De Waal, (ek bekend as It Waaltsje) is de namme fan in deade rivierearm op it Nederlânske eilân IJsselmonde. Yn de iere midsiuwen wie de Waal in brede rivier en foarme dy in ferbining tusken de Noard (destiids de Merwede) en de Alde Maas. Yn 1332 liet graaf Willem III fan Hollân de Waal lykwols ôfdamje by Oostendam en letter ek by Heerjansdam. Sûnt dy tiid is de Waal in binnenwetter dat wichtich is foar de wetterhúshâlding yn it eastlike part fan it eilân IJsselmonde.

De Waal hat in lingte fan 8 kilometer en rint fan Hendrik-Ido-Ambacht fia Oostendam en Rijsoord nei Barendrecht en Heerjansdam dêr't it wetter fia in gemaal ôffierd wurdt nei de Alde Maas. Yn Hendrik-Ido-Ambacht streamde de Waal eartiids fia it de haven yn de rivier de Noard; no einiget de Waal krekt súdwestlik fan de Damweg. De Waal wurdt trochkrúst troch in autosneldyk, de A16, de spoarlinen tusken Rotterdam en Doardt, de HSL en de Betuwerûte. De A15 rint tusken de A16 en de Noard noardlik fan De Waal.

De Waal wurdt beheard troch it wetterskip Hollânske Delta.

Waal (IJsselmonde), De