De Somalyske wurger (Lanius somalicus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken De Somalyske wurger is in lytsere wurger mei in swart, wyt en griis fearrekleed. Op 'e wjuk binne in pear wite plakken, dy't lykas ek de wite bûtenste sturtpinnen yn 'e flecht opfalle. De soarte liket op 'e Taitawurger (Lanius dorsalis), mar dy lêste hat mar ien wyt plak op 'e wjuk. De wjerheljende rop bestiet út piipjende toanen yn in stiigjend patroan, trochstrings heger en skerper as dy fan 'e Taitawurger.
Fersprieding en systematyk De Somalyske wurger libbet yn drûge gebieten mei stikelstrûken yn 'e Hoarn fan Afrika. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Hâlden en dragen De fûgel komt foar op savannes en drûch gerslân. Hy wurdt faak op opfallende plakken sittend waarnomen, meastentiids yn pearkes.
Status De Somalyske wurger hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt stabyl achte. De IUCN klassifisearet de fûgel dêrom as net bedrige (Least Concern, LC) op 'e Reade List.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan