finsk drummer maaie 22 - Ginnifer Goodwin, Amerikaansk aktrise 31 - Tamara Brinkman, Nederlânsk aktrise juny 15 - Bert Kobus, Frysk skriuwer en kranteman 24 - Emppu Vuorinen, Finsk gitarist 30 - Kayla Carrera, Amerikaansk pornoaktrise july 6 - Auke van der Graaf, Frysk keatser 13 - Eva Jinek, Nederlânsk sjoernaliste en nijslêzeresse augustus 5 - Rita Faltoyano, Hongaarsk pornoaktrise 11 - Douwe Groenendijk, Frysk keatser 23 - Kobe Bryant, Amerikaansk basketbalspiler († 2020) 26 - Mya Luanna, Taisk pornoaktrise septimber 18 - Kendra Lust, Amerikaansk pornoaktrise septimber - Hanadi Zakaria al-Hindi, Saûdysk piloate en feministe oktober 9 - Amanda Steel, Hongaarsk pornoaktrise novimber 19 - Marijn de Vries, Nederlânsk hurdfytster 27 - Shy Love, Amerikaansk pornoaktrise desimber 4 - Johanna de Groot, Frysk keunstneres 15 - Mark Jansen, Nederlânsk gitarist 29 - Alexis Amore, Perûviaansk pornoaktrise 30 - Jaime Faith Edmondson, Amerikaansk neakenmodel 31 - Johnny Sins, Amerikaansk pornoakteur datum ûnbekend Jelena Grigorjeva, Russysk minskerjochte-aktiviste († 2019) Paulette Jordan, Amerikaansk politika
Ferstoarn jannewaris 13 - Hubert Humphrey, Amerikaansk politikus (* 1911) 14 - Harold Abrahams, Ingelsk sprinter (* 1899) 14 - Kurt Gödel, Eastenryksk-Amerikaansk wiskundige (* 1906) febrewaris 4 - Olle Åkerlund, Sweedsk siler (* 1911) 21 - Johan Dijkstra, Nederlânsk keunstner (* 1896) maart 7 - Jan Herder, Frysk kommunist en fersetsstrider (* 1889) 8 - Dolf van der Voort van Zijp, Nederlânsk hynstesporter (* 1892) 9 - Tjeerd Bottema, Frysk keunstskilder en grafikus (* 1884) 14 - Pieter Oosterhoff, Frysk astronoom (* 1904) 18 - Willy Falck Hansen, Deensk baanhurdfytser (* 1906) 27 - Sverre Farstad, Noarsk reedrider (* 1920) 31 - Imre Rajczy, Hongaarsk skermer (* 1911) juny 3 - Hans Schöchlin, Switsersk roeier (* 1893) 23 - Kim Winona, Amerikaansk aktrise (* 1930) 28 - Diny de Neef, Nederlânsk aktrise (* 1926) augustus 6 - paus Paulus VI (* 1897) 9 - Lajos Keresztes Hongaarsk wrakselder (* 1900) septimber 15 - Willi Messerschmitt, Dútsk fleantúchûntwerper (* 1898) 21 - Petronella van Randwijk, Nederlânsk turnster (* 1905) 28 - paus Jehannes Paulus I (* 1912) oktober 1 - Charles Pacôme, Frânsk wrakselder (* 1902) 10 - Ralph Metcalfe, Amerikaansk atleet en politikus (* 1910) 29 - Eugen Mack, Switsersk turner (* 1907) novimber 21 - Hermann Hänggi, Switsersk turner (* 1894) desimber 4 - Rudolf Svensson, Sweedsk wrakselder (* 1899)
Literatuer romans Judith Kerr, A Small Person Far Away koarte ferhalen C.J. Cherryh, Cassandra non-fiksje Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting - Nije Fryske Bibeloersetting
Prizen De Amerikaanske skriuwer Isaac Bashevis Singer wint de Nobelpriis foar de Literatuer Michel van der Plas wint de Tollenspriis
Films Death on the Nile The Deer Hunter Grease Jaws 2 Star Wars Holiday Special
Muzyk singles Kenny Rogers, The Gambler
Byldzjende keunst
Boukeunst
Kategory:20e iuw