It fûgelskaai nandoes (Rhea) heart ta de famylje fan 'e nandoefûgels (Rheidae) yn it skift fan 'e nandoe-eftigen (Rheiformes).

It skaai bestiet út grutte, net-fleanende rinfûgels dy't lânseigen binne yn Súd-Amearika. Se lykje op 'e strúsfûgel, mar binne lytser, hawwe trije teannen ynstee fan twa en hawwe mear fearren op 'e nekke en kop. Nandoes kinne tige hurd rinne en brûke harren grutte wjukken om by it hurdrinnen yn lykwicht te bliuwen en hommels fan rjochting te feroarjen.

Se libje foaral op iepen flakten, lykas de pampas, gerslannen en heechflakten yn 'e Andes. It binne sosjale bisten dy't faak yn groepen omdoarmje. Hjoed-de-dei komt de nandoe as ferwyldere eksoat ek yn it wyld foar yn Dútslân.

Soarten It skaai bestiet út twa soarten: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 180px lytse nandoe Rhea pennata Argentynje, Bolivia, Sily en Perû yn 'e Andes en op 'e Patagoanyske steppes 200pxôfnimmendRhea pennata op BirdLife International 180px nandoe Rhea americana Argentynje, Bolivia, Brazylje, Paraguay, Oerûguay) en as eksoat yn Noard-Dútslân 200pxôfnimmendRhea americana op BirdLife International

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Nandoe-eftige