De readkopkweleä (Quelea erythrops) is in Afrikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e weverfûgels (Ploceidae) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken De readkopkweleä is in lytse (11 sm) weverfûgel mei in koarte sturt. Hy liket in soad op 'e kardinaalwever (quelea cardinalis), mar it read op 'e kop rint mar in lyts stikje troch oant op it boarst en de snaffel is donkerbrún ynstee fan swart. Wyfkes yn briedkleed ha in ljochtoranje gloed op it gesicht en de kiel. Fûgels bûten de briedtiid en jonge fûgels lykje in soad op 'e kardinaalwever, mar binne wat grutter en ha in ljochtere kiel.

Fersprieding en systematyk De readkopkweleä komt foar yn gerslannen yn hiel Afrika besuden de Sahara, fariëarjend fan westlik Senegal en Gambia, Guinee-Bissau en Maly (yn it streamgebiet fan 'e Niger) yn eastlike rjochting oant Nigearia, Kameroen, de Sintraal-Afrikaanske Republyk, it westen en noardeasten fan de Demokratyske Republyk Kongo, Súd-Sûdan, súdwestlik Etioopje en Kenia. De soarte komt ek fierder nei it suden foar, yn Sao Tomee, Gabon en it súdwesten fan de Republyk Kongo, en mear ynlânsk lâns de rivieren de Kongo en de Ubangi. It ferspriedingsgebiet rint troch oant yn noardwestlik Angoala, Sambia, Malawy, súdeastlik Mozambyk en de kustkrite fan Súd-Afrika (KwaZulu-Natal). Ek wurdt de fûgel wolris waarnommen yn noardeastlik Namybje en noardlik Botswana (yn 'e Caprivistripe) en oan 'e Simbabwaanske kant fan 'e Sambezy.

Der binne insidintele waarnimmingen yn it Feriene Keninkryk en Spanje, al wurdt it net oannimlik achte dat de soarte dêr op natuerlike wize kommen is. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten ûnderskieden wurde.

Hâlden en dragen De readkopkweleä komt foar yn fochtige gerslannen en oangrinzgjende bosken. It iten bestiet yn 'e regel út gerssied.

Status en bedrigings De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje; der binne gjin oanwizings foar grutte bedrigingen. Op grûn fan dizze kritearia kwalifisearret de IUCN de soarte as 'net bedrige' (Least Concern, LC). De omfang fan 'e wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as algemien oant tige algemien.

Kategory:Readbekwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe