De Taitawurger (Lanius dorsalis) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken De Taitawurger is in lytse wurger mei in swart, wyt en griis fearrekleed. Tusken de skaaien binne gjin ferskillen yn it fearrekleed, al kin it wyfke in lyts kastanbrún plak op 'e flanken hawwe. Opfallend yn 'e flecht binne it lytse wite plak op 'e wjuk en de wite bûtenste sturtpinnen. De soarte hat in soad fan 'e Somalyske wurger, mar is oars om't er mar ien wyt wjukplak hat.
Fersprieding en systematyk De Taitawurger komt foar yn it súdeasten fan Súd-Sûdan, it noardeasten fan Uganda, Etioopje, Somaalje, Kenia en it noardeasten fan Tanzania. De soart wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
Hâlden en dragen De fûgel komt foar op drûge savannes en gerslân en wurdt faak sittend en rjochtopsteand op in opfallend plak waarnommen, faak yn pearkes.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige op 'e Reade List (Least Concern, LC).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda