Piauí (offisjeel: Estado do Piauí) is in federale steat yn 'e regio Noardeast fan Brazylje. De befolking waard op 1 july 2026 rûsd op 3.392.617 ynwenners, dy't Piauïezen neamd wurde en op in oerflak fan sa'n 251.755 km² wenje. De haadstêd is Teresina.
Skiednis Piauí is de iennichste steat yn it noardeasten dêr't de kolonisaasje út it binnenlân wei barde. Oan 'e ein fan 'e 17e iuw fêstigen feehâlders har dêr op syk nei nije greide. Al gau ûntstiene dêr ûnbidich grutte feehâlderijen. Nei't de jezuïten ferdreaun waarden, foelen de ranches wer yn hannen fan Portegal en waarden se ferlitten.
Geografy thumb|left|Kust fan Piauí Piauí grinzget oan 'e Brazyljaanske steaten Ceará, Pernambuco, Bahia en Maranhão.
Piauí is de op twa nei grutste steat fan it noardeasten. Meidat Piauí yn in oergongsgebiet leit, hat de steat ferskillende lânskippen mei in eigen klimaat en wikseljende begroeiïng.
De kustline is mar 66 kilometer lang en bestiet út mangrovebosken. It klimaat is tropysk mei temperatueren dy't goed út te hâlden binne. Dêrfoaroer hat it binnenlân in semiaride klimaat mei hege temperatueren. De reintiid duorret fan desimber oant april. Savannes en steppes, cerrados en drûge gebieten mei strûk- en toarngewaaks foarmje dêr it grutste part fan it lânskip.
De wichtichste nasjonale parken fan Piauí binne: thumb|left|Rotstekeningen yn 'e Serra da Capivara It Nasjonaal Park Serra da Capivara (yn it suden fan 'e steat). It park stiet bekend om 'e tûzenen jierren âlde rotstekeningen en archeologyske fynplakken dy't tsjûgje fan 'e iere minsklike bewenning yn Amearika. It Nasjonaal Park Sete Cidades (yn it noarden fan 'e steat). It park is bekend om syn yndrukwekkende en frjemde rotsformaasjes fan sânstien, dy't lykje op ferstienne stêden (dêrfandinne de namme Sete Cidades / Sân Stêden). Ek yn dit park binne histoaryske rotstekeningen te finen. It Nasjonaal Park Serra das Confusões (yn it djipste suden fan Piauí). It grutste natuerreservaat yn 'e regio fan 'e Caatinga (it drûch ekosysteem mei beamkeguod). It park omfiemet kleauwen, djippe grotten en in grut ferskaat oan beskerme bisten en planten. It Nasjonaal Park Nascentes do Rio Parnaíba (op 'e grins fan Piauí mei Maranhão, Tocantins en Bahia). Dit park beskermet de boarnen fan 'e Parnaíba-rivier (de wichtichste rivier fan Piauí) en foarmet in grut oergongsgebiet tusken de savanne en de Caatinga.
Befolking Etnyske gearstalling De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan Piauí wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget:
minsken fan mingde komôf (Pardos): 64,8% blanken (Brancos): 22,6% swarten (Pretos): 12,2% lânseigen befolking (Indígenas): 0,3% (sawat 9.300 minsken) Aziaten (Amarelos): 0,1%
Befolkingsûntwikkeling fan Piauí (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 Ynwennertal 202.222 267.609 334.328 609.003 817.601 1.045.696 Groei — +32,3% +24,9% +82,2% +34,3% +27,9% Jier 1960 1970 1980 1991 2000 2010 Ynwennertal 1.263.368 1.734.894 2.188.150 2.581.215 2.843.428 3.118.360 Groei +20,8% +37,3% +26,1% +18,0% +10,2% +9,7% Jier 2022 Ynwennertal 3.271.199 Groei +4,9% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos
Grutste gemeenten thumb|260px|Teresina Stêd Ynwenners 20px|râne|Teresina Teresina 866.300 20px|râne|Parnaíba Parnaíba 162.159 20px|râne|Picos Picos 83.090 20px|râne|Piripiri Piripiri 65.762 20px|râne|Floriano Floriano 62.593 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 Religy De befolking fan Piauí is yn mearderheid kristlik. It katolisisme is de oerhearskjende streaming yn 'e steat; neffens de folkstelling fan 2022 is 77,43% fan 'e ynwenners fan 10 jier en âlder roomsk-katolyk. Hjirmei is Piauí ien fan 'e Brazyljaanske steaten mei it heechste persintaazje katoliken fan it lân.
Njonken it katolisisme foarmet it protestantisme mei 15,56% de twadde grutte streaming, wat ien fan 'e leechste persintaazjes protestanten is fan alle Brazyljaanske steaten. Dêrnjonken is 4,3% fan 'e befolking sûnder religy. Oare religys yn Piauí binne de Afro-Brazyljaanske religys sa as umbanda en candomblé (0,43%), it spiritisme (0,37%) en oare religieuze groepen (1,83%).
+ Religieuze gearstalling fan Piauí (IBGE 2022) Religieuze streaming Persintaazje (2022) roomsk-katolyk 77,43% protestantsk 15,56% sûnder religy 4,30% Afro-Brazyljaanske religys (umbanda en candomblé) 0,43% spiritisme 0,37% oare religys 1,83% net bekend / net opjûn 0,08% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 Ekonomy Piauí is ien fan 'e earmste federale steaten fan Brazylje. Sawat de helte fan 'e befolking wennet yn 'e stêden. De iennichste yndustry fan betsjutting is de fiedings-, de tekstyl- en learyndustry. Troch it ferlienen fan belestingfoardielen is it lykwols slagge om de ynfrastruktuer te ferbetterjen. Yn 'e lânbou oerhearsket de feehâlderij; der wurde beanen, mais, rys, kassaves, soja en sûkerreid ferbouwd, mar net genôch om yn it eigen ferlet te foarsjen.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889