Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - Oan de ein fan 31 desimber 1978 (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege. 7 - Fjetnameeske ynfal yn Kambodja: Fjetnameeske troepen nimme de Kambodjaanske haadstêd Phnom Penh yn om in ein te meitsjen oan 'e totale terreur fan it bewâld fan 'e Reade Kmer, dy't laat hat ta de Kambodjaanske Genoside. febrewaris 14 - Mei de sniestoarm fan dizze dei berikt de strange winter fan 1978-1979 yn Fryslân in hichtepunt. 16 - By de Islamityske Revolúsje wurdt yn Iraan sjah Mohammed Reza Pahlavi ôfset en komt ajatolla Rûholla Chomeiny oan 'e macht. As gefolch hjirfan brekt de Oaljekrisis fan 1979 út. 17 - De Sineesk-Fjetnameeske Oarloch brekt út, wêrby't de Folksrepublyk Sina it buorlân Fjetnam binnenfalt as reäksje op 'e Fjetnameeske ynfal yn Kambodja. 22 - Sint-Lusia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. maart 8 - Bokser Rudi Koopmans hellet yn Rotterdam de Europeeske titel yn it healswiergewicht troch in oerwinning op de Italjaan Aldo Traverso. 16 - Ein fan 'e Sineesk-Fjetnameeske Oarloch. Beide partijen sizze de oerwinning behelle te hawwen. 26 - Fuortbouwend op it Akkoart fan Camp David wurdt yn Washington, D.C. it Israelysk-Egyptyske Fredesferdrach ûndertekene. Dêrmei slút Egypte as earste Arabyske lân frede mei Israel. 28 - Troch de Kearnramp fan Three Mile Island, by Harrisburg yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, wurde de omkriten fan 'e kearnsintrale fersmoarge mei grutte hoemannichten radioaktyf gas en wetter. april 2 april - De Europeeske Fûgelrjochtline giet yn. 4 - Yn Pakistan wurdt steatsman Zulfikar Ali Bhutto terjochtsteld troch de militêre diktatuer fan Muhammad Zia-ul-Haq. 11 - Yn it ramt fan 'e Ugandeesk-Tanzaniaanske Oarloch feroverje Tanzaniaanske troepen, bystien troch Ugandeeske rebellen, de Ugandeeske haadstêd Kampala. Diktator Idi Amin moat flechtsje en nimt de wyk nei Lybje. maaie 1 - Grienlân kriget selsbestjoer en wurdt krekt as Denemark en de Fêreu-eilannen in selsstannich lân binnen it Deenske Keninkryk. 3 - Yn it Feriene Keninkryk wurdt Margaret Thatcher de earste froulike premier. juny 1 - De de facto ûnôfhinklike Republyk Rodeezje hâldt op te bestean. 7 - It Jeropeesk Parlemint wurdt foar de earste kear keazen troch de boargers fan de EEG. 18 - Yn Wenen wurdt troch de Amerikaanske presidint Jimmy Carter en Sovjet-lieder Leonid Brezjnjev it SALT II-ferdrach ûndertekene, dat it tal atoomwapens fan 'e beide supermachten fierder beheine moat. july 2 - Kiribaty wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 16 - Yn Irak folget Saddam Hoessein Achmed Hassan al-Bakr op as presidint en foarsitter fan 'e Ba'thpartij. 19 - By de Sandinistyske Revolúsje wurdt yn Nikaragûa diktator Anastasio Somoza Debayle ferdreaun. augustus 1 - Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Flip Soolsma winne yn Frjentsjer de 126ste PC. Piet Jetze Faber wurdt útroppen ta kening. 4 - Bontebok krijt de offisjele doarpsstatus. 18 - It Heidenskip wurdt in selsstannich doarp. septimber 8 - It Iraanske leger ûnderdrukt in grutskalige opstân fan 'e Koerden. 13 - Fenda wurdt as trêde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika. 21 - Jean-Bédel Bokassa, dy't himsels yn 1977 ta keizer kroanje liet fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk, wurdt ôfset. oktober 17 - Mem Teresa krijt de Nobelpriis foar de Frede. 26 - Presidint Park Cheung Hee fan Súd-Koreä wurdt fermoarde troch it haad fan syn eigen feilichheidstsjinst. 27 - Sint-Finsint en de Grenadinen wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. novimber 4 - Radikale oanhingers fan ajatolla Rûholla Chomeiny kringe de Amerikaanske ambassade yn Teheran binnen, en gizelje dêr 52 Amerikaanske diplomaten. Dat is it begjin fan 'e saneamde Iraanske Gizelderskrisis. desimber 27 - Mei de ynfal yn Afganistan begjint de Sovjet-Uny de slepende Russysk-Afgaanske Oarloch dy't oant 1989 duorje sil.
Berne jannewaris 3 - Marika Fruscio, Italjaansk presintatrise en neakenmodel 8 - Sipke Ernst, Frysk skaker 12 - Johnny de Mol, Nederlânsk akteur en presintator 15 - Ariella Ferrera, Kolombiaansk pornoaktrise 24 - Tatyana Ali, Amerikaansk aktrise 24 - Jill Jackson, Skotsk sjongster febrewaris 4 - José Been, Nederlânsk sportferslachjouster 7 - Tawakkol Karman, Jemenitysk minskerjochte-aktiviste en Nobelpriiswinneresse 21 - Abby Rode, Amerikaansk pornoaktrise maart 17 - Stormy Daniels, Amerikaansk pornoaktrise 23 - Meike de Jong, Nederlânsk nijslêzeresse april 8 - Alexi Laiho, Finsk sjonger en gitarist († 2020) 9 - Katsuni, Frânsk pornoaktrise 12 - Claire Danes, Amerikaansk aktrise 30 - Kip Carpenter, Amerikaansk hurdrider maaie 6 - Eva Karera, Waalsk pornoaktrise 10 - Mahina Zaltana, Amerikaansk pornoaktrise 16 - McKenzie Lee, Ingelsk pornoaktrise 21 - Briana Banks, Dútsk-Amerikaansk pornoaktrise juny 5 - Maria Sterk, Frysk maratonrydster 7 - Vanda Vitus, Hongaarsk pornoaktrise 18 - Georgina Kwakye, Nederlânsk aktrise en presintatrise 22 - Joey Cheek, Amerikaansk reedrider 23 - Franca Treur, Nederlânsk skriuwster july 29 - Lexxxi Lockhart, Amerikaansk pornoaktrise 31 - Grytsje Schaaf, Frysk dichteresse augustus 22 - J.T. Money, Amerikaansk pornoakteur septimber 3 - Mel McLaughlin, Australysk sportferslachjouster en presintatrise 13 - Geike Arnaert, Flaamsk sjongeres 14 - Catalina Cruz, Amerikaansk pornoaktrise 24 - Katja Kassin, Dútsk pornoaktrise oktober 4 - Caitriona Balfe, Iersk model en aktrise 9 - Georgina Verbaan, Nederlânsk aktrise 17 - Kimi Räikkönen, Finsk autokoereur 31 - Jan Jaap van der Wal, Nederlânsk komyk en kabaretier novimber 10 - Nina Mercedez, Amerikaansk pornoaktrise 20 - Hend Sabry, Tunezysk aktrise 27 - Simone West, Amerikaansk pornoaktrise desimber 31 - Loona Luxx, Frânsk pornoaktrise 31 - Mariah Milano, Amerikaansk pornoaktrise datum ûnbekend Nicholas Galanin, Amerikaansk keunstner en muzikant
Ferstoarn jannewaris 5 - Peter Bonnet, Frysk ûnderwizer en keunstsamler (* 1896) 26 - Nelson Rockefeller, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1908) 31 - Rixt, Frysk dichteresse (* 1887) febrewaris 2 - Sid Vicious, Ingelsk muzikant (* 1957) maaie 10 - Louis Paul Boon, Flaamsk skriuwer en skilder (* 1912) 23 - Hub van Doorne, Nederlânsk ûndernimmer, oprjochter DAF (* 1900) 26 - John Wayne, Amerikaansk akteur (* 1907) juny 8 - Lou Geels, Nederlânsk akteur (* 1908) 11 - Loren Murchison, Amerikaansk sprinter (* 1898) 11 - John Wayne, Amerikaansk akteur (* 1907) 15 - Juan Arremón, Oerûguayaansk fuotballer (* 1899) july 4 - Theodora Kracaw Kroeber, Amerikaansk antropologe en folkekundige (* 1897) 14 - Santos Urdinarán, Oerûguayaansk fuotballer (* 1900) 19 - Guglielmo Segato, Italjaansk hurdfytser (* 1906) 29 - Herbert Marcuse, Dútsk-Amerikaansk filosoof (* 1898) augustus 4 - Ivar Johansson, Sweedsk wrakseler (* 1903) 5 - Sybolt Meyes Tigchelaar, Frysk keatser (* 1888) 22 - Hendrik Beernink, Nederlânsk politikus (* 1910) 24 - Bernt Evensen, Noarsk reedrider (* 1905) septimber 21 - Tseard Visser, Frysk byldzjend keunstner (* 1929) oktober 29 - Carl de la Sablière, Frânsk siler (* 1895) novimber 10 - Hiele de Haan, Frysk keatser (* 1923) 22 - Anne Vondeling, Nederlânsk politikus (* 1916) desimber 3 - Dhyan Chand, Yndiaask hockeyer (* 1905) 8 - Sayed Yusuf, Yndiaask hockeyer (* 1895) 13 - Jan Roos, Nederlânsk strjitartyst (* 1896) 14 - Peter Donlon, Amerikaansk roeier (* 1906) 15 - Piet Post, Frysk oargelist, dirigint en komponist (* 1919) 23 - Peggy Guggenheim, Amerikaanske keunstsamler (* 1898) 29 - Elka de Levie, Nederlânsk turnster (* 1905) 31 - Ethel Smith, Kanadeesk sprintster (* 1907)
Literatuer toaniel Elie Wiesel - Le Procès de Shamgorod (oerset yn it Frysk as It Proses fan Schamgorod)
Films Ashanti Escape from Alcatraz Escape to Athena Kramer vs. Kramer Mad Max Moonraker Rocky II Star Trek: The Motion Picture
Telefyzje The Dukes of Hazzard
Muzyk albums Kenny Rogers, Kenny Pink Floyd, The Wall singles Kenny Rogers, Coward of the County
Kategory:20e iuw