Tocantins (offisjeel Estado do Tocantins yn it Portegeesk) is de jongste dielsteat fan Brazylje. De haadstêd is Palmas. Neffens de folkstelling fan 2022 hie de dielsteat 1.511.459 ynwenners. Tocantins beslacht in oerflak fan sa'n 277.423,6 km². De ynwenners steane bekend as Tocantinenses. Tocantins is sa'n 6,7 kear sa grut as Nederlân (ynklusyf binnenwetter).

Skiednis Nei de ferovering waard de regio Tocantins oarspronklik hast folslein bewenne troch lânseigen folken. De oanlis fan 'e federale sneldyk BR-010 – de Rodovia Engenheiro Bernardo Sayão – dy't fan Brasília nei Belém rint, brocht de earste ynfrastrukturele ûntwikkelings op gong. Oan 'e wei ûntstiene doarpen en stêden, wylst de lânseigen befolking nei reservaten ferdreaun waard.

De dielsteat Tocantins waard yn 1988 oprjochte troch in grûnswetswiziging en in dekreet fan 'e federale oerheid. Dat barde troch it grûngebiet ôf te splitsen fan 'e dielsteat Goiás. Palmas, in stêd dy't doe noch stifte wurde moast, waard oanwiisd as haadstêd. Miracema do Tocantins wie oant 1 jannewaris 1990 ynearsten de haadstêd.

Geografy Tocantins grinzget oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Maranhão (noardeasten), Piauí en Bahia (easten), Goiás (suden), Mato Grosso (westen) en Pará (noardwesten). De dielsteat makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Noard (Região Norte).

Rivieren thumb|left|Wetterfal yn 'e rivier de Tocantins De rivier de Tocantins (Rio Tocantins), dêr't de dielsteat syn namme oan te tankjen hat, is de grutste en langste rivier fan 'e steat en hat in lingte fan 2.640 kilometer.

De rivier de Araguaia (Rio Araguaia) foarmet de westlike grins fan Tocantins. De rivier mûnet as rjochter sydrivier út yn 'e Tocantins yn it noarden fan 'e steat, in gebiet dat bekend stiet as de saneamde Pappegaaiesnaffel (Bico do Papagaio yn it Portegeesk).

It lânskip bestiet foar 87% út it cerrado-type mei grutte savanneformaasjes dy't trochsnien wurde troch galerijwâlden en beekdellingen.

Demografy It grutste part fan 'e befolking fan Tocantins wennet yn stêden (79,3%). Neffens de folkstelling fan 2022 is de etnyske gearstalling fan 'e befolking as folget:

mingde befolking (Pardos): 62,1% blanke befolking (Brancos): 23,2% swarte befolking (Pretos): 13,2% lânseigen befolking (Indígenas): 1,2% Aziatyske befolking (Amarelos): 0,2%

Befolkingsûntwikkeling fan Tocantins (1940–2022) Jier 1940 1950 1960 1970 1980 Ynwennertal 165.188 204.041 328.486 537.563 736.688 Groei — +23,5% +61,0% +63,6% +37,0% Jier 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 920.116 1.157.690 1.383.445 1.511.460 Groei +24,9% +25,8% +19,5% +9,3%

Belangrykste stêden thumb|260px|Palmas Stêd Ynwenners 20px|border Palmas 302.692 20px|border Araguaína 171.301 20px|border Gurupi 85.126 20px|border Porto Nacional 64.418 20px|border Paraíso do Tocantins 52.360 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Ynwennertal neffens de folkstelling fan 2022

Religy thumb|260px|Metropolitane katedraal yn Palmas Tocantins is ien fan 'e meast religieuze steaten fan Brazylje. Dat docht bliken út it ûndersyk "Novo Mapa das Religiões" dat op 24 augustus 2011 troch de Getulio Vargas Stifting (FGV) yn Rio de Janeiro publisearre waard. De steat hat neffens lannelike sifers sawol in heech persintaazje oan katoliken as oan protestanten. Fierwei de measten protestanten binne pinksterkristenen.FGV Social, Novo Mapa das Religiões

In wichtich religieus evenemint yn Tocantins is de Festa do Divino Espírito Santo yn 'e histoaryske stêd Natividade, in iuwenâld tradisjoneel feest mei prosesjes en tradysje dy't tûzenen leauwigen en besikers lûke. In oar wichtich barren is de prosesje en it feest fan Nossa Senhora das Mercês yn Porto Nacional. Marije-Berte (Nossa Senhora da Natividade) is de patroanhillige fan 'e steat Tocantins en har feestdei (8 septimber) is in offisjele feestdei yn 'e dielsteat.

+ Religieuze gearstalling fan Tocantins (IBGE) Religieuze streaming Persintaazje (2000) Persintaazje (2010) roomsk-katolyk 78,3% 69,6% protestantsk 15,8% 23,1% sûnder religy 4,6% 6,0% spiritisme 0,3% 0,5% oare religys / net opjûn 1,0% 0,8% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2000 / 2010

Natuerparken Tocantins hat twa federale nasjonale parken dy't (foar in part) op it grûngebiet fan 'e steat lizze. Dêrnjonken binne der in pear wichtige steatsparken (parques estaduais):

thumb|260px|Natuer yn it Nasjonaal Park Araguaia. + Nasjonale en steatsparken yn Tocantins Park Type Oerflak (ha) Bysûnderheden Nasjonaal Park Araguaia Federaal 562.000 Leit op it Ilha do Bananal, it grutste riviereilân fan 'e wrâld; in oergongsgebiet tusken de Cerrado en it Amazône-reinwâld. Nasjonaal Park Nascentes do Rio Parnaíba Federaal 729.800 Leit op 'e grins fan fjouwer steaten (yn it easten fan Tocantins) en beskermet de boarnen fan 'e Parnaíba.

thumb|260px|Opfallende rotsformaasjes yn it Steatspark Jalapão It Steatspark Jalapão (Parque Estadual do Jalapão) is it grutste steatspark en stiet bekend om 'e sândunen, opfallende rotsformaasjes en wetterboarnen (fervedeiros). Steatspark Cantão (Parque Estadual do Cantão) beskermet in grut sompe- en riviergebiet yn 'e Araguaia-delta. Net fier fan 'e haadstêd Palmas beskermet it Steatspark Lajeado (Parque Estadual do Lajeado) it Cerrado-ekosysteem op 'e heechflakte fan 'e Serra do Lajeado.

Ekonomy en ynfrastruktuer thumb|left|Feehâlderij De ekonomy fan Tocantins driuwt foaral op 'e lânbou en feehâlderij. De steat makket diel út fan 'e lanlike agraryske ekspânsjesône Matopiba, mei in sterke konsintraasje fan grutskalige ferbou fan soja, mais en rys yn it easten en sintrum. Ek binne der grutte ananasplantaazjes. Lykas yn 'e rest fan Brazylje is ek de feehâlderij foar fleis in dominante sektor. De yndustry is beheind en rjochtet him fral op 'e ferwurking fan 'e lânbouprodukten, boumaterialen en de opwekking fan wetterkrêft yn 'e Tocantins-rivier.

Foar de ynfrastruktuer is de rykswei BR-153 (de Rodovia Belém-Brasília) de wichtichste ferbining foar it ferkear fan noard nei súd. Tagelyk spilet de spoarline Ferrovia Norte-Sul in mear en mear krúsjale rol foar it ferfier fan agraryske eksportprodukten en guod nei de havens yn it noarden. Ferfier oer it wetter giet fral oer de Araguaia en Tocantins, wylst it ynternasjonale fleanfjild fan Palmas de belangrykste loftferbining foarmet.

Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1988