De lytse nandoe (Rhea pennata), ek: darwinnandoe of Darwins nandoe, is in fûgel út 'e famylje fan 'e nandoes (Rheidae), binnen it skift nandoe-eftigen (Rheiformes).
Skaaimerken Rjochtop steand hat de lytse nandoe in hichte fan 90 oant 100 sintimeter; de fûgel hat gruttere wjukken as oare rinfûgels, wêrtroch't er bysûnder goed hurdrinne kin. Hy kin wol in faasje fan 60 km/oere helje, wat him ek yn steat stelt om oan rôfdieren te ûntkommen. De skerpe klauwen oan 'e teannen tsjinje as krêftige wapens.
Ofbylden
Fersprieding en systematyk De lytse nandoe wurdt trochstrings ûnderferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende ferspriedingsgebieten:
tarapacensis/garleppi-groep – troch guon foarsteld as in aparte soarte, Rhea tarapacensis Rhea pennata garleppi – komt foar yn 'e woastyngebieten fan 'e Pûna yn it súdeasten fan Perû, it súdwesten fan Bolivia en it noardwesten fan Argentynje. Rhea pennata tarapacensis – komt foar yn 'e Pûna fan Noard-Sily, fan 'e provinsje Arica oant Atacama. pennata-groep Rhea pennata pennata – komt foar op 'e Patagoanyske steppen fan Súd-Argentynje en Súd-Sily.
Systematyk Nandoes binne endemysk yn Súd-Amearika en de famylje bestiet mar út ien oare soarte: de (grutte) nandoe. Fossilen út it Eoseen – likernôch 40 miljoen jier lyn – wize derop dat se ta de âldste fûgels fan it kontinint hearre. Earder waarden de taksa yn 'e nandoefamylje ûnderbrocht yn it iennichste skaai Rhea. Resinter ûndersyk suggerearret lykwols in opsplitsing fan 'e famylje, wêrby't it skaai Pterocnemia erkend wurdt – dêr't de lytse nandoe yn set wurde kin – al is der oer dy kwestje gjin ienriedigens.
Hâlden en dragen thumb|left|Lytse nandoes yn Argentynje De lytse nandoe libbet yn strûkgebieten op it Patagoanyske gerslân en op 'e heechflakten fan 'e Andes yn Argentynje, Bolivia, Sily en Perû. Wyfkes lizze harren aaien faak yn 'e buert fan it nêst ynstee fan dêryn. De measte aaien wurde dêrnei troch it mantsje, dy't de aaien ek útbriedt, nei it nêst brocht. Aaien dy't bûten it nêst efterbliuwe, bedjerre en lûke miggen oan; dy tsjinje as iten foar it mantsje en de piken. Bûten de briedtiid is de lytse nandoe frij sosjaal. De soarte libbet yn kloften fan fiif oant tritich fûgels, besteande út beide skaaien fan ferskillende âldens.
Status en bedrigings De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de populaasje nimt nei alle gedachten ôf – al is dat noch net sa slim dat de soarte as bedrige kwalifisearre wurdt. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) kwalifisearret de soarte as 'net bedrige' (Least Concern, LC).
Kategory:Nandoe Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Perû