De nandoe (Rhea americana) is in grutte Súdamerikaanske rinfûgel út 'e famylje Nandoe-eftigen (Rheidae).
Skaaimerken In nandoe liket in soad op in strúsfûgel, mar is folle lytser en lichter. In folwoeksen nandoe is likernôch 90 oant 150 sm lang en weaget 20 kg. Oare ferskillen mei in strúsfûgel binne dat in nandoe trije teannen hat ynstee fan twa en dat de skaaien skraachwurk fan inoar te ûnderskieden binne. Nandoes ha foar it measte brune, grize of wite fearren, mei in wyt ûnderliif.
Yn 'e briedtiid hat in mantsje in swarte ring ûnder oan 'e hals. Yn Brazylje wurde nandoes fongen foar de fearren.
Ofbylden
Fersprieding De nandoe komt oarspronklik út Súd-Amearika. It dier libbet dêr op 'e pampa of op 'e cerrado. De soarte telt fiif ûndersoarten:
R. a. americana: noardlik en eastlik Brazylje. R. a. intermedia: súdeastlik Brazylje en Oerûguay. R. a. nobilis: eastlik Paraguay. R. a. araneipes: súdwestlik Brazylje, eastlik Bolivia en westlik Paragûay. R. a. albescens: noardeastlik en eastlik Argentynje.
Dútslân thumb|left|Nandoe's by Lenschow Yn 2000 ûntsnapten in pear nandoes út in bûtenferbliuw yn Sleeswyk-Holstein, tichteby de grins mei Meklenburch-Foarpommeren en stieken dêr de grins oer nei dy dielsteat, dêr't se waarnommen waarden yn it leechlân fan Wakenitz – spesifyk yn it gebiet tusken Schattin en Herrnburg en ek fierder nei it suden by Utecht. Al yn 2001 wie der bewiis fan in suksesfol lechsel (in mantsje mei 14 piken). Ek dêrnei waard der suksesfol bret. Stadichoan groeide de populaasje fierder oant 80 fûgels yn augustus 2009. Yn maart 2011 waard de populaasje op 100 fûgels rûsd. Yn it jier 2016 waarden der yn 'e hjerst fan 2016 mear as 200 fûgels telt yn in ferspriedingsgebiet fan likernôch 150 fjouwerkante kilometer eastlik fan 'e Ratzeburger See. Nei in lytse tebekgong troch in lange kâlde winter waarden by in telling yn 'e hjerst fan 2018 al 566 fûgels telt, wêrfan't it grutste part piken.
It docht bliken dat de nandoe in goed oanpassingsfermogen hat. De fûgels libje op braaklizzende grûn mei drûch en healdrûch gerslân en dinnebosk. Ek binne se op greide, ikkerlân en yn leafbosk waarnommen. Winterdeis foerazjearje de bisten op koalsied- en stoppelfjild. Boeren binne net sa wiis mei de nandoes omdat se it koalzaad fertraapje en ite. In regeling foar skeafergoeding is der net want nandoes steane net op 'e saneamde Katalog der Wildschadenskasse. De fûgels binne beskerme en meie ek net fuortjage wurde. De skea wurdt troch oaren relativearre want 40 nandoe's frette likefolle as ien ko. De nandoes hawwe yn Dútslân fierder gjin natuerlike fijannen; heechút wurdt der wolris in nandoepyk troch in foks pakt.
Yn 2017 waard besletten om de oanwaaks mei maatregels te beheinen troch de nêsten te sykjen en de aaien troch te boarjen om it tal piken te beheinen. Omdat dy metoade net genôch fertuten die, hat de Dútske oerheid de status fan 'e fûgel oanpast, wêrtroch't der sûnt 2019–2020 op folwoeksen mantsjes en jonge fûgels jage wurde mei. Jagers sjitte dêr alle jierren in oantal nandoes ôf om de populaasje yn 'e hân te hâlden.
Hâlden en dragen Nandoes trekke wylst se gers ite yn kloften oer iepen flakten. Dêrnjonken ite nandoes ek in ferskaat oan dierlik en plantaardich iten. Se kinne net fleane en mije kontakt mei fijannen troch fuort te rinnen. thumb|left|Nandoe yn Mato Grosso Der is sprake fan polygyny (mantsje pearje mei mear as ien wyfke) en polyandry (it wyfke pearet mei mear as ien mantsje). It mantsje ropt yn 'e djoeitiid om wyfkes te lokjen. By de balts besiket de fûgels mei in soad fertoan fan wapperjende wjukken om yndruk te meitsjen. Ien mantsje kin wol mei tolve wyfkes pearje. De wyfkes lizze harren aaien yn syn nêst op 'e grûn en it mantsje briedt dêrnei de aaien út, oant wol 60 stuks ta. Ek bringt it mantsje sa'n seis wiken lang de piken grut. Mantsjes en wyfkes foarmje gjin bliuwende pearkes.
Status as wylde fûgel yn Súd-Amearika De grutte fan 'e wylde populaasje yn Súd-Amearika is net kwantifisearre. Ek dêr binne nandoe's út finzensskip ûntsnapt, wat rûzings fan 'e echte wylde populaasje dreger makket. Oant yn 1980 waard der in soad jage op nandoe's en waarden it fleis, de hûden en de fearren eksportearre. Njonken yllegale streuperij wurdt yn guon spesifike gebieten of op partikuliere feebedriuwen yn beheinde mjitte jage om de populaasje te behearen. Nei de iuwwikseling hat de fûgel foaral te lijen hân fan habitatferlies troch grutskalige omsetting fan pampas en cerrados nei greide foar de feehâlderij. Dêrfandinne stiet dizze soarte as 'gefoelich' op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Kategory:Nandoe Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Eksoat yn Dútslân