De lytse wurger (Lanius minor) is in fûgel dy't heart ta de famylje fan 'e wurgerfûgels. Hy briedt yn eastlik Jeropa en westlik Aazje, mar ek op it Ibearysk skiereilân. Om te oerwinterjen trekt er nei súdlik Afrika. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt as net bedrige beskôge.

Skaaimerken thumb|left|Pearke lytse wurgers De lytse wurger is in middelgrut (19–21 sm) lid fan 'e famylje. Mei in swart, wyt en griis fearrekleed en in wyt plak op 'e primêre hânfearren liket er op 'e skatekster, mar hy hat in swarte foarholle (by it wyfke wat smeller). De sturt is ek koarter en de wjukspiten op de sitrende fûgel binne langer. It boarst en de bûk binne skier salmroze.

In juvenyl hat boppe in fyn skobbich patroan op 'e fearren en gjin swarte foarholle. De juvenyl kriget yn it earste winterkleed it folwoeksen fearrekleed, mar hat dan noch gjin swart gesicht.

Fersprieding en systematyk De lytse wurger is in trekfûgel dy't briedt fan súdeastlik Jeropa en it Ibearysk skiereilân, fierder eastlik oant Sibearje en Sintraal-Aazje. Hy oerwinteret yn súdlik Afrika. De fûgel wurdt of as monotypysk behannele, of opdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Lanius minor minor – fan noardeastlik Spanje en súdlik Frankryk, Itaalje nei it easten ta oant it Oeralberchtme. Lanius minor turanicus – fan it Oeralberchtme nei it Russyske Altai en noardwestlikste part fan Sina (noardwestlik Xinjiang).

De fûgel wurdt as dwaalgast waarnommen yn westlik Jeropa, meastal yn 'e maitiid.

Ekology De lytse wurger hat in foarkar foar iepen leechlân. Hy jaget fan in strategyske útsjochpost, fan elektrisiteitstriedden of fan in tûke en libbet benammen fan ynsekten lykas flinters, grutte miggen en gaanders dy't er yn 'e flecht of op 'e grûn fangt. Yn mindere mjitte yt er fruchten. De lytse wurger spytst syn proaien bytiden op stikels, mar folle minder as in soad oare wurgers. Hy hat dy oanstried allinnich as der in grutte beskikberens fan iten is, wat selden it gefal is. thumb|left|Aaien It nêst wurdt leafst boud yn in beam dy't allinne stiet mei in goed sicht op 'e omkriten. It plak fan it nêst is sawat 4 oant 10 meter boppe de grûn en wurdt troch beide âlden boud fan plantemateriaal en ôfset mei wol, hier, woartels en fearkes. In lechsel bestiet út fiif oant sân aaien dy't faak blau-grien binne mei grienbrune plakken. Somtiden kinne se ek krêm- of sânkleurich wêze mei rôzebrune plakken. De aaien mjitte yn trochsneed 26,1 x 18,2 mm. Se briede tegearre, mar it wyfke docht dat it measte, en de jongen komme nei likernôch fyftjin dagen út. Beide âlden fuorje de jongen, dy't nei sawat fjirtjin dagen nei it útkommen útfleane. De lytse wurger leit ornaris ien lechsel per briedseizoen.

Status en bedrigings De lytse wurger hat in wrâldpopulaasje dy't rûsd wurdt op tusken 1,4 en 2,9 miljoen folwoeksen fûgels en de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Dêrom klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De ûntwikkelingstrend fan 'e wrâldpopulaasje is lykwols negatyf. De tebekgong kin te krijen hawwe mei wietere simmers, wat de hoemannichte ynsekten ferminderet. In oare faktor kin de skaalfergrutting yn 'e lânbou wêze, wêrby't de lytse ikkers dêr't de lytse wurger fan ôfhinklik is omset wurde yn gruttere stikken lân. Om dy reden is de soarte opnommen as bedrige yn 'e Fûgelrjochtline fan 'e EU.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Monako