thumb|Flagge fan Damwâld De flagge fan Damwâld is de flagge fan it doarp Damwâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge waard yn 2022 registrearre. It ûntwerp is fan R.J. Broersma.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
De flagge is ferdield yn twa horizontale banen – ien giele en ien reade – troch in sêchfoarmige line dy't trije punten hat; dizze line begjint op in fjirde fan de hichte fan de flagge, en de hichte fan de punten bedraacht trijekwart fan de flaggehichte. Op in tsiende fan de flaggehichte fan de bopperâne ôf rint in smelle, horizontale griene baan, dy't ek in tsiende fan de flaggehichte heech is. Yn elke reade punt stiet in wyt kastiel mei in hichte fan 11/30-sten fan de flaggehichte; it kastiel hat in iepen poarte en finsters wêrtroch't de kleur fan de ûndergrûn te sjen is.
Symbolyk Yn de flagge komme trije punten foar mei dêr yn in burcht, de trije punten mei burcht stie foar de eardere trije doarpen wêr't Damwâld út bestiet: Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld. De flaggen fan de trije eardere doarpen ha allegear ien burcht, yn de folgorde wêr't de doarpen yn lizze (fan west nei east).
Sjoch ek
Kategory:Damwâld Damwald