De kardinaalwever (Quelea cardinalis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e weverfûgels (Ploceidae) binnen it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken It mantsje fan 'e kardinaalwever is yn it briedkleed in opfallende fûgel mei in reade kop. Ferlike mei it mantsje fan 'e readbekwever (Quelea quelea) hat er minder read yn 'e nekke, mar mear op it boarst. Wyfkes en mantsjes bûten de briedtiid binne minder opfallend brún streke en ha bêzje wynbraustreken.
Fersprieding en systematyk De kardinaalwever komt foar yn in gebiet fan Súd-Sûdan, it noardeasten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Uganda en West-Kenia yn it noarden oant Sintraal- en East-Sambia en Sintraal-Malawy yn it suden. Bûten it briedseizoen wurdt de soarte ek wolris waarnommen yn Etioopje. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, of ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Quelea cardinalis cardinalis – Súd-Sûdan, Súd-Etioopje, Uganda, Noardwest-Kenia, Rûanda en Noardwest-Tanzania Quelea cardinalis rhodesiae – Sûdeast-Kenia, Tanzania en Sambia
Hâlden en dragen De kardinaalwever komt foar yn fochtige gerslannen en ferskynt dêr nei reinfal. Territoriale mantsjes binne maklik te sjen, mar bûten it briedseizoen libbet de fûgel ûnopfallend yn kloften mei oare wevers en finken.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natoer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as 'net bedrige' (Least Concern of LC).
Kategory:Readbekwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia