Klaaske (Klaske) Douma (Burgum, 7 juny 1920 - 23 desimber 1985) wie in Fryske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Libben en fersetwurk Klaske Douma wie de dochter fan it grifformearde echtpear Ytsje van Houten en Wietze Douma. Hja hie in âldere broer, Rinze (1916). Hja wurke op it boerebedriuw fan har âldelju en, yn 'e oarlochstiid, út en trochs as húshâldlike help by dûmny Evert Nawijn en syn frou. Dit bernleaze echtpear joech ûnderdak oan twa Joadske bern en holp oare Joaden by it finen fan ûnderdûkadressen.Protestantse Gemeente Burgum, Verzetsvrouw Klaske Douma (1920-1985) (PDF), basearre op De Walle

Ferskate leden fan de famylje Douma wiene ek aktyf yn it ferset. Troch harren kaam Johannes Kolf — in eardere plysjeman út Utert dy't diel útmakke fan it spionaazjenetwurk ûnder lieding fan fersetsman Roelof Vermeulen ("Omke Klaas") — yn 1943 by de famylje ûnderdûken. Under de skûlnamme Annie II de Jong besoarge se geheime berjochten troch Nederlân, mei de fyts en de trein.

Op 13 novimber 1944 fytste Douma nei it ûnderdûkadres fan Roelof Vermeulen oan de Nijstêd yn Ljouwert. Vermeulen wie op 'e tiid ûntkommen, mar Douma rûn yn de fal. Se waard ûnderskept troch SD-leden Klaas Karel en Pieter Johan Faber en fêstset yn it gebou fan de Spaarbank oan it Saailân. Nei't út in brief yn har hântaske bliken dien hie dat har âlden ûnderdûkers ûnderdak joegen, waarden har âldelju, de ûnderdûkers Jan Bakker en Wim Theil, en har neef Jouke Douma arrestearre en ek yn de Spaarbank fêstset. Douma waard ûnderwurpen oan in wreed ferhoar en seach hoe't Jan Bakker sa slim slein waard dat er it bûten kennis rekke; hy waard dêrnei op 15 novimber tichtby Burgum troch de SD deasketten.De Walle, s. 100 Hy hie oant 1940 as korporaal-fleantúchmonteur by de Keninklike Marine yn De Helder tsjinne en waard fertocht fan spionaazje foar de Britten.

Douma waard nei in pear dagen oerbrocht nei it hûs fan bewar Blokhúspoarte yn Ljouwert, dêr't se op 'e nij ûnderwurpen waard oan yntinsyf ferhoaren en marteling. Troch 'goede' bewakers koe se wat ynformaasje útwikselje mei de bûtenwrâld, en fernaam ûnder oare dat Jan Bakker ferstoarn wie.De Walle, s.101 Op 8 desimber 1944 fierde de Fryske KP in oerfal op it hûs fan bewar, Klaske Douma en 50 oare finzenen waarden befrijd. Ien fan de KP-ers dy't de ynfal útfierde, wie Johannes Kolf. Hy soe letter yn jannewaris 1945 ferstjerre by in kontrôle troch de Sicherheitsdienst op in letter ûnderdûkadres.

Nei de oarloch Nei de oarloch wurke Douma foar de Politike Opspoaringstsjinst (dy't letter opgie yn de Ofdieling Politike Opspoaring) en letter as wenningynspekteur yn Ljouwert. Yn 1956 kaam se yn tsjinst by Philips, dêr't se ferantwurdlik wie foar de kwaliteit en de tawiizing fan wenningen foar personiel. Se skreau twa ferslaggen oer de oerfal op de Blokhuispoort foar it nijsblêd Philipskoerier: ien yn 1960 by gelegenheid fan it fyftjinjierrich jubileum fan de befrijing, en in oar yn 1963 yn ferbân mei de film De overval.

Douma ferstoar op 23 desimber 1985. Se waard byset yn it grêf fan har âlders op it begraafplak fan de Krústsjerke yn Burgum.

Erkenning Yn 2023 waard Klaske Douma yn Ljouwert huldige mei de ûntbleating fan it Klaske Doumapad yn de wyk Vrijheidswyk. Yn Burgum is yn 2025 de Klaske Douma-strjitte ûntbleate yn it ramt fan de betinking fan 80 jier frijheid. Burgum herdenkt 80 jaar vrijheid met kinderherdenking en eerbetoon aan verzetsvrouw, rtvnof.nl. April 2025. Sjoen 23 augustus 2026

Yn 2024 ferskynde it boek Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten fan Hessel de Walle; it beskriuwt de ûnderfiningen fan Klaske Douma en 31 oare Fryske fersetsfroulju foar, yn en nei de oarloch.

Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn Burgum Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 1985