De lytse maskerwever (Ploceus intermedius) is in fûgel út 'e famylje fan 'e weverfûgels (Ploceidae) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). De soarte komt foar yn gerslannen en lânbougebieten yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara. De IUCN kwalifisearret de soarte as 'net bedrige' (Least Concern).
Skaaimerken De lytse maskerwever is in 13 sm lange wever. Mantsjes yn briedkleed hawwe in opfallend krêmwyt each dat skerp ôfstekt tsjin it swarte masker op it gesicht. It masker rint troch oant op 'e foarholle en wurdt yn in fariearjende mjitte beseame mei kastanjebrún. De ûnderkant is heldergiel mei in lichte kastanjebrune swym. De poaten binne ljocht blaugriis. De op de soarte lykjende Ploceus vitellinus mist it swart op 'e foarholle en hat reade eagen en rôze-eftige poaten. Mantsjes bûten de briedtiid en wyfkes hawwe ljochte eagen, blaugrize poaten en in relatyf dúdlike giele swym oer it boarst.
Fersprieding en systematyk De lytse maskerwever wurdt ûnderferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende ferspriedingsgebieten:
Ploceus intermedius intermedius – komt foar yn Etioopje, noardwestlik en súdlik Somaalje, súdeastlik Súd-Sûdan, it noardeasten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Kenia, Rûanda en Tanzania. Ploceus intermedius beattyi – komt foar yn drûge kustgebieten fan westlik Angoala. Ploceus intermedius cabanisii – komt foar fan de kustgebieten fan Tanzania oant KwaZulu-Natal, noardlik Namybje en it binnenlân fan súdlik Angoala.
Guon autoriteiten rekkenje beattyi ta cabanisii.
De soarte is troch de minske yntrodusearre yn Japan, dêr't in populaasje yn it wyld ûntstien is.
Libbenswize De lytse maskerwever komt foar op ferskillende typen gerslân mei hjir en dêr strûken en beammen en ek op kultuerlân, faak yn 'e omkriten fan wetter. De fûgel yt fral ynsekten lykas rûpen, gaanders en termiten.
Status en bedrigings De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte stabile populaasje. Der binne gjin oanwizings foar grutte bedrigings. Op grûn fan dy kritearia kwalifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) de soarte as 'net bedrige' (Least Concern, LC). De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net fêststeld, mar de soarte wurdt omskreaun fan ûngewoan oant hiel algemien.
Kategory:Wever (fûgelskaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda