Mondial Rides is in Fryske bouwer fan attraksjes.

Mondial bout benammen attraksjes dy't ferpleatsber binne, lykas it reuzerêd en oar meganysk fertier op hichte. As leveransier is Mondial dêrom tige bekend by merke-eksploitanten, mar se leveret ek geregeld oan attraksjeparken. It bedriuw waard yn 1979 oprjochte en is fêstige yn Terbant.

Yn novimber 2015 boude Mondial Rides it grutste transporteerbere reuzerêd fan de wrâld. It rêd is 70 meter heech en telt 48 gondels. It waard boud foar in Frânske ûndernimmer.

Attraksjes boud troch Mondial

Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1979 Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Nederlânske attraksjebouwer Kategory:Terbant