De Aziatyske goudwever (Ploceus hypoxanthus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e weverfûgels (Ploceidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Uterlik en gelûd De Aziatyske goudwever is in felgiele, finkeftige fûgel mei in tsjokke, krêftige snaffel. It mantsje is giel mei in swart masker om 'e eagen, in tsjokke donkere snaffel en in skobbige tekening op 'e rêch. It wyfke is doffer giel, hat in lichte rôze glâns op 'e snaffel, in minder opfallend patroan op 'e rêch en folle minder tekening op 'e kop. De Bayawever is minder felgiel en it wyfke dêrfan hat donkerdere tekenings op 'e rêch en wjukken.

Fersprieding en systematyk De Aziatyske goudwever wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

P. h. hymenaicus – komt foar fan Súd-Birma oant Sintraal-Tailân, Kambodja en Súd-Fjetnam. P. h. hypoxanthus – komt foar op Sumatra en Java.

Hâlden en dragen De Aziatyske goudwever libbet yn fochtige lânbougebieten en natuerlike sompegebieten fan leechlân. It mantsje bout rûne nêsten fan gers yn lytse koloanjes.

Status en bedrigings De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de oantallen nimme nei alle gedachten ôf; dy tebekgong is lykwols net sterk genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) kwalifisearret de soarte dêrom as gefoelich (Near Threatened, NT).

Kategory:Wever (fûgelskaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam