thumb|Flagge fan de Ommelannen; de herten binne yn dit foarbyld mear stilearre as yn it wapen fan de Ommelannen

De flagge fan de Ommelannen is de histoaryske streekflagge fan de Ommelannen, it gebiet om de stêd Grins hinne dat tsjintwurdich it grutste part fan de provinsje Grinslân omfiemet. De flagge bestiet út in wyt fjild mei trije blauwe skeanbanen en alve reade herten. It ûntwerp is ôflaat fan it wapen fan de Ommelannen, dat yn de 16e iuw ûntstie en werom te fieren is op âlde Fryske heraldyske tradysjes.

Troch de blauwe en wite skeanbanen en de reade figueren liket de Ommelânske flagge sterk op de flagge fan Fryslân. De beide flaggen hawwe in besibbe heraldyske eftergrûn, mar hawwe har los faninoar ûntwikkele. De Ommelânske flagge hat alve reade herten, wylst de Fryske flagge sân reade pompeblêden hat. It motyf fan alve herten is yn de Ommelannen al sûnt de 16e iuw yn boarnen fêstlein; yn 1581 wurdt in findel mei alve herten yn in eigentiidske boarne neamd.

Skiednis Untstean fan it Ommelânske wapen De Ommelânske flagge is ôflaat fan it wapen fan de Ommelannen, dat yn it lêste fearn fan de 16e iuw ûntstie. De eftergrûn dêrfan leit yn de midsiuwske en ier-moderne heraldyske tradysje fan de Friezen. Fan de 15e iuw ôf kamen yn Jeropeeske wapenboeken ferskate wapens foar dy't taskreaun waarden oan legindaryske Fryske keningen, dêrûnder Redbad. Oft dy foarstellings op werklik midsiuwsk gebrûk weromgeane, is net bekend; nei alle gedachten wiene se foar in grut part lettere heraldyske konstruksjes. Yn ferskate fan dy wapens kamen skeane blauwe en wite of sulveren banen mei reade herten of wetterlelieblêden foar.Martin Hillenga, Ommelander wapen en vlag, Levend Erfgoed Groningen.

De Ommelannen stiene yn de 16e iuw polityk skerp foar de stêd Grins oer. Yn dy tiid leine de Ommelânske bestjoerders ek wer mear klam op it Fryske ferline fan it gebiet. De Ommelannen waarden yn boarnen ek wol oantsjut as Klein Friesland. Yn 1577 besleaten de Steaten fan de Ommelannen in eigen wapen en segel ûntwerpe te litten. Dêrfoar waard as wichtichste motyf in fariant keazen fan it wapen dat doe oan de âlde Fryske kening Redbad taskreaun waard: skeane blauwe banen mei alve reade herten.Johan Huizinga, Hoe verloren de Groningsche ommelanden hun oorspronkelijk Friesch karakter?, yn: Verzamelde werken, diel 1, DBNL.Egge Knol en Jan C. van der Wis, Het Ommelander wapen op munt en penning, De Beeldenaar, jrg. 29 (2005), nr. 1, s. 30–39.

Yn alle gefallen wie it nije wapen yn 1579 al yn gebrûk. Yn dat jier waard it ôfbylde op munten en presinsjepennings dy't yn Appingedam foar de Ommelannen slein waarden. De Ommelânske hearen wiene net allegearre like ynnommen mei dy kar. Guon tiidgenoaten brochten it wapen yn ferbân mei Redbad, dy't yn lettere tradysjes ek as in heidenske en tirannike Fryske kening beskreaun waard. De figueren waarden yn dy tiid yn de Ommelannen ornaris as herten beskôge.

De hjoeddeistige ferklearring dat de trije blauwe banen de trije Ommelannen Hunsingo, Fivelingo en it Westerkertier foarstelle en de alve herten de alve ûnderkertieren, is fan lettere datum. Skiedkundige Johan Huizinga wiisde derop dat de ferbining fan de alve herten mei de ûnderkertieren net út de tiid fan it ûntstean fan it wapen sels stammet. Yn de 16e iuw waarden de figueren yn it foarste plak sjoen as de alve herten fan it saneamde Fryske keningswapen. Letter waard de yndieling fan it wapen lykwols wol ferbûn mei de bestjoerlike yndieling fan de Ommelannen. De provinsje Grinslân brûkt dy ferklearring ek foar it Ommelânske part fan it hjoeddeistige provinsjewapen.Vlag en wapen, Provinsje Grinslân.

In findel mei alve herten Der binne oanwizings dat it alve-hertemotyf al koart nei de ynfiering ek op findels brûkt waard. Yn in kronyknotysje oer Uithuizen út febrewaris 1581 wurdt melding makke fan in "veendell met die 11 harten" dat troch soldaten meinommen waard. De útjouwers fan it Diarium fan Egbert Alting beskôgen dat findel as de Ommelânske flagge.Egbert Alting, Diarium van Egbert Alting 1553-1594, notysje by 1 febrewaris 1581, útj. W.J. Formsma en R. van Roijen, 1964, DBNL. It is lykwols net bekend oft dat 16e-iuwske findel wat yndieling en foarm oanbelanget al folslein oerienkaam mei de lettere Ommelânske flagge.

Yn in ynstruksje fan de Ommelannen oan Frans fan Anjou út 1582 waard it wapen omskreaun as de "elff harten mitten blauwen ende witten dwarszbalcken". Om 1590 hinne waard it wapen yn kleur ôfbylde yn it Lineageboek fan Regnerus van Solckema. Dy foarstelling jildt as de âldste bekende kleure ôfbylding fan it Ommelânske wapen.

Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 waarden de stêd Grins en de Ommelannen feriene yn it gewest Stêd en Lân. It Ommelânske wapen bleau lykwols bestean en waard opnommen yn it nije wapen fan it gewest. Dêrtroch meitsje de blauwe banen en reade herten oant hjoed de dei ek diel út fan it wapen fan Grinslân.

Herten en pompeblêden De foarm fan de reade figueren wie yn de iere perioade net hielendal fêst. Yn 16e-iuwske boarnen waarden se meast as herten beskôge, mar yn lettere ieuwen waarden se ek wol as wetterlelieblêden of pompeblêden werjûn. Al yn de 17e iuw waard diskusjearre oer de fraach oft de figueren eins herten of blêden foarstelle moasten.

Ek de krekte pleatsing fan de figueren en de banen ferskilde yn histoaryske foarstellings. Op guon ôfbyldings steane de reade figueren op de blauwe banen, op oare tusken de banen, op in sulveren of wite eftergrûn. Yn de lettere Ommelânske tradysje kaam in wyt fjild mei trije blauwe skeanbanen en alve reade herten, yn de ferdieling 1–4–4–2, as gongbere foarm yn gebrûk.

It wapen waard yn de 17e en 18e iuw op ferskate plakken brûkt. It stie ûnder oaren op munten, segels, bodebussen, glêzen en brânskildere ruten. Ek hiene de Ommelânske hearen yn ferskate Grinzer tsjerken eigen hearebanken dy't mei it alve-hertenwapen fersierd wiene. Dêrtroch bleau it wapen folle sichtberder as de Ommelânske flagge sels.

Njoggentjinde en tweintichste iuw Yn de 19e iuw rekke it Ommelânske wapen bûten histoaryske en pleatslike rûnten foar in part op de eftergrûn. Ien fan de organisaasjes dy't it symboal brûken bleau, wie it studintegenoatskip Omlandia. De foarrinner dêrfan wie in 17e-iuwske studinte-natio foar studinten út de Ommelannen; it moderne genoatskip waard yn 1837 op 'e nij oprjochte as ûnderdiel fan it Grinzer studintekorps Vindicat atque Polit.Martin Hillenga, Vivat Omlandia!, Levend Erfgoed Groningen.

Omlandia brûkte it tradisjonele Ommelânske wapen. Yn 1884 krige it genoatskip in eigen findel, lykas de sustergenoatskippen Groningana, Frisia en Drenthena. Om 1900 hinne wie it ûnder de leden fan Omlandia nei alle gedachten al wenst om by it plak dêr't se gearkamen in Ommelânske flagge út te hingjen.Pieter L.C. Niemeijer, Vivat Omlandia. Wapen en vlag van de Ommelanden, Griffioen Pers, Noordhorn, 2004, ISBN 90-808561-1-8.

Ek de samler en amateurhistoarikus Pieter Hendrik Meekhoff Doornbosch (1870–1931) út Baflo, dy't oan 'e ein fan de 19e iuw yn Grins studearre, hong by feestlike gelegenheden in Ommelânske flagge út. Hy hie in grutte belangstelling foar de skiednis fan de Ommelannen en lei in grutte samling histoarysk materiaal oer it gebiet oan. Neffens streekkenner Jacob Tilbusscher (1876–1958) kaam it gebrûk fan de flagge bûten sokke rûnten lykwols mar komselden foar. Omlandia hat in wichtige rol spile by it yn stân hâlden en letter wer bekender meitsjen fan de flagge.

De Ommelânske en Fryske flagge hawwe in besibbe heraldyske eftergrûn, mar de beide moderne flaggen binne net streekrjocht faninoar ôflaat. Yn Fryslân kaam yn de 19e iuw op 'e nij belangstelling foar de âlde Fryske keningswapens. It Frysk Genoatskip begûn fan 1830 ôf in fariant fan it âlde Fryske wapen te brûken. Oan 'e ein fan de 19e iuw ûntstie dêrút de moderne Fryske flagge mei sân reade pompeblêden. De Ommelânske heraldyske tradysje mei alve herten wie doe al mear as trije iuwen âld.

By it ûntwerpen fan in eigen provinsjeflagge fan Grinslân waarden ek kleuren út de Ommelânske tradysje oernommen. De yn 1950 fêststelde Grinzer flagge krige reade en blauwe flakken dy't nei de Ommelannen ferwize; grien en wyt binne ûntliend oan it wapen fan de stêd Grins.Vlag en wapen, Provinsje Grinslân.

Weropkomst Fan om 1990 ôf waard de Ommelânske flagge wer faker as streekflagge brûkt. Troch de sterke oerienkomst yn kleuren, skeane banen en reade figueren waard se geregeld mei de folle bekender Fryske flagge betize. (De Ommelânske flagge hat alve reade herten, wylst de Fryske flagge sân reade pompeblêden hat; ek de rjochting en ferdieling fan de banen ferskille.)

Yn 1998 brocht dat Tonnis Dijksterhuizen út Uithuizermeeden derta om sels in flagge foar de Ommelannen te ûntwerpen. Syn flagge bestie út in wyt fjild mei dêrop it wapen fan 'e Ommelannen omjûn troch in brede goudkleurige râne. Dat lêste elemint, dat Dijksterhuis op fersyk fan 'e Dokkumer Vlaggen Centrale tafoege om't de wite banen fan it wapen oars yn it wyt fan it fjild oerrinne soene, wie in ferwizing nei de gaolden raand ("gouden râne") út it Grinslânsk folksliet (Ain Pronkjewail in gaolden raand / Is Grönnen: Stad en Ommelaand). Neffens Dijksterhuis wie der in protte fraach nei syn flagge en wiene der al sa'n 110 eksimplaren ferkocht oan gemeenten, bedriuwen en partikulieren. Op 18 july 1998 waard de flagge bgl. hyst troch de gemeente Iemsmûn., Groninger Ommelanden blij met eigen Friese vlag, yn: de Ljouwerter Krante, 9 septimber 1998. Der kaam neitiid lykwols ek in soad krityk op it nije ûntwerp, dat feksillologysk net ferantwurde wêze soe, en dêr't neffens de kritisy gjin ferlet fan wie om't der al in echte Ommelânske flagge bestie., Ommelander vlag, ynstjoerd stik yn 'e Ljouwerter Krante, 18 septimber 1998. De flagge fan Dijksterhuizen waard nei 1998 neat mear fan fernommen.

Yn 2017 laten de oerienkomsten fan 'e Ommelânske flagge mei dy fan Fryslân op 'e nij koart ta opskuor. Skiedkundige Max Koning skreau de provinsjebestjoeren fan Grinslân en Fryslân oan mei it fersyk op te treden tsjin wat er it ûnbedoelde "misbrûk fan it Ommelânske wapen" troch Fryske bedriuwen en partikulieren neamde. It provinsjebestjoer fan Fryslân naam de brief foar kundskip oan. Nei fragen yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân konkludearre ek it Grinzer provinsjebestjoer dat der gjin sprake wie fan ûnrjochtmjittich gebrûk fan it Ommelânske wapen.Deputearre Steaten fan Grinslân, brief oan Provinsjale Steaten oer it Ommelânske wapen, 19 desimber 2017.

Tsjintwurdich wurdt de flagge brûkt as histoarysk symboal en as streekflagge fan de Ommelannen. It ûntwerp ferwiist net allinnich nei de skiednis fan it Grinzer plattelân, mar ek nei it Fryske ferline fan de Ommelannen en nei de heraldyske tradysjes dy't yn de 16e iuw foar it Ommelânske wapen brûkt waarden.

Sjoch ek Ommelannen Flagge fan Fryslân

Kategory:Frysk symboal Kategory:Grinslânsk symboal Ommelanden