It fûgelskaai echte strúsfûgels (Struthio) heart ta de famylje fan 'e strúsfûgels (Struthionidae) en it skift fan 'e strúsfûgeleftigen (Struthioniformes).

It binne de grutste en swierste noch libjende fûgels op ierde. Se binne folslein oanpast oan it libben op 'e grûn en kinne net fleane. Skaaimerkend foar it skaai binne de tige lange, sterke poaten mei mar twa teannen foar elke foet, in keale lange hals en in lyts kopke. Mei harren krêftige poaten kinne se wol in faasje fan 70 km yn it oere helje.

De soarten yn dit skaai komme oarspronklik foar yn iepen savannes, healwoastinen en drûge gerslannen yn Afrika.

Soarten It skaai bestiet út twa noch libbene soarten: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px strúsfûgel Struthio camelus Afrika besuden de Sahara en súdlik Afrika 200pxôfnimmendStruthio camelus op BirdLife International 120px Somalyske strúsfûgel Struthio molybdophanes De Hoarn fan Afrika: Somaalje, Etioopje, Dzjibûty en Noard- en East-Kenia 200pxôfnimmendStruthio molybdophanes op BirdLife International

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Strúsfûgel