Goiás (ôfkoarting: GO'; offisjele Portegeeske namme: Estado de Goiás) is in dielsteat yn 'e regio Sintraal-West (Portegeesk: Região Centro-Oeste) fan Brazylje.

De haadstêd en meast befolke stêd – mei mear as 1,4 miljoen ynwenners (2022) – is Goiânia. De planning en bou dêrfan sette yn 1933 útein om de âlde haadstêd, Goiás Velho te ferfangen. De steat Goiás leit sintraal yn Brazylje en bestiet út 246 gemeenten (municípios), mei in totale befolking fan mear as 7 miljoen ynwenners yn 2022.IBGE - Goiás

Goiás grinzget (mei de klok mei, begjinnend út it noarden wei) oan 'e Brazyljaanske dielsteaten Tocantins, Bahia, Minas Gerais, Mato Grosso do Sul en Mato Grosso. It Federaal Distrikt mei de Brazyljaanske haadstêd Brasília leit folslein ynsluten op it grûngebiet fan 'e dielsteat.

Skiednis thumb|left|Goiás, de âlde haadstêd fan 'e steat De namme fan 'e dielsteat Goiás is ôflaat fan it lânseigen folk de Goyaz of de Goiá, dy't oarspronklik yn 'e regio fan 'e Rio Vermelho wennen.

Al yn 1592 waard der goud ûntdutsen yn 'e omjouwing fan Goiás Velho, mar it sykjen nei it edelmetaal kaam pas goed op 'e gong yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw, nei de ûntdekking fan rikere fynplakken. It Kapteinskip Goiás (Capitania de Goyaz) waard yn 1748 oprjochte en ôfsplitst fan it Kapteinskip São Paulo. Yn 1822 waard it omfoarme ta de provinsje Goiás, dy't yn 1889 de hjoeddeiske dielsteat waard. Yn 1988 waard it noardlike part fan it grûngebiet ôfsplitst om de dielsteat Tocantins te foarmjen.

Geografy thumb|left|Heechflakte Jardim de Maytrea yn 'e Chapada dos Veadeiros mei middelberchtme op 'e eftergrûn. Mei in oerflak fan 340.087 km² is Goiás de lytste fan 'e trije dielsteaten yn 'e regio Sintraal-West (ôfsjoen fan it Federaal Distrikt). De steat is likernôch like grut as Dútslân (357.112 km²). Yn ferliking mei alle 26 dielsteaten stiet Goiás mei in oandiel fan 3,99% yn it oerflak fan Brazylje op it sânde plak, mar wat ynwennertal oanbelanget op it tolfte plak.

De geografy fan Goiás wurdt foar it grutste part bepaald troch de sintrale Brazyljaanske heechflakte (Portegeesk: Planalto Central) mei syn middelberchtmes. Dizze leit westlik fan 'e berchtmes dy't lâns de Atlantyske kust rinne. Dat troch eroazje sterk ferware lânskip hat in relatyf lege hichte yn ferliking mei de piken fan it middelberchtme.

In pear bekende heechflakten binne:

Heechflakte Middelberchtme / Regio Maks hichte Chapada dos Veadeiros heechste punt 1.961 m Serra Dourada Westlike ôfsluting fan it Brazyljaansk berchlân 1.071 m Serra dos Pireneus Picos dos Pireneus tusken Pirenópolis & Cocalzinho de Goiás 1.394 m Vão do Paranã Serra Geral de Goiás (grins tusken Goiás en Bahia) ca. 1.000 m

thumb|left|Serra dos Pireneus De heechflakte, dy't him yn it súdwesten fan Goiás ek nei de westlik lizzende dielsteat Mato Grosso útwreidet, foarmet oer ferskate middelberchtmes de wetterskieding tusken it Amazônebekken yn it noarden en it súdlik lizzend riviersysteem fan 'e Paraná, dy't oer de Río de la Plata tusken Argentynje en Oerûguay yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet. Yn it easten grinzget Goiás oan it tredde rivieresysteem, de noardeastlik streamende Rio São Francisco. Yn it noardwesten fan Goiás leit de leechflakte fan 'e Araguaia, mei in hichte fan mar 300 meter.

Demografy Etnyske gearstalling Neffens offisjele sifers fan 'e Brazyljaanske folkstelling (Censo Demográfico 2022) fan it IBGE wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking fan Goiás as folget:

mingde komôf (Pardos): 54,18% blanken (Brancos): 36,24% lânseigen / Yndianen (Indígenas): 0,15% swart (Pretos): 9,19% Aziaten (Amarelo): 0,24%

De lânseigen befolking fan Goiás bestiet út hast 20.000 minsken. Neffens it IBGE binne der njoggen yndiaanske leefgebieten yn 'e steat, ferdield oer de gemeenten Minaçu, Niquelândia, Aruanã, Rubiataba, Nova América, Caturaí en Catalão.https://portal.al.go.leg.br/noticias/151340/indigenas-em-goias Indigenas57

Befolkingsûntwikkeling fan Goiás (1872–2022) + Befolkingsûntwikkeling fan Goiás (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 Ynwennertal 160.395 227.572 255.284 511.919 661.226 1.010.880 Groei — +41,9% +12,2% +100,5% +29,2% +52,9% Jier 1960 1970 1980 1991 2000 2010 Ynwennertal 1.626.376 2.460.007 3.229.219 4.012.562 5.004.197 6.003.788 Groei +60,9% +51,3% +31,3% +24,3% +24,7% +20,0% Jier 2022 Ynwennertal 7.056.495 Groei +17,5% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censos Demográficos (1872–2022)

10 grutste stêden fan Goiás (folkstelling 2022) thumb|260px|Goiânia # Stêd / Gemeente Ynwennertal # Stêd / Gemeente Ynwennertal 1 border|20px Goiânia 1.437.237 6 border|20px Águas Lindas de Goiás 225.671 2 border|20px Aparecida de Goiânia 527.550 7 border|20px Valparaíso de Goiás 198.861 3 border|20px Anápolis 398.817 8 border|20px Trindade 142.431 4 border|20px Rio Verde 225.696 9 border|20px Formosa 115.669 5 border|20px Luziânia 208.725 10 border|20px Senador Canedo 155.635 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Censo Demográfico 2022

Religy Neffens sifers fan 'e lannelike folkstelling fan 2022 is de mearderheid fan 'e befolkking fan Goiás roomsk-katolyk (51,92%), folge troch in grutte protestantske mienskip (32,57%). De mearderheid fan 'e protestanten yn Goiás heart ta de pinksterbeweging (wêrûnder foaral de Assembleias de Deus, de Congregação Cristã no Brasil en de Igreja Universal do Reino de Deus), mar der binne ek mienskippen fan baptisten, presbyterianen, advintisten, luteranen en leauwigen sûnder tsjerkgenoatskip.

Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan 'e steat is de gemeente Palmelo, yn it súdeasten fan Goiás. Dat is de iennige gemeente yn Brazylje dêr't it spiritisme de grutste religy is; yn 2022 ferklearre 42,6% fan 'e ynwenners dêr dat leauwe oan te hingjen.

+ Religieuze gearstalling fan Goiás (IBGE 2022) Religieuze streaming Persintaazje (2022) roomsk-katolyk 51,92% protestantsk 32,57% sûnder religy 8,40% spiritisme 2,10% Afro-Brazyljaanske religys (umbanda/candomblé) 0,52% oare religys 4,35% net opjûn / wit net 0,13% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Folkstelling 2022 (befolking boppe de 10 jier)

Natuer en beskerme gebieten thumb|260px|Nasjonaal Park Chapada dos Veadeiros Troch it periodyk drûge klimaat oerhearsket yn Goiás de typyske savanne-fegetaasje, dy't yn Brazylje de Cerrado neamd wurdt. Dizze ekoregio hat in hiel soarterike fauna, wêryn't ek hjoed-de-dei noch nije diersoarten ûntdutsen wurde. Om it unike en alsidige ekosysteem te beskermjen en tagelyk duorsum te brûken foar natuerfreonlik toerisme (ekotoerisme), binne ferskate nasjonale en steatsparken ynsteld.

thumb|260px|Lânskip yn it Nasjonaal Park Chapada dos Veadeiros + Nasjonale en steatsparken yn Goiás Park Type Oerflak (ha) Bysûnderheden Nasjonaal Park Chapada dos Veadeiros Federaal 60.000 Oprjochte yn 1961 (by Alto Paraíso de Goiás); ferneamd om it ferskaat fan it lânskip en de rike floara en fauna. Sûnt 2001 UNESCO-wrâlderfgoed. Nasjonaal Park Emas Federaal 131.868 Oprjochte yn 1974 (by Mineiros) yn it sintraal-Brazyljaanske berchlân; beskermet it habitat fan û.o. de nandoe (emas). Sûnt 2001 gearfoege mei Chapada dos Veadeiros as UNESCO-wrâlderfskip. Steatspark Altamiro de Moura Pacheco Steat 4.123 Oprjochte yn 1992, leit net fier fan 'e haadstêd Goiânia. Steatspark Serra de Caldas Novas Steat 12.300 Oprjochte yn 1970, leit by Caldas Novas. Steatspark Paraúna Steat 3.250 Leit yn 'e gemeente Paraúna. Steatspark Serra dos Pireneus Steat 901 Oprjochte by Pirenópolis; bestiet út ûnder oare de Picos dos Pireneus. Steatspark Terra Ronca Steat 500.000 Oprjochte yn 1989 yn São Domingos, yn 'e Serra Geral de Goiás (op 'e grins mei Bahia); bekend om syn wetterfallen en grotten. Ekonomy Goiás is in wichtige produsint fan nôt, pûlfruchten en oaljesied en stiet dêrmei op it fjirde plak yn Brazylje, efter Paraná, Mato Grosso en Rio Grande do Sul. De dielsteat nimt de absolute topposysje yn by de tomatetylt en de tylt fan sorghum. Fierder binne katoen, sinneblommen, sûkerreid, mais en soja wichtige lânbouprodukten.

In oare wichtige pylder fan 'e ekonomy is de mynbou; yn 'e steat wurde ûnder oare stienkoal, grint, fosfaaterts, nikkel en goud wûn. thumb|260px|Pirenópolis De tsjinstesektor nimt in grut part fan 'e ekonomy foar syn rekken, wêrby't ek it toerisme in wichtige rol spilet. Ferskate bekende toeristyske plakken binne:

Goiás Velho: De eardere haadstêd fan Goiás (oant 1937). Yn 2001 waard it histoaryske sintrum mei syn ferskate 18e-iuwske barokke gebouwen opnommen op 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist. Pirenópolis: In skildereftich stedsje yn it binnenlân fan Goiás, ferneamd om syn goed bewarre koloniale hearehuzen. Caldas Novas: In yn Brazylje hiel populêr kueroard dat bekendstiet om syn natuerlike termyske hjitwetterboarnen.

De meast foaroansteande yndustrysektoaren binne: lânbouchemy fiedingssektor metaalbewurking autoyndustry (lykas it fabryk fan Mitsubishi yn Catalão) meubel- en houtferwurkjende yndustry tekstylyndustry

Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889