Ralf Winkler, ek bekend ûnder syn pseudonym A.R. Penck (berne op 5 oktober 1939 yn Dresden; ferstoarn op 2 maaie 2017 yn Zürich), wie in Dútsk keunstskilder en byldhouwer. Hy wie in neo-ekspresjonistysk skilder dy't bekend stie om in fisuele styl dy't beynfloede wie troch primitive keunst.

Libben en wurk A.R. Penck studearre tegearre mei in groep neo-ekspresjonistyske skilders. Under it kommunistyske rezjym yn de DDR waard hy yn 'e gaten hâlden troch de geheime plysje (Stasi), om't hy as dissidint beskôge waard. Yn de lette jierren '70 die er mei oan ferskate keunsttentoanstellingen yn West-Berlyn en die er iere, baanbrekkende wurken oer de frijheid fan mieningsutering yn East-Berlyn.Penck, A.R. Biographische Angaben aus dem Handbuch Wer war wer in der DDR?, 2009

Fan de iere jierren '80 ôf waard syn wurk foaral eksposearre yn keunstgaleryen en selektearre museums yn it Westen. Hy naam diel oan de ynternasjonale keunsttentoanstelling Zeitgeist, dy't yn 1983 hâlden waard yn it Martin-Gropius-Bau en Tate Britain.

Yn de jierren '80 waard er betûft yn it "piktogram-skilderjen", wêrby't er in styl ûntwikkele dy't karakterisearre waard troch totem-eftige bylden en it brûken fan primitive foarmen om de minsklike figuer te sketsen. Hy die mei oan tal fan ynternasjonale tentoanstellingen, benammen yn New York en Londen.

Hoewol't se minder bekend binne, roppe de byldhouwurken fan Penck deselde primitive tema's op as dy yn syn skilderijen en tekeningen. Hy makke gebrûk fan deistige materialen — lykas hout, flessen, kartonnen doazen, blikjes, ferpakkingsbân, tinfolie, aluminiumfolie, izertried en foegemiddel — dy't er gearstalde en skildere mei in gefoel fan ienfâld en spontaniteit.

Nettsjinsteande it ûntbrekken fan fine estetyske details, harren rûge kwaliteit en de ienfâld fan harren konstruksje, fertoane se deselde symboalyske, antropomorfe foarmen as yn syn platte, symboalyske skilderijen. Syn skilderijen binne nei alle gedachten beynfloede troch it wurk fan Paul Klee, wêrby't de helderheid fan it Egyptyske of Maya-skrift mongen wurdt mei de rûgens fan Jackson Pollock syn lette swarte skilderijen. De byldhouwurken tinke faak oan de stiennen koppen fan Peaske-eilân en oare uteringen fan Polynezyske keunst.

Penck wie ek in drummer en perkussjonist, en lid fan de rockgroep Triple Trip Touch.

Keppeling om utens

Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan stoarn yn 2017