Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren. Foarfallen jannewaris 14 - De Deen Poul Hartling, lid fan de Flechtlingekommisje fan de Feriene Naasjes, skat it oantal flechtlingen yn de wrâld op tsien oant tolve miljoen minsken. 16 - It stakingsferbod foar amtners en Spoarwegen wurdt út de wet skrast. Dat ferbod wie part fan de "worgwetten" fan Abraham Kuyper út 1903.

febrewaris 1 oant en mei 7 febrewaris - De Paralympyske Winterspullen wurde hâlden yn Geilo Noarwegen. 13 oant en mei 24 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Lake Placid, de Feriene Steaten. 25 - Steatsgreep yn Suriname troch legere offisieren ûnder lieding fan Desi Bouterse. 26 - Yn Suriname fynt in steatsgreep plak. Der komt in militêre gûnta oan it bewâld ûnder lieding fan Desi Bouterse.

maart 10 - Fleander Erik Kropman stoart del mei syn F-16 yn de Iselmar tichtby Starum en komt dêrby om. 17 - De Mobile Ienheid makket in ein oan in blokkade fan de kearnsintrale fan Borsele. 24 - Moard op Oscar Romero, de aartsbiskop fan San Salvador, dy't opkomt foar de earmen yn El Salvador. 30 - De massale begraffenis fan Oscar Romero yn El Salvador rint út op in bloedbad as slûpskutters it fjoer iepenje op it roufolk.

april 1 - De NOS begjint mei de offisjele útstjoering fan Teletekst. 3 - Yn Lekkertsjerk wurdt offisjeel bekend makke dat de nijbouwyk Lekkertsjerk-West op in stoartplak boud is. De 270 húshâldings wurde evakuearre en tydlik op oare plakken ûnderbrocht, dêrnei wurdt de grûn ûnder de huzen ôfgroeven en saneard. 18 - Simbabwe wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 30 - Troanswikseling yn Nederlân: keninginne Julianna abdisearret en wurdt opfolge troch har dochter Beatrix. It plechtich barren yn Amsterdam giet mank mei grutskalige gefjochten tusken kreakers en de plysje.

maaie 4 - Ferstjerren fan Josip Broz Tito, de lieder fan Joegoslaavje. 8 - Yn it steds- en streekferfier wurdt de strippekaart ynfierd as ûnderdiel fan it nasjonaal taryfsysteem. 18 - Utbarsting fan 'e Mount St. Helens, in fulkaan yn 'e Amerikaanske steat Washington. Der falle 57 deaden. 20 - By in referindum yn Kebek sprekt in mearderheid fan 'e befolking him út tsjin ûnôfhinklikheid.

juny 10 - Yn Súd-Afrika wurdt Nelson Mandela frijlitten út de finzenis. 18 - De film The Blues Brothers mei Dan Akroyd, John Belushi en in grut tal fan Blues stjerren giet yn premjêre. 25 - Premier Van Agt oerlanget de hûskaaien oan de 37 earste ynwenners fan Almere Stêd. 21 oant en mei 5 july - De Paralympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Arnhim

july 19 oant en mei 3 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Moskou. 20 - Joop Zoetemelk wint de Omgong fan Frankryk. 25 - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Winsum plak, yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân, wêrby't 9 minsken omkomme. 30 - Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Flip Soolsma winne yn Frjentsjer de 127ste PC. Piet Jetze Faber wurdt útroppen ta kening. 30 - Fanûatû (foarhinne de Nije Hebriden) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk en Frankryk.

augustus 1 - It fak Frysk wurdt ferplichte op de legere skoalle.

septimber 5 - De Gotthardtunnel wurdt foar auto's iepene en is 17 km lang. 9 - De Nederlânske Taaluny wurdt stifte. 23 - Iraakske troepen falle it buorlân Iraan binnen: it begjin fan 'e slepende Iraaksk-Iraanske Oarloch. 26 - Yn Dútslân hat in bomoanslach plak op it Oktoberfest yn München. 13 besikers komme om it libben en en mear as 200 besikers reitsje ferwûne.

oktober 11 - Yn De Haach wurdt in fúzjegearkomst holden dy't yn De Haach dy't liedt ta it ûntstean fan it CDA út de politike partijen ARP, CHU en KVP 15 - De Voyager 1 romtesonde berikt de planeet Saturnus en stjoert spektakulêre foto's fan Saturnus, syn ringen en syn moannen werom nei de ierde.

desimber 2 - Ferkrêfting fan en moard op 4 Amerikaanske nonnen dy't as misjonaris nei El Salvador ta kommen wiene, troch leden fan it Salvadoraanske leger. 8 - Popstjer John Lennon wurdt fermoarde troch de geastlik steurde Mark David Chapman.

Berne jannewaris 1 - Ariana, Amerikaansk pornoaktrise 4 - Bobbi Eden, Nederlânsk pornoaktrise 19 - Hidde Boersma, Frysk skriuwer en dichter 21 - Mari Possa, Salvadoraansk-Amerikaansk pornoaktrise en realitypersoanlikheid 24 - Rhylee Richards, Amerikaansk pornoaktrise febrewaris 5 - Victoria Slim, Hongaarsk pornoaktrise 7 - Rutmer van der Meer, Frysk keatser 10 - Carrie ten Napel, Nederlânsk sportsjoernaliste en presintatrise maart 24 - Amanda Davies, Ingelsk presintatrise en sportferslachjouster 28 - Cécile Corbel, Bretonsk sjongster en muzikante 30 - Miko Lee, Amerikaansk pornoaktrise april 4 - Mark Tuitert, Nederlânsk reedrider 14 - Nynke Laverman, Frysk sjongster en aktrise 20 - Waylon, Nederlânsk sjonger maaie 9 - Erik Bosgraaf, Frysk blokfluitist en muzikolooch 18 - Esperanza Gomez, Kolombiaansk pornoaktrise 22 - Lucy Gordon, Ingelsk aktrise en model († 2009) juny 6 - Ricki Raxxx, Amerikaansk neakenmodel en pornoaktrise 15 - Mary Carey, Amerikaansk pornoaktrise 21 - Toprak Yalçiner, Turksk-Nederlânsk aktrise 22 - Jade Marcela, Yndonezysk-Amerikaansk pornoaktrise 30 - Daniël Iseger, Frysk keatser 30 - Mike Adriano, Amerikaansk pornoakteur, -regisseur en -produsint july 14 - Joy Wielkens, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre 16 - Jesse Jane, Amerikaansk pornoaktrise († 2024) 22 - Dirk Kuijt, Nederlânsk fuotballer 22 - Folkert van der Wei, Frysk keatser augustus 9 - Gijs Naber, Nederlânsk akteur 13 - Afke Boven, Frysk presintatrise 13 - Veronica de la Cruz, Amerikaansk ferslachjouster, nijslêzeresse en presintatrise 17 - Jan Kromkamp, Frysk fuotballer 23 - Sofie van den Enk, Nederlânsk presintatrise 26 - Macaulay Culkin, Amerikaansk akteur 26 - Chris Pine, Amerikaansk akteur septimber 13 - Daisuke Matsuzaka, Japansk honkballer 24 - Sabrine Maui, Amerikaansk pornoaktrise 29 - Jacob Wassenaar, Frysk keatser oktober 1 - Kim-Lian van der Meij, Nederlânsk presintatrise, aktrise, model en sjongster 9 - Hunter Bryce, Amerikaansk pornoaktrise († 2011) 20 - Mitra Nazar, Frysk sjoernaliste en ferslachjouster novimber 19 - Tofik Dibi, Nederlânsk politikus desimber 8 - Lisa Kelly, Amerikaansk frachtweinsjauffeur en realitypersoanlikheid datum ûnbekend Gerbrich van Dekken, Frysk countrysjongster Gaie Sebold, Amerikaansk-Ingelsk skriuwster en dichteresse

Ferstoarn jannewaris 1 - Frank Wykoff, Amerikaansk atleet (* 1909) 15 - Teake Jan Roorda, Frysk preester en funksjonaris binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke (* 1920) febrewaris 2 - Hanna Beekhuis, Frysk komponiste en pianiste (* 1889) 11 - Paavo Yrjölä, Finsk mearkamper (* 1902) 13 - Jo Meynen, Nederlânsk politikus (* 1901) maart 14 - Mohammad Hatta, Premier fan Yndoneezje (* 1902) 30 - Pieter Helfrich, Frysk keatser (* 1895) 31 - Jesse Owens, Amerikaansk atleet (* 1913) april 15 - Jean-Paul Sartre, Frânsk filosoof en toanielskriuwer (* 1905) maaie 4 - Aldert van Bruggen, Nederlânsk politikus (* 1925) 11 - Kaarlo Mäkinen, Finsk wrakselder (* 1892) 16 - Pita Grilk, Skiermûntseager dichteresse (* 1905) 18 - Johan te Slaa, Nederlânsk akteur (* 1906) juny 1 - Boele Bregman, Frysk keunstner en grafikus (* 1918) 9 - Leonard Huizinga, Nederlânsk skriuwer (* 1906) july 9 - Norris Graham, Amerikaansk roeier (* 1906) 19 - Hans Morgenthau, Amerikaansk-Dútsk politikolooch (* 1904) 23 - Franco Tognini, Italjaansk turner (* 1907) 29 - Age Scheffer, Frysk sjoernalist (* 1900) augustus 13 - Alfred Hitchcock, Ingelsk regisseur (* 1899) 22 - Rinse Brink, Frysk keatser en predikant (* 1894) 24 - Catharinus Stienstra, Frysk alvestêderider (* 1904) septimber 8 - Peter Sellers, Ingelsk akteur (* 1925) 17 - Rex Norris, Ingelsk hockeyer (* 1899) 17 - Anastasio Somoza, presidint fan Nikaragûa (* 1925) 25 - John Bonham, Ingelsk drummer (* 1948) oktober 4 - Jan Hoogland, Fryske politikus (* 1898) 13 - Wim van Mourik, Nederlânsk politikus (* 1919) 15 - Katharine Mary Briggs, Ingelsk folklorist (* 1898) 16 - Carl Romme, Nederlânsk abbekaat en politikus (* 1896) 21 - Hans Asperger, Eastenryksk bernedokter (* 1906) 27 - Miles Bellville, Ingelsk siler (* 1909) novimber 1 - Lammert Wiersma, Skiermûntseager dichter en skriuwer (* 1881) 4 - Charles Borah, Amerikaansk sprinter (* 1905) 12 - Andrej Amalrik, Sovjet skriuwer en dissidint (* 1938) 15 - Harri Larva, Finsk atleet (* 1906) 19 - Jan Broeksz, Nederlânsk sjoernalist, radiopresintator, politikus en bestjoerder (* 1906) 22 - Mae West, Amerikaansk aktrise (* 1893) desimber 4 - Stanisława Walasiewicz, Poalsk sprintster (* 1911) 4 - Jenő Brandi, Hongaarsk wetterpoloër (* 1913) 8 - John Lennon, Ingelsk sjonger (* 1940) 15 - Rudolph Cleveringa, Nederlânsk heechlearaar rjochten (* 1894) 15 - Ruurd Wiersma, Frysk keunstskilder (* 1904) 29 - Nadezjda Mandelstam, Sovjet skriuwer en dissidint (* 1899)

Literatuer romans Theun de Vries, De Soldaat Die Terugkwam (oerset yn it Frysk as De Soldaat Dy't Weromkaam) Elie Wiesel, Le Testament d'un Poète Juif Assassiné (oerset yn it Frysk as It Testamint fan in Fermoarde Joadske Dichter)

Films The Blue Lagoon Smokey and the Bandit II Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back

Tillefyzje Magnum, P.I.

Kategory:20e iuw