De Swahilywurger (Lanius cabanisi) is in fûgel út 'e famylje fan 'e wurgerfûgels (Laniidae) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).

Skaaimerken thumb|left|Juvenilen Krekt as by ferskate oare wurgers is it fearrekleed fan beide skaaien gelyk. It fearrekleed fan jonge fûgels wykt lykwols wol ôf. Folwoeksen fûgels binne 26–30 sm grut en weagje 69–80 gram, wêrby't de mantsjes trochstrings wat swierder binne. De sturt fan 'e fûgel is opfallend lang. Folwoeksen eksimplaren binne fan 'e Taitawurger (Lanius dorsalis) – dy't yn itselde gebiet foarkomt – te ûnderskieden troch de grize rêch en foarsere bou.

Jonge fûgels lykje mei harren mear swarteftige rêch op 'e Taitawurger.

Fersprieding en leefgebiet De soarte komt foar yn Súd-Somaalje, Súdeast-Kenia (fan 'e ouwers fan 'e Fiktoariamar oant oan 'e kust) en Noardeast-Tanzania, oant oan 'e stêd Dar es Salaam yn it suden. Der is ek in isolearre populaasje by de Usangaflakte. De fûgel libbet yn drûge, beamleaze savannes, op iepen boskgebiet of kultuerlânskip.

Ekology De Swahilywurger is te sjen yn lytse groepen op hege plakken lykas telefoantriedden. Se swypkje faak mei de sturt hinne en wer, krekt as binne se oerémis.

It fretten bestiet út ynsekten, fral krobben en sprinkhoannen, en út lytse wringedieren lykas hagedissen, slangen of lytse fûgeltsjes. De jacht wurdt allinnich of yn lytse groepen útfierd, dy't foar wurgers eigen is. Se fleane sawat twa meter boppe de grûn om proaien te finen en dûke dan nei ûnder om de proai fan 'e grûn te fangen. Yn 'e Keniaanske provinsje Coast is waarnommen dat de Swahilywurger gearwurket mei de readsnaffelbuffelwever (Bubalornis niger). De wurger fangt sprinkhoannen en oare ynsekten dy't by it foerazjearjen troch de wever opskrikke, wylst de wever profitearret fan 'e wachens fan 'e Swahilywurger.

Systematyk Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de Swahilywurger minder besibbe is oan oare Lanius-soarten as de gielsnaffelwurger (Lanius corvinus) en de eksterwurger (Lanius melanoleucus), soarten dy't earder yn in eigen skaai ûnderbrocht waarden. De Swahilywurger soe òf yn in eigen skaai set wurde moatte, of de gielsnaffelwurger en de eksterwurger soene yn it skaai Lanius opnommen wurde moatte. De ynfloedrike ynternasjonale taksonomyske autoriteit Clements et al. hat foar de lêste oplossing keazen.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wurger Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania