Paraíba is ien fan 'e 26 steaten fan Brazylje. Paraíba leit yn it noardeasten fan it lân en grinzget oan 'e steaten Rio Grande do Norte yn it noarden, Ceará yn it westen en Pernambuco yn it suden. Yn it easten leit de Atlantyske Oseaan. De steat mei de standertôfkoarting PB hat in oerflak fan likernôch 56.470 km², sawat 1,68 kear sa grut as it lânoerflak fan Nederlân.
De haadstêd is João Pessoa. Sawat 66% fan it grûngebiet fan 'e steat leit tusken de 300 en 900 meter boppe de seespegel.
Skiednis Foar de Europeeske kolonisaasje waard de kustkrite fan it hjoeddeistige Paraíba bewenne troch lânseigen folken lykas de Tabajara en de Potiguara. Earste kolonisaasje en lânseigen ferhâldings Yn 1500 lanne de Portegeeske ûntdekkingsreizger Pedro Álvares Cabral op 'e noardeastkust fan Brazylje. Hy easke it gebiet op foar it Portegeeske Ryk neffens it Ferdrach fan Tordesillas. De echte kolonisaasje kaam lykwols pas nei 1534 op gong, oantrune troch de groeiende Frânske oanwêzigens yn 'e regio. Yn dat jier ferdielde kening Jan III it gebiet yn fyftjin kapteinskippen. It grutste part fan wat no Paraíba is, foel ûnder it kapiteinskip Itamaracá. It kapteinskip Itamaracá hie lykwols in soad lêst fan Frânske seerôverij. Dy wie benammen rjochte op 'e handel yn brazylhout, bistehûden en amber. De Frânske keaplju sletten nauwe saaklike bannen mei de Potiguara-stammen, dy't yn ruil foar Frânske keapwaar brazylhout foar de Frânske tekstylyndustry leveren. Wylst de koloniale befolking groeide, waarden der kleasters, tsjerken en sûkermûnen geboud. thumb|left|17e-iuwske kaart fan Paraíba De oarspronklik relatyf goede ferhâldingen tusken de Portegezen en de lânseigen Tupí-folken feroare lykwols gau. Dat kaam meidat de kolonisten jimmeroan mear gebiet taëigenen foar de oanlis fan sûkerreidplantaazjes en de Portegezen twangarbeid oplei oan 'e lânseigen minsken. Ek oerfallen op lânseigen doarpen troch kolonisten om slaven te fangen droegen by oan jimmeroan gruttere spanningen. Yn 1574 berikten de spanningen in hichtepunt doe't de troch de Frânsen oanfitere Potiguara mei sa'n 2000 man de sûkerreidplantaazje fan Tracunhaém oanfoelen, wêrby't alle ynwenners útroege waarden. Dy oanfal soarge foar in grut skok yn Lissabon en kening Hindrik besleat dêrop it keninklike kapteinskip Paraíba op te rjochtsjen, dat streekrjocht ûnder de Portegeeske kroan foel.
De trageedzje wie de direkte oanlieding foar de Potiguara-oarloch, dy't duorre fan 1574 oant 1599. Nei ferskate mislearre ekspedysjes slagge de Portegeeske bestjoerder Fructuoso Barbosa der yn 1585 yn om in ferdrach te sluten mei de Tabajara-stam. Mei harren help waarden de Frânsen en de Potiguara foaral ferdreaun en waard de haadstêd Nossa Senhora das Neves (it hjoeddeiske João Pessoa) stifte.
Nederlânsk-Brazylje (1634–1654) Yn it ramt fan 'e Tachtichjierrige Oarloch rjochte de West-Yndyske Kompanjy (WYK) har op 'e ynname fan 'e Portegeeske sûkerreidgebieten. Portegal wie op dat stuit troch de Ibearyske Uny ferbûn mei de Spaanske kroan). Nei de ferovering fan Pernambuco yn 1630 foel de WYK yn desimber 1634 ek it kapteinskip Paraíba binnen. thumb|left|Nederlânsk-Brazylje yn syn grutste omfang Under de WYK krige de haadstêd de nije namme Frederikstad (nei steedhâlder Frederik Hindrik). It strategysk lizzende Fort Santa Catarina oan 'e mûning fan 'e Paraíba-rivier waard omdoopt ta Fort Margaretha. Yn 'e perioade fan it Nederlânsk bestjoer – benammen ûnder gûverneur-generaal Jehan Maurits fan Nassau-Siegen – waard de sûkerreidsektor fierder ferbettere en útwreide. Dy sitewaasje duorre oant 1654, doe't de Portegezen nei in langduorjende opstân (Insurreição Pernambucana) de Nederlanners definityf ferdreaun en it gebiet wer yn besit namen.
Lettere ûntwikkeling thumb|260px|João Pessoa Cavalcanti de Albuquerque Yn 'e 18e en 19e iuw bleau Paraíba in wichtich agrarysk sintrum, foaral troch de wolfeart yn 'e sûker- en katoentylt. Yn 1822 waard de steat in provinsje fan it Keizerryk Brazylje. Yn 'e 20e iuw wie de politike moard op 'e provinsjale gûverneur João Pessoa Cavalcanti de Albuquerque yn 1930 de streekrjochte oanleiding foar de Brazyljaanske revolúsje, dy't Getúlio Vargas oan 'e macht brocht. Hjirnei waard de haadstêd ter eare fan 'e fermoarde politikus omneamd ta João Pessoa.
Geografy en klimaat thumb|left|Planalto da Borborema De geografy fan Paraíba is te ferdielen yn fjouwer lânskipssônes: de fochtige kuststreek, de oergongssône, it sintrale Borborema-plato (Planalto da Borborema) en de drûge Sertão yn it binnenlân. It klimaat oan 'e kust is fochtich en subtropysk mei in soad delslach, wylst it yn it binnenlân ferskood nei in semi-aride klimaat mei faak drûchte en yn it jier minder as 500 mm rein. It Borboremaplato hellet hichten fan mear as 1000 m mei de Pico do Jabre (1197 m) as heechste punt.
De rivieren fan Paraíba hearre ta it Noardeastlik Atlantysk Bekken en wurde opdield yn bekkens: kustrivieren dy't nei it easten streame (lykas de 360 km lange Rio Paraíba en de Rio Mamanguape) en rivieren yn 'e Sertão dy't nei it noarden nei Rio Grande do Norte streame (lykas de Rio Piranhas). De measte rivieren yn it binnenlân binne tydlik en steane yn it drûge seizoen drûch.
De fegetaasje fariëarret fan tichte mangroves en Atlantysk reinwâld oan 'e kust oant de karakteristike caatinga yn it binnenlân mei in begroeiïng fan kaktussen lykas de mandacaru en xique-xique en planten dy't goed tsjin drûchte kinne.
Befolking Etnyske gearstalling Neffens offisjele sifers fan 'e Brazyljaanske folkstelling (Censo Demográfico 2022) fan it IBGE (Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística) wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking fan Santa Catarina (op basis fan selsidentifikaasje) as folget:
Mingde komôf (Pardos): 52,9% Blanken (Brancos): 36,3% Swart (Pretos): 9,9% Lânseigen / Yndianen (Indígenas): 0,8% Aziaten (Amarelos): 0,1%
Yn ferliking mei it suden fan Brazylje hat Paraíba in folle grutter oandiel ynwenners fan mingde komôf (pardos) en mei in Afrikaanske eftergrûn (pretos). Yn 'e lêste desennia is it persintaazje minsken dat himsels as pardo of preto identifisearret fierder tanommen.
Befolkingsûnwikkeling + Befolkingsûntwikkeling Paraíba (1872–2022) Jier 1872 1890 1900 1920 1940 1950 1960 Ynwennertal 376.226 457.232 490.784 961.106 1.422.420 1.713.259 2.011.028 Groei — +21,5% +7,3% +95,8% +48,0% +20,4% +17,4% Jier 1970 1980 1991 2000 2010 2022 Ynwennertal 2.379.145 2.770.150 3.200.677 3.443.825 3.766.528 3.974.687 Groei +18,3% +16,4% +15,5% +7,6% +9,4% +5,5%
Grutste gemeenten De measte ynwenners wenje yn 'e kustkrite. De grutste stêden binne: thumb|260px|Histoarysk sintrum fan João Pessoa + Grutste gemeenten yn Paraíba (Sensus 2022) Plak Stêd Ynwennertal 1. border|20px João Pessoa 833.932 2. border|20px Campina Grande 419.379 3. border|20px Santa Rita 149.910 4. border|20px Patos 103.165 5. border|20px Bayeux 82.742 6. border|20px Sousa 67.408 7. border|20px Cabedelo 66.519 8. border|20px Cajazeiras 63.239 9. border|20px Conde 27.605 10. border|20px Caaporã 21.193 Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Ynwennertal neffens de Sensus fan 2022
Religy It oandiel katoliken yn Paraíba is de lêste desennia wat ôfnommen, mar bliuwt fierwei de grutste religieuze streaming yn 'e steat. It oandiel fan 'e protestantske tsjerken en fan minsken sûnder religy is tanommen. thumb|260px|Karmel fan João Pessoa + Religieuze gearstalling van Paraíba (Sensus 2022) Religieuze streaming Ynwennertal Persintaazje roomsk-katolyk 2.367.779 68,96% protestantsk 712.180 20,74% sûnder religy 228.618 6,66% spiritisme 32.148 0,94% Afro-Brazyljaanske religys (Umbanda / Candomblé) 13.911 0,41% oare religys / net opjûn 78.051 2,29% Boarne: Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE) – Religieuze gearstalling neffens de Sensus fan 2022
Kultuer Festa Junina (Sint-Jânsfeesten) thumb|left|Sint-Jânsfeest yn Campina Grande It Junyfeest (Festa Junina) waard yn Noardeast-Brazylje yntrodusearre troch de Portegezen, foar wa't Sint-Jânsdei op 24 juny (yn meardere Jeropeeske lannen ek fierd as midsimmerfeest) ien fan 'e âldste fieringen fan it jier is. Oars as by it Jeropeeske midsimmerfeest meitsje de feestlikheden yn Brazylje gjin diel út fan 'e langste dei, mar fan 'e koartste dei. Yn dy fyftjin dagen binne der freugdefjoeren, fjoerwurk en folksdûns op strjitte. Wat ea in plattelânsfeest wie, is hjoed-de-dei yn Brazylje foaral in stedsfeest woarn. It feest begjint tradisjoneel nei 12 juny, op 'e jûn foar de feestdei fan Sint-Antonius, en duorret oant 29 juny (de feestdei fan Sint-Petrus en Sint Paulus).
De tiid fan fjouwer dagen foar de fêsteltiid, is de tiid fan it karnaval yn Brazylje, dat lykwols wol wat minder útskroeven as yn Rio de Janeiro fierd wurdt. Benammen yn 'e haadstêd wurdt it karnaval op strjitte fierd mei muzyk en optochten.
Natuer thumb|left|Nasjonaal Park Serra do Teixeira Paraíba hat mar ien federaal nasjonaal park: it yn 2023 oprjochte Nasjonaal Park Serra do Teixeira. Dit park beslacht mear as 61.000 hektare yn it binnenlân en beskermet de biodiversiteit fan it caatinga-bioom en it berchgebiet dêr't ek de Pico do Jabre leit. thumb|260px|130 miljoen âlde fuotprinten fan dinosaurussen yn it Monumento Natural Vale dos Dinossauros. Dêrnjonken hat de steat ferskate provinsjale parken (parques estaduais), lykas it Steatspark Pedra da Boca, dat bekend stiet om syn karakteristike rotsformaasjes, en it Monumento Natural Vale dos Dinossauros yn Sousa, in wichtich paleöntologysk gebiet mei fossile dinosaurusspoaren.
Ekonomy De ekonomy fan Paraíba foarmet rûchwei 0,8% fan it Brazyljaanske bruto binnenlânsk produkt (BBP). De tsjinstesektor is it wichtichste ûnderdiel fan e ekonomy, folge troch de yndustry en de lânbou.
De tsjinstesektor mei it opkommende toerisme foarmet mear as de helte fan 'e ekonomy. De yndustry fan 'e steat is foaral konsintrearre om de gruttere stêden lykas João Pessoa en Campina Grande. Wichtich yn 'e produksje is de fabrikaazje fan skuon en learprodukten. Dêrnjonken foarmet de tekstylyndustry (foaral it ferwurkjen fan katoen) en de ferwurking fan sûkerried ta sûker en ethanol in grutte rol yn 'e eksport.
Hoewol't it oandiel fan 'e lânbou yn it BBP net hiel grut is, bliuwt it in tige wichtich ûnderdiel foar it ynkommen op it plattelân. Histoarysk wurdt de lânbou dominearre troch de bou fan sûkerreid yn 'e fochtige kustkrite. Yn 'e drûgere binnenlannen komt de tylt fan ananas, mais, beanen en sisal (agavefizel) in soad foar. De feehâlderij rjochtet him benammen op de fleis- en molkeproduksje fan kij. Oan 'e kust is de fiskerij en de kweek fan skaaldieren en kreeft wichtich foar de eksport.
It toerisme is de lêste desennia tanommen. Toeristen komme foa de tropyske strannen, lykas de Ponta do Seixas. Ek op de grutte feesten, lykas it karnaval en it Sint-Jânsfeest yn Campina Grande, komme in soad ynlânske en ynternasjonale toeristen ôf.
Ferfier en ynfrastruktuer Paraíba hat in goede ynfrastruktuer mei de federale sneldiken BR-101, dy't noard-súd by de kust lâns rint, en de BR-230]] (Transamazônica), dy't de haadstêd fan east nei west ferbynt mei it binnenlân.
Foar de loftfeart beskikt de steat oer twa wichtige kommersjele fleanfjilden: thumb|260px|Ynternasjonaal fleanfjild Presidente Castro Pinto It Aeroporto Internacional Presidente Castro Pinto, leit yn Bayeux oan 'e râne fan João Pessoa en is de wichtichste poarte foar it toerisme en ynternasjonaal ferkear. It Aeroporto Presidente João Suassuna yn Campina Grande hat foaral in regionale funksje foar de yndustry en it binnenlân.
Kategory:Steat fan Brazylje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1889